Hannes Weiss

Hannes Weiss (1928 – 19 juny 2011) wie in Nederlânsk Roma-lieder, dy't benammen fan 'e sechtiger jierren fan 'e tweintichste iuw ôf fan grutte betsjutting wie foar syn folk.

Hannes Weiss
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Hannes Weiss Nederlânsk
berne 1928
stoarn 19 juny 2011
etnisiteit Hannes Weiss Roma
wurkpaad
aktyf as foaroanman fan 'e Sinty yn
   Nederlân
jierren aktyf ±19652011
reden
  bekendheid
lieder fan 'e beafearten foar
   Sinty en wenweinbewenners

Libben

Weiss waard yn 1928 berne yn in wenweinkamp fan 'e Sinty, in subgroep fan 'e Roma, yn 'e provinsje Noard-Brabân. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferlear er 21 famyljeleden oan 'e Porajmos, de genoside fan 'e nazys op 'e Roma, mar ûntkaam dêr sels oan troch ûnder te dûken. Fan syn iere middeljierren yn 'e jierren sechtich ôf ûntjoech er him ta ien fan 'e wichtichste lieders fan syn folk yn Nederlân. Sa late er in grut tal beafearten fan 'e Sinty (dat fromme roomsen binne) nei it bûtenlân.

Yn 1982 slagge it him om yn 'e mande mei Sinty-lieder Dirk Wagner en de marianityske pater Jan van der Zandt de earste binnenlânske beafeart foar sawol Sinty as (etnysk Nederlânske) wenweinbewenners te organisearjen, te witten nei de Kapel in 't Zand yn Roermûn. Sûnt 1982 fynt dit barren op jierlikse basis en mei meiwurking fan 'e Roermûnske befolking elts jier plak. Hichtepunt fan dizze beafeart is de prosesje mei in Marijebyld út 'e kapel, itselde dat noch yn 1982 út eangst foar dieverij foar de Roma op in sideplak brocht waard.

Hast tritich jier lang wie Hannes Weiss organisator en lieder fan dizze pylgertocht. As útfloeisel dêrfan hied er gedoente mei premier Dries van Agt en mette er sawol keninginne Beatrix as paus Jehannes Paulus II. Hy ferstoar yn 'e âlderdom fan 83 jier yn 2011. Syn dochter Lalla Weiss is ek in foaroansteand Sinty-lieder en de ûnoffisjele wurdfierster fan 'e Roma-mienskip yn Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

19 juny19282011NederlânRoma (folk)Tweintichste iuw

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

CountryKrisjnaEastlike fjildmûsOrgasmeJade Kush6 novimberMisjonarishâldingFeankeninginneYndoneezjePersia MonirLibbenRhylee RichardsSeksuele yntimidaasjeBeierske wrotmûsJohnny Sins4 maartFeriene KeninkrykGeslachtsmienskipLesotoNasjonale feestdeiAdolf Hitler22 febrewarisJean-Yves LecastelNew York Stock ExchangeFerstoarHylperskHantsjemierFen Fryske GrounArtefakt (archeology)Skiednis fan FryslânHollânErika Bella1901FryslânFellatioKristoffel Kolumbus1950-er jierrenBoedismeAmerican Music AwardAldskouBart Jan SpruytNASAWhitney TaylorVoodoo (pornografysk akteur)MuzykISO 3166-1Domtsjerke fan MantuaLexi DiamondFrouMickey MouseNoelle EastonAfganistanGraham SwiftKleurSuze Boschma-Berkhout6 maartSandy Milz1949Criss StrokesNederlânShrima MalatiNicole BexleyWesterske wrâldDavid GilmourFryskNasalearringHelen DuvalHeather LeeMiranda WerkmanDemokrasy🡆 More