Trinus Riemersma

Trinus Riemersma (Ferwert, 17 maaie 1938 - Ljouwert, 15 maart 2011) wie in Fryske taalkundige, skriuwer en kollumnist.

Trinus Riemersma
Trinus Riemersma skriuwer
Trinus Riemersma by syn promoasje (1984)
Trinus Riemersma by syn promoasje (1984)
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Jelke Bos
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 17 maaie 1938
berteplak Ferwert
stoarn 15 maart 2011
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
bekendste
  wurk(en)
Fabryk, De reade bwarre, Sinleas geweld
prizen Rely Jorritsmapriis, Gysbert Japicxpriis
offisjele webside
Myn eigen eker

Biografy

Trinus Riemersma waard opbrocht yn in otterdoks-herfoarme húshâlding. Syn heit wie boerarbeider; hy wie de jongste fan fjouwer. Hy gie nei de kweekskoalle yn Dokkum en waard dêrnei ûnderwizer en stie oan de kristlike legere skoalle fan Gau. Yn Gau krige er dien nei oanlieding fan de opskuor oer de seksuele passaazjes yn syn roman Minskrotten-Rotminsken en waard doe troch Josse de Haan nei de iepenbiere skoalle fan Hjerbeam helle. Underwilens studearre er foar de M.U-B-akte Frysk. Yn 1979 helle er syn doktoraal Frysk. Hy promovearre yn 1984 op in dissertaasje oer Proza van het platteland. De stúdzje gie oer de noarmen en wearden yn it grutter Frysk proaza, skreaun tusken 1855 en 1945. Riemersma wurke, oant it ferdwinen fan de ôfdieling Frysk dêr, as wittenskiplik meiwurker oan de Frije Universiteit yn Amsterdam by Tony Feitsma. Letter wie er dosint Frysk oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Yn 1996 naam er ôfskie fan it ûnderwiis doe't longkanker by him fêststeld wie.

Trinus Riemersma stie bekend as ien dy't tsjin de stream yn doart te swimmen. Yn de 60'er en 70'er jierren wiene de tema's yn syn wurk faak kontroverseel en it taalgebrûk in syn romans wie fan in direktens dy't guon lju wreed fûnen. De staveringwiziging fan 1980 liet him beslute om in eigen Fryske stavering te brûken. Yn de 80'er jierren hat er dochs mar de oerstap nei de offisjele stavering makke.

Trinus Riemersma krige twa kear de Gysbert Japicxpriis: Yn 1967 foar syn earste roman, Fabryk, en yn 1995 foar de roman De Reade Bwarre. Foar syn ferhalen krige Riemersma seis kear de Rely Jorritsmapriis.

Yn 1970 wie Riemersma mei Teije Brattinga en Geart van der Zwaag oprjochter fan de Koperative Utjouwerij dy't oant yn 2007 bestien hat. Fan 2003 oant 2008 wie Riemersma mei syn frou en kollegaskriuwers Josse de Haan en Reinder Rienk van der Leest dwaande foar útjouwerij Venus.

Bibliografy

Romans

  • Fabryk 1, (1964)
  • By de hannen om't ôf (1965)
  • Minskrotten-Rotminsken 1, (1966)
  • De moardner komt werom (1967, detektive)
  • De hite simmer (1968)
  • De mon sûnder gesicht (1973, detektive)
  • Jest yn 'e Ardinnen (1974)
  • Myksomatoze (1974)
  • De skjintme vurt ferbwólgwódde (1981)
  • De reade bwarre (1984)
    • 2022 fannijs útbrocht yn it standertfysk as De reade boarre
  • Bretagne libre! (1998, novelle)
  • Toate-los (1998, novelle)
  • Nei de klap (1999)
  • Sinleas geweld (2000)
  • Tinzen oer it Libben en de Dea (2001, ûnder pseudonym: Jelke Bos)
  • De nije Sineeske muorre: polityk-ynkorrekte roman (2004)
  • De fûgel (2006)
  • De fûgel: audioboek, foarlêzen troch Wouter van der Wal (2008)
  • De acht foar achten trein (2009)

1 Fan Fabryk en Minskrotten ferskynden ek Hollânske oersettingen, beide fan de hân fan Rudy Boltendal: Fabriek (1965) en De verwoesting van Leeuwarden (1968). Letter waard ek Nei de klap yn it Hollânsk útbrocht as Na de klap.

Ferhalebondels

  • De duvel misbiteard (1967)
  • Myn folk, myn biminden (1970)
  • Oant du dea der óp fólget (1973)
  • Fôi en fredeloas (1977)
  • In fearnhûndert ferhalen (1996)
  • Salang't de beam bloeit (2000)

Dichtwurk

  • 25 fersen efteryn De hite simmer (1968)
  • Riemersma II:26-50 (1970)
  • Roazen ferwylje (1972)
  • Teksten fwar ien hear (1973)
  • Argewaasje fûn - argewaasje jûn (1996)

Toaniel

  • Elkenientsje (1970)
  • De skriuwer fan it doarpsbelang (1986)
  • Try-out (1995)
  • It Feest (bewurking fan it script fan de film Festen fan Thomas Vinterberg) (2005)

Ferskaat

  • It koarte ferhaal yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (1977)
  • Type en talees (Un stúdzje oer it point of view) (1980)
  • Proza van het platteland. Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (dissertaasje) (1984)
  • Healwize oanslaggen (filmesenario) (2003)
  • Op 'e nekke fan 'e wrâld (Kar út 'e kollums fan 1992-2002) (2004)
  • Op de barrikaden en der by del : Literêre striidskriuwerij 1965-1970 (2005)
  • Hoe binne de helten fallen (besoarger: artikels oangeande Bauke de Jong syn krityk op E.B. Folkertsma) (2006)
  • De kul oer it skouder (besoarger: artikels oer literêr tydskrift Quatrebras) (2007)
  • Diktatuer fan it frije wurd (In kar út de kollums fan 2002-2011) (2011)

Oer Trinus Riemersma

  • Antsje Swart, Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma. Mei yllustraasjes fan Friduwih Riemersma. Utjouwerij Grotesk (2020)

Prizen

Keppelings om utens

Tags:

Trinus Riemersma BiografyTrinus Riemersma BibliografyTrinus Riemersma PrizenTrinus Riemersma Keppelings om utensTrinus Riemersma15 maart17 maaie19382011FerwertFryslânKollumnistLjouwert (stêd)SkriuwerTaalkundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Video Art HollandRob FordOera Linda BoekEastenrykSan FranciscoAddis AbebaDe factoNoard-IerlânFrankfurt am Main2006Florâns16 febrewaris29 junyDútskHistoaryskHeld1977Freed1980Pappegaaidowen96BiskopIslamisme19391200PortegalSalma HayekDniproTaalGNU/FDLSensual JaneTelegram (applikaasje)IranMoriah MillsAmerikaanske LoftmachtOekraïnePornografyISO 31661995HûntsjeshâldingLjouwert (stêd)Eastsee16 julyBeverly Hills3 aprilAldfryskFalomJ. MacFeriene NaasjesGoogleBeauty DiorLannen en territoaria19252016Opera (browser)RedbadSûkerbôleSotterum (Koarnwert)Etnografy9 septimberBostonBernemisbrûkRivierTouOerisel19891938Aafke Bijlsma7 aprilEksplosyfIstanbûlNovial🡆 More