Boarnsterhim: Eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân

Boarnsterhim (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Boornsterhem) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân.

Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 in befolking fan 19.482 minsken, en besloech in oerflak fan 168,58 km² (dêr't 17,04 km² wetter fan is). De gemeente is mei yngong fan 1 jannewaris 2014 opholden te bestean en ferdield oer de oanbuorjende gemeenten Ljouwert, It Hearrenfean, Súdwest-Fryslân en (de op dyselde dei nij oprjochte gemeente) De Fryske Marren.

Boarnsterhim
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken
De Pikmar by Grou.
flagge wapen
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken
Wapen fan Boarnsterhim
lokaasje
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken
polityk
lân Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Nederlân
provinsje Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Fryslân
sifers en geografy
haadplak Grou
grutste plak Grou
ynwennertal 19.482 (2013)
befolkingstichtens 128,6 / km²
oerflak 168,58 km²
● wêrfan lân 151,54 km²
● wêrfan wetter 17,04 km²
tal doarpen 18
ferkearsieren A31, A32, N354
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Gritenij Idaerderadiel
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Gritenij Raerderhim
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Gritenij Utingeradiel
1851 – 1984 Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Gemeente Idaerderadiel
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Gemeente Raerderhim
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Gemeente Utingeradiel
opheft 2014
opgien yn Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken De Fryske Marren
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken It Hearrenfean
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Ljouwert
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Súdwest-Fryslân
no part fan Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken De Fryske Marren
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken It Hearrenfean
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Ljouwert
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken Súdwest-Fryslân
oar
netnûmer 0515, 0566, 058
postkoade 8491–9014
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.boarnsterhim.nl

Skiednis

De gemeente is foarme yn 1984 út de eardere gemeenten Idaerderadiel, Raerderhim, en it grutste part fan Utingeradiel. Fierders waard ek it súdlike diel fan De Alde Feanen, dat foartiid ta Smellingerlân heard hie, doe by de nije gemeente foege. Yn 1985 waard de offisjele namme feroare ta de Fryske namme. Boarnsterhim foarme by de oprjochting in 'oerbliuwsel', besteande út in gebiet dat oerbleau by de gemeentlike weryndieling fan 1984, wêrby it tal gemeenten fan 44 tebekbrocht ta 31. Fanôf it begjin foarme de gemeente dan ek net in ienheid, dat laat hat ta swak bestjoer. Dêrmei hie de gemeente in minne finânsjele posysje, dy't yn 2009 laat hat ta opstappen fan boargemaster en wethâlders en it oanfreegjen fan it ûnder finânsjeel tafersjoch bringen by it Ryk.

It opdoeken

Op 7 septimber 2009 públisearre de gemeente in ûndersyk dat troch in ekstern búro útfierd waard. Dizze stelde dat de gemeente nea in ienheid wie en foarme, dat troch it gemeentebestjoer en de ynwenners ûnderstreke wie. De gemeente hat doe besletten dat it better wie en doek de gemeente op en partsje it op mei buorgemeenten. Hjirop begûnen petearen oer hokker doarp en gemeentediel by hokker gemeente komme soe. Ta einbeslút waard besletten dat de gemeente omparte waard oer 4 buorgemeenten te witten: Ljouwert, It Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. Dizze weryndieling is dienmakke op 1 jannewaris 2014.

It gebiet mei de doarpen Grou, Eagum, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea kaam by Ljouwert.

It gebiet mei de doarpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren kaam by de gemeente Súdwest-Fryslân.

It part mei de doarpen Akkrum, Aldeboarn en Nes gie nei It Hearrenfean, wylst Terherne nei de nije gemeente De Fryske Marren ta giet.

Plakken

It haadplak is Grou, en de oare plakken yn de gemeente binne: Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Idaerd, Jirnsum, Nes, Poppenwier, Raerd, Reduzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Warstiens, Warten en Wergea.

Fierders kinne de buorskippen Abbenwier, Aldskou, Bernsterbuorren, Flânsum, Poppenhuzen, Warniahuzen, Suorein en Tsienserbuorren neamd wurde.

De gemeente brûkt sûnt jannewaris 1989 Fryske plaknammen.

Untwikkeling ynwennertal

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

             Provinsje Fryslân
Boarnsterhim: Skiednis, It opdoeken, Plakken 
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje

Tags:

Boarnsterhim SkiednisBoarnsterhim It opdoekenBoarnsterhim PlakkenBoarnsterhim Untwikkeling ynwennertalBoarnsterhim Sjoch ekBoarnsterhim Keppeling om utensBoarnsterhim1 jannewaris1 novimber20132014BefolkingDe Fryske MarrenFryskFryslânGemeente (bestjoer)It Hearrenfean (gemeente)Kante kilometerLjouwert (gemeente)NederlânskOerflakSúdwest-Fryslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

EuroTripKatedraal fan NapelsTurkskAustraalje (lân)Westerkertier (gemeente)Afrikaanske leppelbekEkonomyWopke de VegtSeefdruk23 aprilRôze leppelbekCherokee d'AssYndoneezjeSasha BeartEdelgasMinsklike seksuele aktiviteitKeiran LeeDomtsjerke fan MessinaAlexa FlexyJohn de MolNASA1928Provansaalske wrotmûsRocky MountainsMarika FruscioNicole BexleyMicrosoft WindowsVanessa SkyKatedraal fan UdineSekshâldingRealitypornografyGrover ClevelandEvelyn LinSaotomeeske pappegaaidoGregoriaanske kalinderLânLytse leppelbekDelotta BrownProstitueeLuna SilverAngelina JolieAugustus OktavianusNaughty AmericaMediafranchiseKomykMegan SalinasHellendoorn (gemeente)Domtsjerke fan SienaOezbekistanTwadde WrâldkriichMasturbaasjeList fan Nederlânske gemeentenWyt-RuslânHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiVoodoo (pornografysk akteur)RoplettersAnale seksKylee StruttSkamhierKultuerKrisjnaNasjonaal Park Yellowstone201126 febrewaris1990Noemilk🡆 More