Gemeente Hylpen

Hylpen (Nederlânsk en offisjeel: Hindeloopen) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't inkeld it histoaryske stedsje Hylpen mei syn klokslach omfieme.

De gemeente Hylpen hie op 1 jannewaris 1981 858 ynwenners, en besloech in oerflak fan 5,03 km². De gemeente Hylpen gie yn 1984 op yn Nijefurd.

Hylpen
Gemeente Hylpen
It sylhûs yn Hylpen.
flagge wapen
Gemeente Hylpen Gemeente Hylpen
lokaasje
Gemeente Hylpen
polityk
lân Gemeente Hylpen Nederlân
provinsje Gemeente Hylpen Fryslân
sifers en geografy
haadplak Hylpen
grutste plak Hylpen
ynwennertal 858 (1981)
befolkingstichtens 170,6 / km²
oerflak 5,03 km²
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1372
opheft 1984
opgien yn Gemeente Hylpen Nijefurd
no part fan Gemeente Hylpen Súdwest-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
    Gemeente Hylpen Dizze side giet oer de eardere gemeente Hylpen. Foar de stêd, sjoch: Hylpen.

Geografy

De gemeente Hylpen lei yn 'e Fryske Súdwesthoeke, oan 'e kust fan 'e Iselmar (foar 1932 de Sudersee). It gebiet waard yn it noarden begrinzge troch de gemeente Warkum, yn it easten en súdeasten troch de gemeente Himmelumer Aldefurd en yn it westen troch de it wetter. Yn totaal hie de gemeente Hylpen in oerflak fan 5,03 km².

Gemeente Hylpen 
It sintrum fan Hylpen.

Skiednis

Hylpen krige yn 1372 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Drylts, Frjentsjer, Harns, Snits, Starum en Warkum. Hylpen wie fan 'e ein fan 'e Midsiuwen oant de achttjinde iuw in wichtich hannelssintrum, dat grutte wolfeart koe. Yn 1714 waarden der noch 2.230 ynwenners telt. Letter rekke it ekonomysk mei it stedsje yn it neigean.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Hylpen as gemeente opheft en mei de gemeenten Starum en Warkum en it grutste diel fan Himmelumer Aldefurd gearfoege ta de nije gemeente Nijefurd. It gemeentehûs kaam doe yn Warkum te stean. By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard Nijefurd op syn beurt opheft en mei Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel gearfoege ta Súdwest-Fryslân.

Demografy

Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Hylpen in befolking fan 858 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 170,6 minsken de km².

Gemeente Hylpen 
De flagge fan 'e gemeente Hylpen oant 1958.

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 54,5% fan 'e befolking fan Hylpen herfoarme, 13,5% grifformeard en 7% minnistysk. Roomsen wiene der yn Hylpen mar amper. Fierders bestie 25% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.

Wat de polityk oangie, wie de PvdA yn Hylpen de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 37,2% fan 'e stimmen; de PvdA 41,8%; de VVD 9,3%; de FNP 3,3%; en D66 0,8%.

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Hylpen 8,8% wurksum yn 'e lânbou (en de fiskerij); 43,9% yn 'e yndustry; en 33,3% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 14,4% en foar froulju 16,7%.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

             Provinsje Fryslân
Gemeente Hylpen 
hjoeddeistige gemeenten

• Achtkarspelen
• It Amelân
• Dantumadiel
• Eaststellingwerf
• Flylân

• De Fryske Marren
• Harns
• It Hearrenfean
• Ljouwert
• Noardeast-Fryslân

• Opsterlân
• Skiermûntseach
• Skylge
• Smellingerlân

• Súdwest-Fryslân
• Tytsjerksteradiel
• De Waadhoeke
• Weststellingwerf


eardere gemeenten

• Aenjewier (1851–1934)
• Baarderadiel (1851–1984)
• Barradiel (1851–1984)
• It Bilt (1851–2018)
• Boalsert (1455–2011)
• Boarnsterhim (1984–2014)
• Doanjewerstâl (1851–1984)
• Dokkum (1298–1984)
• Dongeradiel (1984–2019)
• Drylts (1268–1984)

• East-Dongeradiel (1851–1984)
• Ferwerderadiel (1851–2019)
• Frjentsjer (1374–1984)
• (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
• (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
• Gaasterlân (1851–1984)
• Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
• Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
• Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

• Hinnaarderadiel (1851–1984)
• Idaerderadiel (1851–1984)
• Kollumerlân (1851–2019)
• Lemsterlân (1851–2014)
• Littenseradiel (1984–2018)
• Ljouwerteradiel (1851–2018)
• Menameradiel (1851–2018)
• Nijefurd (1984–2011)
• Raerderhim (1851–1984)
• Skarsterlân (1984–2014)

• Skoatterlân (1851–1934)
• Sleat (1426–1984)
• Snits (1292–2011)
• Starum (1061–1984)
• Utingeradiel (1851–1984)
• Warkum (1399–1984)
• West-Dongeradiel (1851–1984)
• (âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
• (nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
• Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje

Tags:

Gemeente Hylpen GeografyGemeente Hylpen SkiednisGemeente Hylpen DemografyGemeente Hylpen Sjoch ekGemeente Hylpen1 jannewaris19811984FryslânGemeente (bestjoer)HylpenKlokslachNederlânskNijefurdOerflakStêdSúdwesthoeke

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1941Eeltsje Boates FolkertsmaFryslânMarijn KuipersNederlânOrganisearre misdieBabyloanjeTechnologyKanadaSoarteWrâldkampioenskip fuotbalTouCandy MansonEmiraat DûbaiTiisdeiÛndersoarteJ.R. CarringtonNeakenfotografy2008Jonkheid18 junyGroubekpappegaaidoTurkskPierre WoodmanSkoanfamyljeSinne-enerzjyKarnivoarJaylene RioIerlânKeatsenNoardfrysk24 desimberKolombiaSomme (rivier)28 april31 desimberISBNSkiednisTurkijeCrossoverAld SelskipArsjitektNovialPersia Monir22 april1995KirgyzjeGenêskundeJeropaAddis AbebaOregonKoarte filmDeastrafJulianna VegaMinnie BeetsLybjeStar WarsMia LiNoelle EastonKneppelfreedKya TropicAngelica RavenVideo Art Holland18 augustusToskedokterGNU/FDLTongaTaalFrysktalige WikipedyLânbou16 febrewaris🡆 More