Gemeente Drylts

Drylts (Nederlânsk en offisjeel: IJlst) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't inkeld it histoaryske stedsje Drylts en syn klokslach omfieme.

De gemeente Drylts hie op 1 jannewaris 1981 2.819 ynwenners, en besloech in oerflak fan 6,59 km². Yn 1984 gie de gemeente Drylts op yn 'e nije gemeente Wymbritseradiel.

Drylts
Gemeente Drylts
De Ie yn Drylts.
flagge wapen
Gemeente Drylts Gemeente Drylts
Wapen fan Drylts
lokaasje
Gemeente Drylts
polityk
lân Gemeente Drylts Nederlân
provinsje Gemeente Drylts Fryslân
sifers en geografy
haadplak Drylts
grutste plak Drylts
ynwennertal 2.819 (1981)
befolkingstichtens 427,8 / km²
oerflak 6,59 km²
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1268
opheft 1984
opgien yn Gemeente Drylts Wymbritseradiel
no part fan Gemeente Drylts Súdwest-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
    Gemeente Drylts Dizze side giet oer de eardere gemeente Drylts. Foar de stêd, sjoch: Drylts.

Geografy

De gemeente Drylts lei yn 'e Fryske Súdwesthoeke en grinzge yn it easten en noardeasten oan 'e gemeente Snits. Fierders waard it grûngebiet fan Drylts folslein omjûn troch dat fan 'e âlde gemeente Wymbritseradiel. De gemeente Drylts hie in oerflak fan yn totaal 6,59 km².

Skiednis

Drylts krige yn 1268 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Snits, Starum en Warkum. Drylts stie fan 'e Midsiuwen oant de njoggentjinde iuw bekend om syn skipsbou en houthannel. Lange tiid bestie der in beskate rivaliteit mei de buorstêd Snits, dy't nammentlik allegeduerigen mar úteinlik fierhinne om 'e nocht besocht om Drylts syn beskieden sintrumposysje ôf te nimmen.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Drylts as gemeente opheft en mei de âlde gemeente Wymbritseradiel en parten fan Doanjewerstâl en Wûnseradiel gearfoege ta de nije gemeente Wymbritseradiel. Oarspronklik hie it de bedoeling west dat ek de gemeente Snits yn 'e nije bestjoerlike ienheid opgean soe, mar ferheftige protesten yn 'e Wetterpoartestêd kamen dat foar. It gemeentehûs fan Wymbritseradiel, dat foartiid yn Snits stien hie, kaam yn 1986 yn Drylts te stean.

Gemeente Drylts 
It âlde stedhûs fan Drylts.

By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard Wymbritseradiel ek opheft en mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel gearfoege ta de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

Demografy

Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Drylts in befolking fan 2.819 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 427,8 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 45,7% fan 'e befolking fan Drylts herfoarme, 28,1% grifformeard en 3,1% roomsk. Fierders bestie 16,3% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Drylts fierwei de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 51,5% fan 'e stimmen; de PvdA 26,3%; de VVD 9,2%; de FNP 6,6%; en D66 4,2%.

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Drylts 7,6% wurksum yn 'e lânbou; 47,1% yn 'e yndustry; en 37,8% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 5,5% en foar froulju 10,0%.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

             Provinsje Fryslân
Gemeente Drylts 
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje

Tags:

Gemeente Drylts GeografyGemeente Drylts SkiednisGemeente Drylts DemografyGemeente Drylts Sjoch ekGemeente Drylts1 jannewaris19811984DryltsFryslânGemeente (bestjoer)KlokslachNederlânskOerflakStêdSúdwesthoekeWymbritseradiel (1984-2011)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

29 maart1925AzerbeidzjanKultuerJohn de MolMassachusetts1938RaerdCarles PuigdemontBruto Ynlânsk ProduktAjaks (mytology)Hardenberg (gemeente)Abbey BrooksBoekPornoakteurAken1996Sjapoer ILuna Silver18 augustusDouglas DC-3Coralie Trinh ThiEksplosyfPearsGeslachtsmienskipTon BaasMaart2005MinskeRivierJeraazjeNeakenfotografyHolon (plak)HadrianusGNU/FDLHarmony WonderISO 3166-1BommesmiterFideospultsjeList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânArabysk800Mozilla FirefoxNoarskTelegram (applikaasje)FaksismeKnier (lichemsdiel)HaadsideHûnWeblochOeriselSalma HayekWebsteeTelefoan19462001Vologda (oblast)Simone WestFilmEkshibisjonismeSarajevoPoëzyWurkhûsTechnykBefallingLannen en territoaria13 junyMarijn KuipersTelefyzjePornografyske filmKartaachske RykJapansk🡆 More