Dongeradiel

Dongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Dongeradeel) wie in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 24.097 ynwenners (30 april 2017); en mei in gebiet fan 266,92 km².

Dêrfan wie 99,71 km² wetter. Dongeradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't it foarme waard út 'e eardere gemeenten Dokkum, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Dongeradiel
Dongeradiel
Utsjoch op Nes.
flagge wapen
Dongeradiel Dongeradiel
Wapen fan Dongeradiel
lokaasje
Dongeradiel
polityk
lân Dongeradiel Nederlân
provinsje Dongeradiel Fryslân
boargemaster Magda Berndsen (D66)
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 24.097 (2017)
befolkingstichtens 162,1 / km²
oerflak 266,92 km²
● wêrfan lân 167,21 km²
● wêrfan wetter 99,71 km²
tal stêden 1
tal doarpen 28
ferkearsieren N356, N358, N361
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Dongeradiel Gemeente Dokkum
Dongeradiel Gritenij East-Dongeradiel
Dongeradiel Gritenij West-Dongeradiel
1851 – 1984 Dongeradiel Gemeente Dokkum
Dongeradiel Gem. East-Dongeradiel
Dongeradiel Gem. West-Dongeradiel
opheft 2019
opgien yn Dongeradiel Noardeast-Fryslân
oar
netnûmer 0519
postkoade 9101–9156
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dongeradeel.nl

Skiednis

It gebiet fan Dongeradiel wie al bewenne om it begjin fan de jiertelling hinne. Dongeradiel wie part fan Eastergoa, en nei't dat om 1250 hinne split waard wie it in part fan de Noardlike njoggen. Wylst Dongeradiel selsstanniger waard, waard Dokkum in sêlsstannige stêd, en kaam der in ûnderskied tusken it Dongeradiel by de eastside fan de Peazens, en it Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte gritenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.

Yn 1984 waard by de gemeentlike weryndieling út de gemeenten East-Dongeradiel, West-Dongeradiel en Dokkum de nije gemeente Dongeradiel foarme. Op 1 jannewaris 2019 waard Dongeradiel opheft, wêrnei't it yn 'e mande mei Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân opgie yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Plakken

It haadplak wie Dokkum en de oare plakken yn de gemeente wienen: Boarnwert, Brantgum, Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Foudgum, Hantum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, Holwert, Ie, Iesumasyl, Ingwierrum, Jouswier, De Lytse Jouwer, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Moddergat, Nes, Nijewier, Peazens, Raard, De Skâns, Ternaard, Waaksens, Wetsens en Wierum.

De buorskippen yn de gemeente wienen: Betterwurd, Boarnwerthuzen, Fjildbuorren, Tiltsjebuorren, Sibrandahûs, Swarte Mosk, Teard, Bollingwier, Tilbuorren, Hantumerhoeke, Kletterbuorren, Trijeboerehuzen, Brânbuorren, Dykshoarne, Grut Midhuzen, Lyts Midhuzen, Ald Terp, It Stienfek, De Tibben, Stiem, Dokkumer Nije Silen, Mûnebuorren, Nijlân, Lytse Leard, De Reidswâl, Wie, Lytse Wier, Jewier, 't Skoar, Teyebuorren, Fiskbuorren en Fiifhuzen.

Tal ynwenners it plak op 1 jannewaris 2021:

Plaknamme Ynwennertal
Dokkum 12.745
Holwert 1595
Ternaard 1295
Eanjum 1155
Easternijtsjerk 940
Mitselwier 900
Ie 850
Ingwierrum 585
Hantum 400
Nijewier 330
Nes 320
Wierum 315
Ljussens 305
Brantgum 245
Moarre 240
Peazens 230
Raard 215
Moddergat 205
Ealsum 130
Eastrum 125
Boarnwert 120
Hantumhuzen 105
Foudgum 75
De Lytse Jouwer 70
Hantumerútbuorren 70
Wetsens 55
Jouswier 45
Waaksens 40

Boarne: CBS

Paezens en Moddergat foarmje in twillingdoarp en wurde faak op ien sike neamd, krekt sa't dat, sij it yn mindere mjitte, ek it gefal is mei Moarre-Ljussens.

Iepenbier Ferfier

Tichtby Holwert is in feartsjinst dêr't de fearboaten foar it eilân it Amelân ferlitte (fersoarge troch Wagenborg). It iepenbier ferfier waard dien troch it iepenbier ferfierbedriuw Arriva. Twa buslinen rûnen fan Ljouwert nei de fearboat: linen 66 en 166. Dokkum wie ferbûn mei Ljouwert troch ferskate buslinen. De wichtichste wiene ekspresjetsjinst 355, Ljouwert-Dokkum en line 51, Ljouwert-Damwâld-Dokkum.

Oare buslinen yn 'e gemeente wiene:

line 52: Fan Dokkum nei Wetsens, Nijewier, Easternijtsjerk, Moarra, Ljussens, Eanjum, de Skâns, Paezens, Moddergat, Wierum en dan fia Easternijtsjerk en Nijewier werom nei Dokkum

line (1)54: Ljouwert-Stiens-Holwert-Ternaard-Hantum-Dokkum

line 55: Dokkum-Damwâld-Feanwâlden-Burgum-Suwâld-Drachten

line 60: Ljouwert-Stiens-Holwert-Brantgum-Foudgum-Dokkum

line 63: Dokkum-Wetsens-Mitselwier-Ie-Ingwierum-Kollum-Bûtenpost

line 55: Drachten-Burgum-Feanwâlden-Damwâld-Dokkum

Linie 155: Ljouwert-Feanwâlden-Dokkum-Eanjum-Lauwerseach (foar feartsjinst nei it eilân Skiermûntseach (Wagenborg))

Sjoch ek

Keppelings om utens

 
             Provinsje Fryslân
Dongeradiel 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)

Tags:

Dongeradiel SkiednisDongeradiel PlakkenDongeradiel Iepenbier FerfierDongeradiel Sjoch ekDongeradiel Keppelings om utensDongeradiel1 jannewaris19842019Dokkum (gemeente)East-DongeradielFryslânGemeente (bestjoer)Gemeentlike weryndielingNederlânskNoardeast-FryslânNoardeastenWest-Dongeradiel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Yndo-Jeropeeske talenMay ThaiLolita (pornografysk aktrise)AfantasyCreative CommonsSêfte BroeierLybjeOpstanningstsjerke (Tomsk)Trije-ienheidskatedraal (Pskov)Stasjon It Hearrenfean IisstadionJeropeeske UnyPaleokontinintPepinidenAlde EgypteVladimir PûtinBob DylanDaisy SummersBoksenTaalPasta (daaiguod)16e iuwJulie Skyhigh5 desimberScilly-eilannenDôve BroeierJohan Rudolph ThorbeckeJeanne d'ArcFerkrêfting100025 maartCassidy BanksArabyskGokkenLocustellidaeIrakKristenClaudia SchifferTwadde WrâldkriichFilmstudioNij-SeelânGrutte Synagoge (Tomsk)1 jannewarisJuliaanske kalinderEarymar24 maartTibeariusTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)List fan planetoïden 47001-48000Eve MadisonGitaarFriezenAustralyske dollarWashington, D.C.MinnistenAutoIvan IV fan Ruslân1957Jacques DerridaGNU/FDLSandy MilzMarije CornelissenWetSekshâldingAbdij fan CorveyOrgasmeTeanDútslân🡆 More