Ferwerderadiel

Ferwerderadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Ferwerderadeel) wie in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 8.681 ynwenners (30 april 2017).

De gemeente besloech 133,18 km², wêrfan 34,5 km² wetter. De gemeente hie in kustline fan 10,1 km oan de Waadsee. Ferwerderadiel ûntstie as gritenij yn de fyftjinde iuw. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Ferwerderadiel
Ferwerderadiel
Doarpsgesicht fan Burdaard.
flagge wapen
Ferwerderadiel Ferwerderadiel
Wapen fan Ferwerderadiel
lokaasje
Ferwerderadiel
polityk
lân Ferwerderadiel Nederlân
provinsje Ferwerderadiel Fryslân
boargemaster Wil van den Berg (CDA)
sifers en geografy
haadplak Ferwert
grutste plak Hallum
ynwennertal 8.681 (2017)
befolkingstichtens 88,8 / km²
oerflak 133,18 km²
● wêrfan lân 97,71 km²
● wêrfan wetter 34,47 km²
tal doarpen 12
ferkearsieren N357
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Ferwerderadiel Gritenij Ferwerderadiel
Ferwerderadiel Gritenij Dantumadiel (diel)
1851 – 1984 Ferwerderadiel Gem. Ferwerderadiel
Ferwerderadiel Gem. Dantumadiel (diel)
opheft 2019
opgien yn Ferwerderadiel Noardeast-Fryslân
oar
netnûmer 0518, 0519, 058
postkoade 9073–9074, 9107, 9111–9112, 9171–9178
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.ferwerderadiel.nl

Geografy

Lizzing

Ferwerderadiel grinzge oan de noardkant oan de Waadsee, yn it easten oan Dongeradiel, yn it súdeasten oer de Dokkumer Ie oan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, yn it súdwesten oan Ljouwerteradiel en yn it westen oan It Bilt.

Ferwerderadiel 
Topografyske kaart fan Ferwerderadiel, july 2013

Plakken

Haadplak fan de gemeente wie Ferwert, en de oare plakken yn de gemeente wiene: Burdaard, Blije, Ginnum, Hallum, Hegebeintum, Jannum, Jislum, Lichtaard, Marrum, Reitsum en Wânswert. Oarspronklik lei ek in part fan it doarp Alde Leie yn Ferwerderadiel (en in oar part op It Bilt), oant it doarp yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn syn gehiel by Ljouwerteradiel foege waard. In oar earder doarp yn Ferwerderadiel wie Westernijtsjerk, dat yn 1971 syn doarpsstatus ferlear en as buorskip oan Marrum tafoege waard. Jannum en in diel fan Burdaard leine foarhinne yn de gemeente Dantumadiel, en kamen pas yn 1984 by Ferwerderadiel te hearren.

Fierder lei ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn dizze gemeente. Oare buorskippen yn de gemeente wiene: Fiifhuzen, Hallumerhoeke, De Ryp, Easterbeintum, Boatebuorren, Farebuorren en Tergrêft.

De gemeente gie op 1 jannewaris 1999 oer op in Fryske gemeentenamme en Fryske plaknammen. Dêrby waarden yn de Gemeentlike Basis Administraasje de Nederlânske troch de Fryske toponimen ferfongen.

Skiednis

Ferwerderadiel hie fan de 6e iuw f.Kr. oant de 12e iuw nei Kr. in gebiet fan terpbewenning west. Yn de 12e iuw begûn de oanlis fan diken, wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.

Ferwerderadiel wie yn dy tiid part fan Eastergoa, en nei't dat opspjalte waard, waard it in part fan de Noardlike njoggen. Fan 1242 ôf waard der skreaun fan grytmannen, mar pas yn de 15e iuw waarden de dielen selsstannich en waard Ferwerderadiel in gritenij.

Oant dy tiid wie ek it Amelân part fan Ferwerderadiel, mar yn 1405 waard it eilân selsstannich. Der bleaune al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de 19e iuw yn Ferwerderadiel noch in fear nei it eilân. De gritenij Ferwerderadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 kamen Jannum en it súdlike part fan Burdaard by Ferwerderadiel, wylst de súdwestlike útherne, dêr't in part fan Alde Leie yn lei, nei Ljouwerteradiel gie. Op 1 jannewaris 2019 waard Ferwerderadiel opheft en giet it yn 'e mande mei Dongeradiel en Kollumerlân op yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Untwikkeling ynwennertal

Foto's

Gemeenteried

De gemeenteried fan Ferwerderadeel bestie út 13 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan de rie sûnt 1998:

Gemeenteriedsitten
Partij 1998 2002 2006 2010
CDA 5 5 4 4
Gemeentebelangen 3 3 2 2
PvdA 2 2 3 2
VVD 1 1 1 1
FNP 1 1 2 3
KristenUny 1 1 1 1
Totaal 13 13 13 13

Sjoch ek

Keppeling om utens

Ferwerderadiel  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ferwerderadeel fan Wiki Commons.
             Provinsje Fryslân
Ferwerderadiel 
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje

Tags:

Ferwerderadiel GeografyFerwerderadiel SkiednisFerwerderadiel Untwikkeling ynwennertalFerwerderadiel FotosFerwerderadiel GemeenteriedFerwerderadiel Sjoch ekFerwerderadiel Keppeling om utensFerwerderadiel1 jannewaris2019FryskFryslânFyftjinde iuwGemeente (bestjoer)GritenijKustNederlânskNoardNoardeast-FryslânWaadsee

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hunter BryceArjen TerpstraKatedraal fan CataniaJ.R. CarringtonIerdeMûs (kompjûter)RegearFideospultsje17 oktoberHantsjemierLeppeltsje-leppeltsjeAdolf HitlerHollânVoodoo (pornografysk akteur)Menno BandstraNoemilkMediaWikiDomtsjerke fan GrossetoKolombiaMarianetrôchKira Eggers9e iuw f.Kr.20 aprilEastlike fjildmûsGrammy AwardNASAFeriene KeninkrykCountry Music Association AwardSkrikkeljier fan tongersdei ôfYnterprovinsjaal OerlisPornhubHeather LeeRaffarinadeAuteursrjochtBethany BenzKleanFaasjeTroudArtefakt (archeology)Criss StrokesMay ThaiFilipinenRottekopJayden LeeJohn de MolEuroTripMasturbaasjeNicole BexleyTwadde WrâldkriichWylpreagerfûgelsDelotta BrownTatrawrotmûsMirka Antolović-TipurićAlain DeloinSeksuele yntimidaasjeDreves UitterdijkMia Lelani1928PornoaktriseHarmony WonderJulianna VegaRopletters1949List fan Nederlânske gemeentenUleboerd4 maart🡆 More