Gaasterlân-Sleat

Gaasterlân-Sleat (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Gaasterland-Sloten) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân.

Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 10.186 ynwenners, en besloech in oerflak fan 209,34 km², wêrfan 114,1 km² wetter. De gemeente hie oan de súdkant in kust fan sânkliffen oan de Iselmar, en wie fierders foar in grut part boskgebiet. Troch de eardere gemeente rint de N359.

Gaasterlân-Sleat
Gaasterlân-Sleat
It âlde gemeentehûs fan Gaasterlân-Sleat yn Balk.
flagge wapen
Gaasterlân-Sleat Gaasterlân-Sleat
Wapen fan Gaasterlân-Sleat
lokaasje
Gaasterlân-Sleat
polityk
lân Gaasterlân-Sleat Nederlân
provinsje Gaasterlân-Sleat Fryslân
sifers en geografy
haadplak Balk
grutste plak Balk
ynwennertal 10.186 (2013)
befolkingstichtens 107,0 / km²
oerflak 209,34 km²
● wêrfan lân 95,24 km²
● wêrfan wetter 114,10 km²
tal stêden 1
tal doarpen 13
ferkearsieren N359
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gaasterlân-Sleat Gritenij Gaasterlân
Gaasterlân-Sleat Grit. Himm. Aldefurd (diel)
Gaasterlân-Sleat Gemeente Sleat
1851 – 1984 Gaasterlân-Sleat Gem. Gaasterlân
Gaasterlân-Sleat Gem. Himm. Aldefurd (dl)
Gaasterlân-Sleat Gem. Sleat
opheft 2014
opgien yn Gaasterlân-Sleat De Fryske Marren
no part fan Gaasterlân-Sleat De Fryske Marren
oar
netnûmer 0514
postkoade 8556–8583
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gaasterlan-sleat.nl

Skiednis

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waarden oan de gemeenten Gaasterlân en Sleat mei in part fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd gearfoege. De nije gemeente brûkte yn 't earstoan de namme Gaasterlân, mar waard yn juny 1985 omneamd ta Gaasterlân-Sleat.

Op 1 jannewaris 2014 fúzjearre Gaasterlân-Sleat mei Lemsterlân en Skarsterlân, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie.

Lânskip

De namme Gaasterlân komt fan de 'gaasten' (lykas 'geasten'), hege balstien- en sângrûnen, opskood troch Skandinavysk lâniis sa'n 135.000 jier ferlyn. Dizze gaasten lizze om it iepen polderlânskip fan de Fryske marren en de grutte wetterflakte fan de Iselmar en soargje foar in weagjend lânskip. Fan de heechlizzende punten ôf kin fier sjoen wurde oer lân en wetter. Fierders is der in soad bosk, wêrtroch't in geskikt rekreaasjelânskip ûntstie dat oars is as oare dielen fan Fryslân.

De rike histoarje falt ôf te lêzen oan de monumintale gebouwen mei hals- en trepkegevels yn Sleat en Balk. De buorren fan Balk is dan ek oanwiisd as beskerme doarpsgesicht en de tige âlde stedskearn fan Sleat is beskerme stedsgesicht. De festingwâlden en bolwurken bringe de tiid fan Sleat as ûnnimbere festing yn it ûnthâld.

Troch de Iselmar, Sleattemermar en De Fluezen binne der in soad jachthavens en kampings.

Plakken

It haadplak is Balk, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Aldemardum, Bakhuzen, Ealahuzen, Harich, Kolderwâlde, Murns, Nijemardum, Riis, Rûgehuzen, Sleat, Sondel en Wikel.

Untwikkeling ynwennertal

De gemeente is 1 stêd en 13 doarpen ryk: Sleat mei 765 ynwenners (de lytste stêd fan Fryslân), Balk mei 3777 ynwenners (it bestjoerlik sintrum), Bakhuizen mei 1013 ynwenners, Ealahuzen mei 350 ynwenners, Harich mei 599 ynwenners, Kolderwâlde mei 68 ynwenners, Murns mei 113 ynwenners, Nijemardum mei 590 ynwenners, Aldegea mei 283 ynwenners, Aldemardum mei 1359 ynwenners, Riis mei 175 ynwenners, Rûgehuzen mei 126 ynwenners, Sondel mei 442 ynwenners en Wickel mei 690 ynwenners.(sifers 2009)

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

             Provinsje Fryslân
Gaasterlân-Sleat 
hjoeddeistige gemeenten

• Achtkarspelen
• It Amelân
• Dantumadiel
• Eaststellingwerf
• Flylân

• De Fryske Marren
• Harns
• It Hearrenfean
• Ljouwert
• Noardeast-Fryslân

• Opsterlân
• Skiermûntseach
• Skylge
• Smellingerlân

• Súdwest-Fryslân
• Tytsjerksteradiel
• De Waadhoeke
• Weststellingwerf


eardere gemeenten

• Aenjewier (1851–1934)
• Baarderadiel (1851–1984)
• Barradiel (1851–1984)
• It Bilt (1851–2018)
• Boalsert (1455–2011)
• Boarnsterhim (1984–2014)
• Doanjewerstâl (1851–1984)
• Dokkum (1298–1984)
• Dongeradiel (1984–2019)
• Drylts (1268–1984)

• East-Dongeradiel (1851–1984)
• Ferwerderadiel (1851–2019)
• Frjentsjer (1374–1984)
• (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
• (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
• Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
• Haskerlân (1851–1984)
• Hylpen (1372–1984)
• Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

• Hinnaarderadiel (1851–1984)
• Idaerderadiel (1851–1984)
• Kollumerlân (1851–2019)
• Lemsterlân (1851–2014)
• Littenseradiel (1984–2018)
• Ljouwerteradiel (1851–2018)
• Menameradiel (1851–2018)
• Nijefurd (1984–2011)
• Raerderhim (1851–1984)
• Skarsterlân (1984–2014)

• Skoatterlân (1851–1934)
• Sleat (1426–1984)
• Snits (1292–2011)
• Starum (1061–1984)
• Utingeradiel (1851–1984)
• Warkum (1399–1984)
• West-Dongeradiel (1851–1984)
• (âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
• (nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
• Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje

Tags:

Gaasterlân-Sleat SkiednisGaasterlân-Sleat LânskipGaasterlân-Sleat PlakkenGaasterlân-Sleat Untwikkeling ynwennertalGaasterlân-Sleat Sjoch ekGaasterlân-Sleat Keppeling om utensGaasterlân-Sleat1 novimber2013BoskFryskFryslânGemeente (bestjoer)IselmarN359NederlânskOerflak

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Amerikaansk fuotbalSweedskLânmachtOehoeLinda van DyckMegan SalinasGeert GratamaLandkreis FrieslandJayden LeeShalina DevineMikromoanneTwadde WrâldkriichPornhubKrúsgetalpuzelArameeskAnita BlondWinchester (gewear)PornofilmFraachpetearWillem de VriesKanadaWarffumFranklin D. RooseveltEchte hûneftigenKunnilingusTallinnCassidy BanksSimone HorváthSupermoanneSiren ThornTerritoarium HawaïHavana GingerSwedenLogan LongKollumersweach15 aprilMichael Jordan2006De Tocht fan de ArgonautenSomaaljeSarah Young1953J. MacPearsStrawelteFêsteljûnNovodevitsji-begraafplakReade gleePornografyVideo Art HollandFrijsinnich Demokratysjke BûnTyra MooreVoltaireComité flamand de FranceEl GrecoMyanmarAnne PorteMichelle TuckerFroulike ejakulaasjeRia RodrigezAleksejevski-kleaster17 novimberDuomo San RufinoRMS Titanic16 aprilBibelWurdSinne-enerzjy🡆 More