Gemeente Dokkum

Dokkum wie foarhinne in gemeente yn Fryslân dy't inkeld de stêd Dokkum besloech.

De gemeente Dokkum hie op 1 jannewaris 1980 in befolking fan 12.071 minsken, en besloech in oerflak fan 9,88 km².

Dokkum
Gemeente Dokkum
flagge wapen
Gemeente Dokkum Gemeente Dokkum
Wapen fan Dokkum
lokaasje
Gemeente Dokkum
polityk
lân Gemeente Dokkum Nederlân
provinsje Gemeente Dokkum Fryslân
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 12.071 (1981)
befolkingstichtens 1.221,8 / km²
oerflak 9,88 km²
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1298
opheft 1984
opgien yn Gemeente Dokkum Dongeradiel
no part fan Gemeente Dokkum Noardeast-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
    Gemeente Dokkum Dizze side giet oer de eardere gemeente Dokkum. Foar de stêd, sjoch: Dokkum.

Geografy

De gemeente Dokkum lei yn it noardeasten fan Fryslân ynklamme tusken trije folle gruttere buorgemeenten. Yn it noardwesten grinzge it oan West-Dongeradiel, yn it noardeasten oan East-Dongeradiel en yn it suden oan Dantumadiel. Yn totaal hie de gemeente in oerflak fan 9,88 km².

Skiednis

It jier 1298, doe't Dokkum stedsrjochten krige, kin sjoen wurde as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Oars as by de measte oare Fryske stêden it gefal wie, hie Dokkum gjin klokslach en einige it domein fan 'e gemeente fuort bûten de stedswâlen. Yn 1925 waarden dielen fan 'e oangrinzgjende gemeenten East-Dongeradiel en West-Dongeradiel anneksearre om romte te krijen foar de útwreiding fan 'e stêd.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard de gemeente Dokkum opheft, om yn 'e mande mei East- en West-Dongeradiel op te gean yn 'e nije gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 gie Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân op syn beurt op yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Demografy

Op 1 jannewaris 1980 hie de gemeente Dokkum in befolking fan 12.071 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 1.221,8 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 26% fan 'e befolking fan Dokkum herfoarme, 44% grifformeard en 5% roomsk. Fierders bestie 14% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Dokkum fierwei de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 58,1% fan 'e stimmen; de PvdA 22,2%; de VVD 7,5%; de FNP 3,0%; en D66 2,3%.

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Dokkum 36,8% wurksum yn 'e yndustry en 57,4% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 7,9% en foar froulju 8,3%.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
             Provinsje Fryslân
Gemeente Dokkum 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)

Tags:

Gemeente Dokkum GeografyGemeente Dokkum SkiednisGemeente Dokkum DemografyGemeente Dokkum Sjoch ekGemeente Dokkum1 jannewaris1980BefolkingDokkumFryslânGemeente (bestjoer)Km²OerflakStêd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

10e iuwNoard-IerlânKrystal SwiftIvanovski-kleaster (Pskov)DenemarkList fan haadstêdenPippi LanghoasIslamityske SteatFryskBline NettelDútslânLibbenList fan planetoïden 38001-39000Twadde iuwNoardwâlde (Grinslân)1662RenaultKeninkryk SkotlânSotsjyDionysusWashington, D.C.Luna SilverTasitus (skriuwer)BaktearjeSpoar fan Grins nei Eemshaven2018Ingeltsje-itenRicki RaxxxFreedHenk van der VeerJierReklamespotsje26NHL Stenden HogeschoolList fan Romeinske steatshadenTurkmenistanAbdij fan CorveyCommercialStalkingSolovetski-kleasterSkriuwerInes RidereNeakenfotografyHolokaustAnton WachterpriisGregoriaanske kalinderBaptismeFlodder (film)Petrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)Sophie HilbrandAudree JaymesDon't Stop Me NowRia RodrigezPepyn fan HerstalShae SummersGolf fan RigaKateftigenOnno FalkenaGrut-BrittanjeChakassiëKatee OwenDollarGrins (stêd)Nicole OringClyde TombaughEastersk SkismaSpanje🡆 More