Gemeente Harns

Harns (Nederlânsk en offisjeel: Harlingen; Harnzersk: Harlingen) is in gemeente oan 'e noardwestlike kust fan Fryslân.

De gemeente Harns hat 16.235 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Fierders hat de gemeente Harns in oerflak fan 387,67 km². Dêrfan bestiet fierwei it grutste part, 362,64 km², út oerflaktewetter, en mar 25,03 km² út lân.

Harns
Gemeente Harns
De Noarderhaven yn Harns.
flagge wapen
Gemeente Harns Gemeente Harns
Wapen fan Harns
lokaasje
Gemeente Harns
polityk
lân Gemeente Harns Nederlân
provinsje Gemeente Harns Fryslân
boargemaster Ina Sjerps (PvdA)
sifers en geografy
haadplak Harns
grutste plak Harns
ynwennertal 16.235 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 633,2 / km²
oerflak 387,67 km²
● wêrfan lân 25,03 km²
● wêrfan wetter 362,64 km²
tal stêden 1
tal doarpen 2
ferkearsieren A31, N358, N393
skiednis
oprjochte 1234
1971 útwr. mei Almenum en Mullum
1984 útwreide mei Winaam
oar
netnûmer 0517
postkoade 8856–8872
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.harlingen.nl
    Gemeente Harns Dizze side giet oer de gemeente Harns. Foar de stêd, sjoch: Harns (stêd).

Geografy

Gemeente Harns 
It Stedhûs fan Harns.

De gemeente Harns leit yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. De haven fan Harns wurdt brûkt foar frachtoerslach en fiskerij. Ek farre dêrwei de fearboaten fan Rederij Doeksen op sawol Skylge as Flylân. Oan 'e lânkant wurdt de gemeente anno 2017 begrinzge troch de gemeente Frjentsjerteradiel yn it noarden en easten en troch Súdwest-Fryslân yn it suden. Per 1 jannewaris 2018 sil Frjentsjerteradiel lykwols opgean yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.

De gemeente Harns beslacht in oerflak fan yn totaal 387,67 km². Dêrfan bestiet fierwei it grutste part, 362,64 km², út it diel fan it Waad dat ûnder Harns falt, en mar 25,03 km² út lân. Der lizze trije plakken yn 'e gemeente Harns: de stêd Harns, dêr't it gemeentehûs stiet, en de doarpen Mullum en Winaam. Fierders meitsje ek de buorskippen Almenum, De Blynse, Foarryp, Keningsbuert en Ungaboer diel út fan 'e gemeente.

Skiednis

De stêd Harns krige yn 1234 stedsrjochten (en dêrmei in eigen bestjoer), wat sjoen wurde kin as it begjin fan 'e gemeente Harns. Iuwenlang stie Harns mei de rêch nei Fryslân en it gesicht nei de see ta, en hie it net in protte op of te krijen mei syn efterlân. Fan âlds bestiet der dan ek in gruttere bining mei de Waadeilannen Skylge en Flylân as mei it Fryske fêstelân. Dat dy beide eilannen oant 1942 ta de provinsje Noard-Hollân hearden, makke de kleau tusken Harns en Fryslân noch djipper.

Oant djip yn 'e tweintichste iuw wie it sa dat de gerjochtichheid fan 'e gemeente Harns fuort bûten de Harnzer stedgrinzen einige. Pas yn 1971 krige de gemeente gebietsútwreiding yn it neidiel fan 'e buorgemeenten, wêrby't de doarpen Almenum (fan Barradiel) en it grutste part fan Mullum (fan it âlde Frjentsjerteradiel) by Harns kamen te hearren. Almenum, dat fan âlds in wichtich plak wie, waard neitiid foar in diel ôfbrutsen sadat der nije havenfasiliteiten oanlein wurde koene. It restant ferlear de status fan doarp en waard in buorskip.

Gemeente Harns 
De grinzen fan 'e gemeente Harns foàr 1971.

By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 koe de gemeente Harns fierder útwreidzje en kaam it doarp Winaam, dat earder ta Barradiel heard hie, derby te hearren. Fierders krige Harns der doe oan 'e eastkant ek in grutte stripe plattelânby mei it eastlike part fan Mullum, in gebiet dat earder ta de âlde gemeente Frjentsjerteradiel heard hie.

Yn 'e jierren 2010 wie der lange tiid sprake fan dat Harns mei It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en in stikmannich doarpen fan Littenseradiel opgean soe yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke, dy't op 1 jannewaris 2018 ûntstiet. Uteinlik besleat de gemeenterie fan Harns dêr lykwols fan ôf te sjen en selsstannich te bliuwen, net yn it lêste plak om't it dúdlik wie dat it gemeentehûs fan 'e nije gemeente yn Frjentsjer komme soe, wat foar in protte Harnzers min te ferkropjen wie mei it each op 'e tradisjonele rivaliteit tusken de beide stêden. Koartsein woe Harns gjin "Franeker an see" wurde.

Kultuer

Yn 'e gemeente Harns wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen, nammentlik it Harnzerske dialekt. Simmerdeis wurde de Harnzer Fiskerijdagen holden, mei aktiviteiten as tobbedûnsjen, wrikken en foarstellings fan poadiumkeunsten.

Demografy

Op 30 april 2017 hie de gemeente Harns in befolking fan 15.848 minsken, mei in befolkingstichtens fan 633,2 de km². Fan 'e ynwenners wennen op 1 jannewaris 2004 14.450 yn 'e stêd Harns, 510 yn Mullum en 380 yn Winaam.

Untwikkeling ynwennertal

Ferdieling gemeenteried

De gemeenteried fan Harns bestiet út 17 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018 ferkiezings 2022
% sitten % sitten
PvdA 26,2 5 20,9 4
CDA 15,3 3 16,8 3
Harnzer Belang 13,4 2 18,1 3
VVD 12,8 2 13,6 2
Waadpartij 7,4 1 8,9 2
GrienLinks 7,2 1 5,7 1
HOOP 6,7 1 7,4 1
D66 6,3 1 4,4 1
KristenUny 4,6 1 3,4 0
ûnjildich & blanko 0,8 0,6
opkomst/totaal sitten 56,1% 17 53,39% 17

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

             Provinsje Fryslân
Gemeente Harns 
hjoeddeistige gemeenten

• Achtkarspelen
• It Amelân
• Dantumadiel
• Eaststellingwerf
• Flylân

• De Fryske Marren
Harns
• It Hearrenfean
• Ljouwert
• Noardeast-Fryslân

• Opsterlân
• Skiermûntseach
• Skylge
• Smellingerlân

• Súdwest-Fryslân
• Tytsjerksteradiel
• De Waadhoeke
• Weststellingwerf


eardere gemeenten

• Aenjewier (1851–1934)
• Baarderadiel (1851–1984)
• Barradiel (1851–1984)
• It Bilt (1851–2018)
• Boalsert (1455–2011)
• Boarnsterhim (1984–2014)
• Doanjewerstâl (1851–1984)
• Dokkum (1298–1984)
• Dongeradiel (1984–2019)
• Drylts (1268–1984)

• East-Dongeradiel (1851–1984)
• Ferwerderadiel (1851–2019)
• Frjentsjer (1374–1984)
• (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
• (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
• Gaasterlân (1851–1984)
• Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
• Haskerlân (1851–1984)
• Hylpen (1372–1984)
• Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

• Hinnaarderadiel (1851–1984)
• Idaerderadiel (1851–1984)
• Kollumerlân (1851–2019)
• Lemsterlân (1851–2014)
• Littenseradiel (1984–2018)
• Ljouwerteradiel (1851–2018)
• Menameradiel (1851–2018)
• Nijefurd (1984–2011)
• Raerderhim (1851–1984)
• Skarsterlân (1984–2014)

• Skoatterlân (1851–1934)
• Sleat (1426–1984)
• Snits (1292–2011)
• Starum (1061–1984)
• Utingeradiel (1851–1984)
• Warkum (1399–1984)
• West-Dongeradiel (1851–1984)
• (âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
• (nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
• Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
Gemeente Harns 
Harns
Gemeente Harns 
Stêd:
Harns
Doarpen en útbuorrens:
MullumWinaam
Buorskippen en wiken:
AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part)Ungaboer
wizigje

Tags:

Gemeente Harns GeografyGemeente Harns SkiednisGemeente Harns KultuerGemeente Harns DemografyGemeente Harns Sjoch ekGemeente Harns1 jannewaris2024FryslânGemeente (bestjoer)GrûnHarnzerskKm²KustNederlânskNoardwestOerflakOerflaktewetterSintraal Buro foar de Statistyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Frysk folksliet28 novimberTurkskEmiraat DûbaiFilmprodusintSeksuele opwiningAzerbeidzjanFryske talenBernemisbrûkLibrary of CongressRaerdMaasFilmBiskopHadrianusKascha Papillon1971TelefyzjeJohn AdamsBruto Ynlânsk ProduktWurdlidSlavernijMichelle TuckerKoen EekmaIerlân1978Orale seksSean LawlessKosmetikaEva WiessingPornografyske filmRivierAndamanenpappegaaidoMilfpornografyFingerjenJoegoslaavje25 maartKeninkryk Grut-BrittanjeFerspriedingsgebiet12 maartAneAzerbeidzjaansk1975TuneezjeWurkhûsJade KushFreedPakistan22 aprilHearlikheid FryslânYnterfryske FlaggeBalkbrugTongeISO 3166-1RûandaGemysk wapenJeraazjeKwame NkrumahSpaanske grypNational Broadcasting CompanySkiednisBachelortitel19639 julyCowgirlhâldingSkriuwerSeks7 aprilParysMoleJoo Min Lee🡆 More