De KristenUny (CU) is in kristlik-sosjale Nederlânske politike partij fan ortodoks-protestantske sinjatuer, dy't fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en yn provinsjale en gemeentlike bestjoeren.
De KristenUny is yn it Jeropeesk Parlemint fertsjintwurdige mei ien sit.
KristenUny | |
Ofkoarting | CU |
Partijlieder | Mirjam Bikker |
Partijfoarsitter | Ankie van Tatenhove |
Fraksjelieder Twadde Keamer | Mirjam Bikker |
Fraksjelieder Earste Keamer | Tineke Huizinga |
Delegaasjelieder Europeesk Parlemint | Anja Haga |
Sitten yn Twadde Keamer | |
Sitten yn Earste Keamer | |
Sitten yn Provinsjale Steaten | |
Sitten yn Europeesk Parlemint | |
Oprjochte | 22 jannewaris 2000 |
Fúzje fan | RPF en GPV |
Rjochting | Sintrum |
Ideology | Kristlik-sosjaal |
Ledetal | 25.495 (2021) |
Jongereinorganisaasje | PerspectieF |
Europeeske partij | ECPM |
Europeeske fraksje | ECR |
Webstee | www.christenunie.nl |
Fan 22 febrewaris 2007 ôf wie de KristenUny mei it CDA en de PvdA part fan it kabinet-Balkenende IV. Op 20 febrewaris 2010 stapten de PvdA-bewindslieden nei in skeel oer Taskforce Uruzgan út dit kabinet, wêrnei't CDA en CU yn in demisjonêr kabinet fierder gienen. Fan oktober 2017 oan jannewaris 2022 siet de KristenUny mei twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte III. Sûnt jannewaris 2022 sit de KristenUny mei twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV.
De politike jongereinorganisaasje fan de KristenUny is PerspectieF.
De Unyfundearring fan de Kristenuny is:
De ferwizing nei de Trije Formulieren fan Ienheid leit gefoelich by in protte kristenen, omdat dêryn ûnder oaren de folwoeksenedoop fersmiten wurdt. Yn de Heidelberchske Kategismus wurdt de roomsk-katolike earetsjinst oantsjut as "paapske mis" en as "ferflokte ôfgoderij". Foar in soad katoliken is dit noch in drompel foar lid wurden fan de partij. Sels ferklearret de partij dat de ferwizing net bedoeld is om yn te stimmen mei de Trije Formulieren, mar om yn te stimmen mei de "politike oertsjûging fan de KristenUny dy't fuorkomt út dit gedachteguod". Yn de KristenUny is men benaud dat it fuortheljen fan de ferwizing ferdieldheid fan gefolgen hawwe kin. Fraksjefoarsitter Arie Slob sei dêroer: "We moeten dit ook niet forceren, met als gevolg dat er verdeeldheid in de partij ontstaat".
De KristenUny hat in federative struktuer. De lokale partijen binne selsstannige ferienings mei in folslein foech en gjin ôfdielingen fan de lanlike partij, sa't by in protte oare partijen wol it gefal is. Dizze pleatslike ferienings foarmje de leden fan de lanlike feriening.
Leden lokale KristenUnys | |
---|---|
Jier | Oantal leden |
1 jannewaris 2002 | 27.250 |
1 jannewaris 2003 | 27.000 |
1 jannewaris 2004 | 25.074 |
1 jannewaris 2005 | 24.235 |
1 jannewaris 2006 | 24.156 |
1 jannewaris 2007 | 26.673 |
1 jannewaris 2008 | 27.683 |
1 jannewaris 2009 | 26.745 |
1 jannewaris 2010 | 26.441 |
1 jannewaris 2015 | 23.521 |
1 jannewaris 2020 | 25.234 |
1 jannewaris 2021 | 25.495 |
1 jannewaris 2022 | 26.167 |
Bron: ChristenUnie - ledentallen (DNPP) |
partijfoarsitter | fan | oant | tsjerke |
---|---|---|---|
Thijs van Daalen | 22 jannewaris 2000 | 9 april 2005 | NGK |
Peter Blokhuis | 9 april 2005 | 12 maaie 2012 | PKN |
Klaas Tigelaar (wnd.) | 1 jannewaris 2013 | 13 april 2013 | GKV |
Piet Adema | 13 april 2013 | 17 april 2021 | GKV |
Ankie van Tatenhove | 17 april 2021 | oant no | GKV |
partijlieder | fan | oant | tsjerke |
---|---|---|---|
Kars Veling | 17 jannewaris 2001 | 12 novimber 2002 | GKV |
André Rouvoet | 12 novimber 2002 | 28 april 2011 | CGK |
Arie Slob | 28 april 2011 | 10 novimber 2015 | GKV |
Gert-Jan Segers | 10 novimber 2015 | 17 febrewaris 2023 | PKN |
Mirjam Bikker | 17 febrewaris 2023 | oant no | PKN |
De Twadde Keamerfraksje bestiet sûnt de Twadde Keamerferkiezingen fan 2023 út de folgjende trije persoanen:
De Earste Keamerfraksje bestiet sûnt de Earste Keamerferkiezingen 2019 út de folgjende fjouwer persoanen:
De Kristen Uny hie twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Balkenende IV (2007—2010). Dat wiene:
De Kristen Uny hie twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte III (2017—2022). Dat wiene:
De Kristen Uny hat twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV (2022—no). Dat binne:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article KristenUny, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.