Raerd

Raerd is in terpdoarp mei 637 ynwenners (2022) yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

It doarp leit tichteby de wei fan Ljouwert nei Snits. Ta it gebiet fan Raerd heart ek it buorskip Flânsum.

Raerd
Raerd
Emblemen
Raerd               Raerd
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Raerd Fryslân Fryslân
Gemeente Raerd Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 637 (2022)
Oerflak 7,64 km²
werfan lân: 7,56 km²
werfan wetter 0,08 km²
Befolkingsticht. 84 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 05' N 5° 45' E
Offisjele webside
Side Raerd
Kaart
Raerd (Fryslân)
Raerd
    Raerd Dizze side giet oer Raerd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Foar Raard yn de gemeente Noardeast-Fryslân, sjoch: Raard.

Skiednis

Oarspronklik lei Raerd oan de rivier De Boarn en oan de Middelsee. It wie oant 1984 it haadplak fan de eardere gemeente Raerderhim.

Raerd ûnstie as terpdoarp mei in radiale struktuer yn de iere midsiuwen en waard foar it earst yn 1329 as 'Rawerd' fermeld, wylst it gebiet dêr't it leit al yn de 13e iuw 'Rawertham' neamd waard. Oare nammen fan it doarp wiene 'Rawerderhem' (1401), 'Rauwert' (1427), 'Raerd' (1491), 'Rauwerd' (1505) en 'Raert' (1579). De plaknamme ferwiist nei in mei reid begroeide terp. De terp fan it doarp waard troch it bedykjen yn de 11e of 12e iuw opnommen yn de noardlike Himdyk.

Oan it begjin fan de 20e iuw ûnstie der lintbebouwing yn noardlike rjochting.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Raerd it haadplak fan de gemeente Raerderhim. Op 1 jannewaris 1984 gie Raerderhim mei de gemeenten Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel op yn de doe nije gemeente Boarnsterhim, dêr Grou it haadplak fan waard. By de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim op 31 desimber 2013 gie Raerd oer nei de doe foarme gemeente Súdwest-Fryslân.

Laurentiustsjerke

Raerd 
Laurentiustsjerke

De hjoeddeiske Laurentiustsjerke is fan 1814 en ferfong doe de letmidsiuwske tsjerke mei sealtektoer. By de restauraasje fan 2009-2010 waarden njoggen grêfstiennen yn stikken ûnder de flier fûn. Der waard oant doe altiten tocht dat de grêfstiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. By de restauraasje waard ek in mooglik 8e iuwsk brûnzen ornamint fûn, mei in ôfbyld fan in Kristuskop yn in krús. As dy datearring strykt, dan giet it om de âldste kristlike foarstelling yn Noard Nederlân.

Oan de foet fan it tsjerkhôf stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan de yn de gemeente omkommen fersetsstriders. It monumint waard ûnthuld op 4 maaie 1957. Op de stien steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder Chris Tinkelenberg.

Jongemastate

Raerd 
Poartegebou Jongemastate

Noardlik fan de beboude kom stie eartiids Jongema State, dêr't allinnich de poarte noch fan oerbleaun is. Op it stee is no in park mei beammen en stinzeplanten. It park wurdt beheard troch It Fryske Gea. Utsein yn 'e maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk.

Mienskip

Raerd 
Doarpshûs De Trijesprong

Yn 2000 is it Doarpshûs Raerd oprjochte. Mei arsjitekt Rein Hofstra waard it eardere kafee ferboud. De feriening foar Doarpsbelang hat hjir har gearkomsten. "Praet van Raerd" is de doarpskrante. Stifting Festiviteiten Kommisje Raerd, ek wol merkekommisje neamd, organisearret de festiviteiten yn it fjirde wykein fan augustus. Foar de jongerein binne der yn 'e wintermoannen aktiviteiten yn sportkantine "Jongemakrite".

De ynwenners krigen troch it grut tal roekenêsten op it terrein fan de eardere state de bynamme "Raerder Roeken". Yn 'e folksmûle wurdt dat terrein "Raerder Bosk" neamd.

Tsjerke

Skoalle

Raerd 
Sylsterhoeke

Ferienings

  • Badminton Raerd
  • Biljertklub Miss Stoot
  • Biljert senioren
  • Gymnastykferiening OSO
  • Iisklub Raerderhim
  • Karnavalsferiening De Tûke Roeken
  • Keatsferiening Wês-Wis
  • Popkoar Animo
  • Tennisferiening
  • Toanielferiening Nije Moed
  • Dokumintenkommisje
  • Stifting Farrend Erfgoed
Raerd 
Hegedyk

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 2007 2010
Ynwenners 620 573 563 544 529 637 588 614 648
Jier 2022
Ynwenners 637

Strjitten

Raerd 
Hegedyk

Aldfeartswei, Buorren, De Blink, De Dille, De Pôle, Flânsum, Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, Op 'e Feart, Poppenwiersterdyk, Sélânswei, Skoalstrjitte, Slingerbochten, Slotsdyk, Smitshoeke, Snitserdyk, Sylsterhoeke.

Publikaasjes

  • Willem Hansma "De Laurentiuskerk van Raerd"
  • G.D. Boerlage, Marie Boerlage "Een Friese pastorie in oorlogstijd"
  • Sjoke Brunia-de Wolff en Titus de Wolff "Flansum"

Ferskaat

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Raerd 
Súdwest-Fryslân
Raerd 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorren • Bessens • BernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum) • Ingwert • IngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzen • Makkum (Boazum) • MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe Pôle • Rea Skuorre • RemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje

Tags:

Raerd SkiednisRaerd MienskipRaerd StrjittenRaerd PublikaasjesRaerd FerskaatRaerdFlânsumLjouwert (stêd)Snits (stêd)Súdwest-FryslânTerpdoarp

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Masturbaasje2201 f.Kr.1672FryslânDOKLilleStripperFirus (biology)Vina Sky3700 f.Kr.Luna SilverHaaienKya TropicGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2017J.R. CarringtonPearsGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014NoemiFreedSkriuwerAstrologyGrutte Priis Formule 1 fan Monako 20101787Robin WilliamsGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 20132000 f.Kr.Seiun-priisSwedenMars (planeet)KemptenNasjonalisme100 f.Kr.10e milenniumBarentsseeTransfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2016Symmetry2201Nikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)StromnessInes Ridere21 febrewarisSina3201 f.Kr.14e iuw f.Kr.Frou9 oktoberFormule 1Sander WarmerdamThe SimpsonsSan Jose (Kalifornje)Grutte Priis Formule 1 fan Kanada 2016Grutte Priis Formule 1 fan Japan 201217e iuwDe HobbitMichael (aartsingel)WikeISSN22 julyGrutte Priis Formule 1 fan Japan 20147e milenniumTsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovMilfpornografyGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010Dakota-Oarloch fan 1862HinSARS-CoV-2Stasjon WinsumYouTubeKarel II fan Ingelân🡆 More