It Heidenskip (offisjeel Frysk) is in doarp yn Súdwest-Fryslân, súdeast fan Warkum, mei 375 ynwenners (1 jannewaris 2004).
Oant 2011 lei It Heidenskip yn de eardere gemeente Nijefurd.
It Heidenskip wurdt foarme troch it gebiet tusken de Fluezen, it Fliet, en de Alde Dyk (in âlde slieperdyk). De wenkearn leit wat nei de eastkant, net fier fan de Grutte Gaastmar. Bûten de kearn lizze ferspraat yn de streek boerepleatsen.
Fan oarsprong hjitte dy wenkearn de Brânburren, wylst "It Heidenskip" de namme fan de streek wie. Op 18 augustus 1979 waard it Warkumer part fan it Heidenskip in nij doarp. Yn dy tiid, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984, lei de wenkearn krekt noch yn gemeente Warkum, mar fan dêr nei de kant fan de Fluezen wie it Heidenskip part fan Himmelumer Aldefurd. Fan âlds is It Heidenskip tin bewenne. It wie in sompich gebiet mei in soad puollen en plassen. Troch de iuwen hinne ûntstie in feanlaach, dêr't troch der hieltyd mear "lân" kaam. De begroeiïng waard in fochtige heide-eftige fegetaasje. Wierskynlik komt dêr de namme It Heidenskip wei.
Oer de skiednis fan It Heidenskip hat Hylke Speerstra, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante in boek skreaun ûnder de titel De Oerpolder: It boerelibben efter de diken. Dat boek ferskynde yn 2006 en in jier letter yn it Nederlânsk (Utjouwerij Contact ISBN 978-90-254-2769-6).
It Heidenskip hat in ryk ferieningslibben. It doarp hat ûnder oaren in eigen fierljepskâns. De Heidenskipster toulûkers hawwe al ferskate Nederlânske kampioenskippen helle. Yn 2008 en 2010 binne hja wrâldkampioen toulûken binnendoar wurden yn Itaalje.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article It Heidenskip, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.