Greonterp

Greonterp is in terpdoarp yn it westen fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Greonterp
Greonterp Doarpssicht
Flagge Wapen
Greonterp Greonterp
Polityk
Lân Greonterp Nederlân
Provinsje Greonterp Fryslân
Gemeente Greonterp Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 74 (2022)
Oerflak 4,04 km²
werfan lân: 4,01 km²
werfan wetter 0,03 km²
Befolkingstichtens 18,3 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 00' N 5° 31' E
Webside FB-side Greonterp

Etymology

Greonterp waard yn it ferline ek Grewingdorp (1275), Greontrep (1448), Grouendorp (1482), Gronterp (1543) neamd. Oare, 17e-iuwske fariaasjes op de kaarten wiene Griounterp en Greunterp (1664) en Grjonterp (1700). Yn de 19e iuw wurdt it doarp yn 'e regel as Greonterp skreaun. It earste diel soe mooglik ôflaat wêze fan it Aldfryske 'greva' (fan it tiidwurd 'grave'). Sa soe der in ferbining lein wurde kinne mei de turfgraverij, dy't yn 'e midsiuwen yn it gebiet plakfûn. It twadde diel is fan it Aldfryske 'therp', dat hjir doarp betsjut.

Skiednis

Greonterp 
Alde tsjerke, Jacobus Stellingwerf (1723)
Greonterp 
Klokhûs

Greonterp is in midsiuwsk terpdoarp dat al yn it jier 1275 neamd waard. It plak lei isolearre tusken puollen en marren en de bewenners libben fan de fiskerij. Oan de noardlike kant fan it doarp waard yn 1633 de Sinsmar drûchlein. Oan de súdwestlike kant fan it doarp folge dêrnei de Uylkemar. Oer in smel paad kaam der in ferbining oer lân mei it letter doarp Blauhûs.

Yn 1580 gyng de tsjerke yn it ramt fan de reformaasje oer yn protestantske hannen, mar de bewenners fan Greonterp bleaune katolyk en tsjerkten yn Blauhûs. De âlde tsjerke waard dêrfandinne jimmeroan minder brûkt en rekke op 't lêst brekfallich. Yn 1780 folge de ôfbraak fan de tsjerke en de bou fan in klokketoer, dy't yn 1822 op 'e nij ferfongen waard troch de hjoeddeiske klokhûs. Yn it tuorke hinget in klok út de âlde tsjerke dy't yn 1465 getten waard troch Steven Butendic.

Greonterp 
Opfeart mei brêge

It klokhûs is yn 1999 restaurearre en wie eigendom fan de roomske parochy fan Blauhûs, mar de bewenners fan Greonterp fûnen dat it klokhûs by Greonterp hearde en stiften de Stifting Klokketoer Greonterp, dy't it klokhûs no besit. It bouwurk hat wat fan in omklaaide klokkestoel mei in punt en hat wol wat fan de klokkestuollen fan Hartwert en Hinnaard. Op it tsjerkhôf binne 19e iuwske pastoarsgrêven.

De bern fan Greonterp gyngen eartiids nei skoalle yn Dedzjum, no yn 'e regel nei Blauhûs.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Greonterp part fan Wûnseradiel. Dêrnei lei it doarp oant de opheffing dêrfan yn 2011 yn de gemeente Wymbritseradiel.

Gerard Reve

Greonterp 
Gerard Reve-monumint

It doarpke krige bekendheid bûten Fryslân troch't de skriuwer Gerard Reve dêr yn de jierren 1964-1971 mei Willem Bruno van Albada en wat letter ek mei Henk van Manen yn in arbeidershúske wenne en wurke ("Huize Het Gras"). Yn it doarp fynt alle jierren in betinking fan de skriuwer plak op it hôf fan Greonterp mei oanslutend in misse yn de Fitustsjerke fan Blauhûs en in neisit yn it kafee fan Blauhûs. De skriuwer wurdt dêrnjonken ek mei in pear glêsmonuminten yn it doarp betocht.

Reve mocht graach wêze yn Greonterp en hy koe it fierder wol aardich fine mei de minsken dêr, al fûnen de ynwenners him doe al wat nuver.

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2022
Ynwenners 212 204 165 155 132 93 74
Greonterp 
Pleats Doarpswei

Berne

Oars

  • Oan De Ryp is yn in pleats it boeddhistysk retraitesintrum "Ús Thús" ûnderbrocht.
  • Súdeastlik fan Greonterp lizze trije markes: It Fliet, de Reidmar en de Sipkemar.
  • De Lytse Marren' is de fytsrûte yn de omkriten.

Strjitten fan Greonterp

Blauhústerleane, De Ryp, Doarpswei, Mardyk, Snakkepôle.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Greonterp 
Súdwest-Fryslân
Greonterp 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorren • Bessens • BernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum) • Ingwert • IngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzen • Makkum (Boazum) • MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe Pôle • Rea Skuorre • RemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje

Tags:

Greonterp EtymologyGreonterp SkiednisGreonterp Gerard ReveGreonterp BefolkingsferrinGreonterp BerneGreonterp OarsGreonterp Strjitten fan Greonterp Sjoch ekGreonterpSúdwest-Fryslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DeastrafAldheidGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019Bruce VentureRomeinske Republyk1400 f.Kr.BorneoGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Flear2401Wylde apelErotykMax VerstappenOpper-MichiganSan FranciscoThüringenRachel Weisz1 junyMichael Jordan500Some Like It Hot (film út 1959)1918Gryksk25 desimberAnale seksSweden1786Aleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)2300Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 20143000 f.Kr.Kearnramp fan TsjernobylFormule 1FreedTrije-ienheidskatedraal (Brjansk)Io (moanne)MalawyTaiwan3001 f.Kr.BretanjeSan Jose (Kalifornje)Julie SkyhighIllinois2101 f.Kr.DútslânGregoriaanske kalinderMarilyn CrystalStripteaseList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lân17 jannewarisOblast OrenburgNikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)Joyce OliveiraClara TrinityFeriene SteatenJierskema238 f.Kr.15771701 f.Kr.Formule 1 yn 20153401 f.Kr.Sarah Young1700 f.Kr.1401EkshibisjonismeFazantenPeterhôf (stêd)Arwen GoldHûntsjeshâlding1806Gemme fan Burmania🡆 More