Gerard Kornelis van het Reve (14 desimber 1923, Amsterdam - 8 april 2006, Zulte), wie in Nederlânsk skriuwer en dichter.
Mei Harry Mulisch en Willem Frederik Hermans wurdt er ta de saneamde Grutte Trije fan de neioarlochske Nederlânske skriuwers rekkene. Guonts dy't it wurk fan Jan Wolkers of Hella S. Haasse heech hawwe sprekke leaver oer 'De Grutte Fjouwer' of 'Grutte Fiif'.
Gerard Reve | ||
skriuwer | ||
Gerard Reve yn 1969 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gerard Kornelis van het Reve | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 desimber 1923 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 8 april 2006 | |
stjerplak | Zulte | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk, Ingelsk | |
bekendste wurk(en) | De Avonden, Werther Nieland, Moeder en Zoon | |
jierren aktyf | 1940 - 1999 |
Gerard Reve makke namme mei syn earste roman, De avonden ('De jûnen') út 1947. De roman beskriuwt de lêste tsien dagen fan 1946 sjoen troch de eagen fan Frits van Egters. Reve docht sels neat as mei in soad detail beskriuwe wat der bart, mar der ûntstiet in swiere sfear trochdat de haadpersoan frij synysk is oar it froede fermidden dêr't er yn libbet.
Om de persoan fan Gerard Reve wie mear as ien kear wat te dwaan. Hy makke der in grut ferhaal fan dat er katolyk waard, mar yn deselde tiid joech er God yn syn wurk in ynkarnaasje as ezel. Dat er homofyl wie hat er ek ferskate kearen dúdlik witte litten.
Reve wie fan 1948 oant 1959 troud mei Hanny Michaelis. Se rekken mei inoar yn 'e kunde yn 1947 by de útrikking fan de Reina Prinsen Geerligspriis, dy't dat jier takend wie oan Reve, en wêrby't Michaelis in earfolle fermelding krige. Yn 1963 makke se de (autorisearre) oersetting fan Reve's bondel The acrobat and other stories ûnder de titel Vier wintervertellingen. It houlik waard ûntbûn doe't Reve derfoar keas om foar syn homoseksualiteit út te kommen en mei in man fierder woe. Michaelis en Reve bleaune wol tige goede freonen.
Yn 1998 waard er Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Yn 2001 waard Reve de Priis fan de Nederlânske Letteren takend, mar kening Albert fan Belgje wegere dy út te rikken. Reve hat de priis fan immen fan de Taaluny oerlange krigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Gerard Reve, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.