Striptease

In striptease of striptiis (letterlik: pleagjende ûntklaaiïng) is in eroatyske dûns wêrby't de dûnser of dûnseresse him of har op in ferliedlike en seksueel suggestive manear stadichoan útklaait, itsij foar in diel, itsij folslein.

De persoan dy't de striptease útfierd wurdt in stripper of in eroatysk dûnser of dûnseresse neamd. It is oer it algemien net de bedoeling dat it publyk aktyf oan 'e striptease dielnimt, al wurdt wol ferwachte dat it de stripper oanmoediget om mear klean út te dwaan. De stripper kin de ûntklaaiïng ferlingje troch mei sin mear klean te dragen (al is dêr fansels in grins oan), of troch hannen of foarwerpen lykas waaiers of walen foar de krekt ûntklaaide dielen fan it lichem (bgl. boarsten of geslachtsdielen) te hâlden. Gauris drage strippers in beskaat kostúm dat ûnderdiel fan it optreden foarmet en de spanning noch ferheegje moat, lykas in haremklean of in unifoarm (fan in plysje, ferpleechster, dokter, stewardess, brânwacht, skoalfamke, ensfh.).

Striptease
Mata Hari by it opfieren fan in striptease.

De striptease yn 'e sin fan 'e ûntklaaiïng fan froulju ta opwining fan manlike taskôgers bestiet yn elts gefal al 400 jier en de assosjaasje mei it dêrby dwaan fan in dûnske op muzyk is allike âld. Nei alle gedachten giet de striptease noch fierder tebek; der wurdt gauris beweard dat de dûns dy't Salomé, de dochter fan Heródias, foar kening Heroades en syn gasten opfierde (en wêrmei't se de kening, dy't har omke en styfheit wie, sa bekoare dat er har ta beleanning de holle fan Jehannes de Doper joech doe't se him dêrom frege; sjoch: Mattéus 14:6 en Markus 6:21-22) in striptease wie, mar dat is ynterpretaasje efterôf en dêr bestiet gjin bewiis foar.

De striptease yn 'e moderne sin fan it wurd giet werom op 'e dûnshuzen yn it Frânske Parys yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, lykas de ferneamde Moulin Rouge, dêr't it publyk foarstellings bywenne dy't jûn waarden troch krap klaaide dûnseressen. Dit ûntjoech him letter ta optredens fan ien inkele frou. Ut Frankryk waaide dat oer nei de Feriene Steaten, dêr't de striptease ûnderdiel waard fan 'e Amerikaanske burleske, in soarte fan revu of fariëteitsshow. It soarte striptease dat doedestiden opfierd waard, sawol yn Frankryk as yn Amearika, wie hiel oars as de striptease fan tsjintwurdich; it wie de dûns fan de sân walen of de waaierdûns, wêrby't de klam lei op it pleagjende (tease)-aspekt ynstee fan op it ûntklaaiende (strip)-aspekt. Dat makke it ta in frij lang duorjende foarstelling, mei de neakenens pas hielendal oan 'e ein, yn 'e lêste pear tellen. Guon froulju makken namme mei it opfieren fan dit soarte fan striptease, lykas de swarte Amerikaanske Josephine Baker; Mata Hari (Margaretha Zelle), dy't fan Frysk komôf wie; en de yn Kanada berne, mar yn Berlyn opgroeide Maud Allan, dy't yn 1907 sels in priveefoarstelling joech oan 'e Britske kening Edwert VII.

Hjoed de dei is it pleagjende aspekt fan 'e striptease yn it neigean rekke en fynt de eigentlike ûntklaaiïng flugger plak. Wylst dat foarhinne de ein fan 'e dûns wie, wurdt dy no yn 'e regel noch in skoft fuortset as de stripper al neaken is. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat net eltse stripper syn of har dûns folslein neaken beëiniget, al is de beheindende faktor yn sokke gefallen net sasear de ûnwil fan 'e stripper om fierder te gean, mar de pleatslike wetjouwing: benammen yn 'e Feriene Steaten is it op plakken ferbean om hielendal neaken op te treden. De striptease wurdt tsjintwurdich oer it algemien yn spesifyk dêrta ynrjochte stripklubs of op iepenbiere ekspo's opfierd, al is it ek mooglik om in stripper yn it hieren foar in frijgesellefeest. Troch de ynfiering fan 'e no rûnombywêzige stripperpeal is de pealdûns-ferzje fan 'e striptease op 't heden de meast foarkommende. Dêrmei is strippen ta in folle akrobatysker oefening wurden as dat it foarhinne wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BoarstenDûnsStripper

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

LânDútslân69 (sekshâlding)DraaioargelKeizerspjochtDaarlerveenRêchstringdierenBanne (rjochtsgebiet)Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenFeriene KeninkrykList fan planetoïden 49901-50000Josy BlackAnne fan Grut-BrittanjeSjongerTwitterHelp22 maaiePaleis Holyroodhouse1977Goaten4 febrewarisSithMediaWikiStasjon Deventer ColmschateBella BellzLayton BentonKillergramNeakenmodelKazan (stêd)Akkrum189524 aprilGreefskip Bentheim (Landkreis)2011SaratovHarmony WonderList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânDigital SinAchillesTaalBywurdEl NiñoKristina Schwartz1933BiskopWurkhûsLaura GemserIerdoerflakNammeWendy WhoppersKanadaShae SummersGregoriaanske kalinderJob Cohen86Sandy MilzWylde einKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)NederlânOranjekoekeMinnie BeetsOrganismeBerchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2016PornhubTyneKartaachske RykGeslachtsmienskipNoelle Easton22 aprilLoni LegendWarkum (gemeente)Bolivia🡆 More