Laura Gemser (folút: Laurette Marcia Gemser; Soerabaja (Yndoneezje), 5 oktober 1950), is in rêstend Nederlânsk softcore-pornoaktrise, mainstream-aktrise en kostúmûntwerpster fan mingd Javaansk-Nederlânsk etnysk komôf.
Hja makke yn 'e 1970-er jierren furoare yn 'e titelrol fan 'e sêft-pornografyske Black Emanuelle-filmrige. Letter spile se ek yn mainstream-films. Gemser hat no de Italjaanske nasjonaliteit.
Laura Gemser | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Moira Chen | |
echte namme | Laurette Marcia Gemser | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Italjaansk | |
berne | 5 oktober 1950 | |
berteplak | Soerabaja (Yndoneezje) | |
etnisiteit | Javaansk Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, softcore-aktrise, aktrise, kostúmûntwerpster | |
jierren aktyf | 1974 – 1992 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Gemser waard yn 1950 berne yn Soerabaja, op it Yndonezyske haadeilân Java. Hja is fan mingd Nederlânsk-Javaansk etnysk komôf. Yn 1955, doe't se fjouwer jier wie, emigrearre hja mei har âlden nei Nederlân, dêr't hja opgroeide yn Utert. Se trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Regentesseschool, in MULO. Neitiid folge se in oplieding moadeûntwerpen oan 'e Uterter Artibus Keunstakademy.
Nei't se as neakenmodel posearre hie foar ferskate neakenblêden yn Nederlân en Belgje ferfear Gemser yn 1974 nei Itaalje, dêr't se de haadrol spile yn 'e eroatyske film Amore Libero – Free Love. Dat waard in kassúkses yn 'e bioskopen, en sadwaande waard Gemser yn 1975 de titelrol taparte yn 'e sêft-pornografyske film Black Emuanuelle, in fariaasje op it tema fan 'e oarspronklike Emanuelle-rige mei Sylvia Kristel.
Black Emanuelle betsjutte foar Gemser de trochbraak, net inkeld yn Itaalje, mar ek ynternasjonaal. Neitiid waarden noch ferskate ferfolchfilms makke, lykas Emanuelle in America (1977), Suor Emanuelle (1977), Emanuelle Around the World (1977), Emanuelle and the Last Cannibals (1977) en Emanuelle and the White Slave Trade (1978).
Letter spile Gemser ek yn ferskate mainstream-films, wêrûnder de Amerikaanske tillefyzjefilm Love is Forever (1983), fan akteur en regisseur Michael Landon (benammen bekend fan The Little House on the Prairie). Dêryn fertolke Gemser de rol fan Keo Sirisomphone, in Laotiaanske flechtlinge. Fanwegen har pornografysk ferline stie Landon der lykwols op dat se foar de rol in skûlnamme oannimme soe, en sadwaande stiet Gemser op 'e ôftiteling fermeld as Moira Chen.
Gemser troude mei de Italjaanske akteur Gabriele Tinti, mei wa't se yn ferskate films gearwurke. Har lêste filmrol hie se yn 1992. Dêrnjonken wie se fan 1988 ôf yn 'e Italjaanske filmyndustry ek wurksum as kostúmûntwerpster. Yn 1991, doe't Tinti ferstoar, waard Gemser widdo. Troch har houlik hie se de Italjaanske nasjonaliteit krigen. Tsjintwurdich liedt se in weromlutsen bestean yn har wenplak Rome.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Laura Gemser, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.