Primaten

It skift fan de primaten (wittenskiplike namme: Primates), is ien fan de twa skiften yn it grutskift fan de primaten en hûdfleaners (Primatomorpha).

De namme primaten is ôflaat fan it Latynsk foar earste, dêr't Linnaeus nei gedachten mei oanjoech dat er de primaten beskôge as de heechste oarder fan de dieren.

It oare skift binnen it grutskift binne de hûdfleaners (Dermoptera). Dat is in lyts takson, fan twa soarten fan sweefmakys yn Súdeast-Aazje.

Opdieling

De primaten kinne ûnderskieden wurde yn it ûnderskift fan de healapen (Strepsirrhini), en dat fan de drûchnoazigen (Haplorhini). Dy healapen binne frij primitive dieren, mei net in soart spesjalisaasje. Hja hawwe wier noch in snút, mei eagen oan beide kanten, en in goed ûntwikkele noas. Lykwols hawwe hja it aapeftige fan alle primaten, mei fjouwer earms dy't unôfhinklik beweegje kinne, en rjochte binne op bewegings yn 'e beamen.

De drûchnoazigen binne wat fierder spesjaliseare dêr't it giet om it ûntwikkeljen fan yntelliginsje, mei in plattere holle mei beide eagen foarút. Hja hawwe in minne noas, mar goede eagen. Drûchnoazigen binne it fermogen kwytrekke om sels fitamine-C te meitsjen, dat hja moatte dêr oare dieren of ynsekten foar ite. Dêr stiet tsjinoer dat harren gruttere yntelliginsje it fangen dêrfan makliker makket.

Klassifikaasje

  • grutskift primaten en hûdfleaners (Primatomorpha)
    • skift hûdfleaners (Dermoptera)
    • skift primaten (Primates)
      • ûnderskift healapen (Strepsirrhini)
      • ûnderskift drûchnoazigen (Haplorhini)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • As boarne is meast [1] brûkt.

Tags:

LinnaeusSkiftWittenskiplike namme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MassachusettsSosjaalliberalismeOflûken (seksualiteit)George I fan Grut-BrittanjeFingerjenMagrebsliepmûsGaya PatalBrazilian wax1888Johan DerksenCarles PuigdemontNeptunus (planeet)PeaskeRigtje Boelstra15 desimberEvil Angel (filmstudio)WenenOranjekoekeAugust TaylorSarah BanksPalestinenWeenske oester1925RottekopJeanne d'ArcKillergramHumorWijheBanne (rjochtsgebiet)FryslânJohnny DeppRae Lil BlackNoardseeOlstNijverdalStasjon MariënbergBerchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2016AlpenmarmotMagnetyske noardpoalMisjonarishâldingJezabel VessirRaffarinadeJohnny CashFrysktalige WikipedyWytmaskeribisCottagestylBelladonna (pornografysk aktrise)VroomshoopInez WeskiKartaachske RykWiegels Wjukkelmasine1933Peter BoszDûbele penetraasjeTrienke ElshofGrutte PierKommunistysk ManifestPeymastate (Ternaard)ApheliumLjouwert (stêd)Noardfrysk2 septimber11 septimberTatarstanFroulike ejakulaasje2009May ThaiMarijn KuipersIerdeSkimmelsSjongsterAbdûlazyz ibn Saûd🡆 More