Terherne

Terherne is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren oan de noardeastkant fan de Snitser Mar.

It doarp hat 755 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).

Terherne
Loftfoto (2007)
Loftfoto (2007)
Emblemen
Terherne               Terherne
Polityk
Provinsje Terherne Fryslân
Gemeente Terherne De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 755 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 9,15 km², wêrfan:
lân: 5,29 km²
wetter: 3,86 km²
Befolkingsticht. 193 ynw./km²
Oar
Postkoade 8493
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' N 5° 47' E
Himrik fan Terherne (grien) yn de eardere gemeente Boarnsterhim
Himrik fan Terherne (grien) yn de eardere gemeente Boarnsterhim
Offisjele webside
Side Terherne
Kaart
Terherne (Fryslân)
Terherne

De bynamme fan de ynwenner fan Terherne is “poask”. Dy fiskjes komme in soad foar yn it wetter om Terherne hinne. De “Poask” symbolisearret ek de earmoede ûnder de bewenners.

Skiednis

De namme Terherne betsjut ‘op e hoeke’. Terherne is ûntstien as in einpunt fan de lânferkaveling yn de 12e iuw. It doarp sels wurdt al neamd yn 1200 en ek op de kaart fan Jacob fan Deventer út 1545 wurdt Terherne neamd (Herne). Skipfeart, fiskerij en boatebou wienen de belangrykste boarnen fan ynkommen. Op it hichtepunt fan de Fryske hannelsfeart op de Eastsee wie Terherne de thúshaven fan sa'n 40 oant 50 kof- en smakskippen. Letter foarme ek lânbou en benammen feehâlderij in boarne fan ynkomsten. Troch ferfeantingen en ôfslach rekke it doarp ôfsluten fan de fêste wâl en waard it in eilân.

Oant 1857 bleau Terherne in eilân. Doe waard in grintwei oanlein dy't oansluet op de wei nei Meskenwier, Akkrum en Aldskou en waard de oerset oer de Geau (no Alde Sânsleat) ferfongen troch in brechje. Pas yn 1908 is der oer de Hearresyl in wei oanlein nei Terkaple, dy’t wer fierder giet nei de De Jouwer.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 foel Terherne diel ûnder de eardere gemeente Utingeradiel. Yn dat jier waard Uteringadiel by de nije gemeente Boarnsterhim yndield, dy't yn 2014 opdield waard. It doarp Terherne waard doe by De Fryske Marren foege.

Yn 1989 is mei it plaknamme beslút fan de gemeente Boarnsterhim de plaknamme 'Terhorne' offisjeel feroare yn Terherne.

Terherne 
Wetterdoarp

Wapen fan Terherne

It wapen fan it doarp bestiet út trije klaverblêden yn goudgiel boppe en ien swanneblom yn sulver. De ûndergrûn is read. It is net bekend wat de oarsprong fan it wapen is, mar is allinnich bekend fan in kastdoarke yn kafee Zevenwouden. Dêr is njonken it wapen de goa Sânwâlden yn ôfbylde. De klaverblêden komme ek foar yn de wapens fan de doarpen Akkrum en Aldeboarn en yn dy fan d eeardere gemeente Utingeradiel. Mooglik ferwize dy nei de lânbou yn de omkriten.

Mienskip

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang dy't har gearkomsten hat yn doarpshûs De Buorkerij. Doarpsblêd is de "Brio". Wa't eartiids troch de brêge woe, rôp: Brio!

Ferienings

  • Undernimmersferiening Terherne DeBúT
  • Sportferiening Voorwaarts Terherne
  • Iisklup De Broederschap
  • Wettersportferiening Onder Ons
  • Skûtsje De Lege Wâlden
  • Sloeproeiferiening Den Bealch Tersoal/Terherne
  • Sjantykoar Ballêst Oer Board
  • Enerzjykoöperaasje De Poask
  • Karbid team Terherne
  • Biljertferiening Terherne

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2010 2021
Ynwenners 438 419 435 459 459 800 820 760

Skoalle

  • Bloei, Skoalle foar de Mienskip (kristlik basisûnderwiis)

Tsjerken

Terherne 
Fermanje fan Terherne

Terherne hat twa tsjerken, dy't alletwa net mear as tsjerke funksjonearje. De herfoarme tsjerke út 1874 waard yn 1998 bûten gebrûk steld en oerdroegen oan de 'Stifting Buorren 46'. Alle banken binne weibrutsen en ek it doophek en it oargel binne net mear oanwêzich. De tsjerke kin brûkt wurde foar spesjale tsinsten, gearkomsten en konserten. Ek de eklektyske fermanje fan Terherne wurdt sûnt 2007 net mear as tsjerke brûkt. De fermanje is yn behear fan de 'Stifting Fryske Fermanje', dy't de tsjerke ynearsten ferhierde as museum fan it Kameleondoarp en fan 2010 oant 2012 as blommewinkel. Foar nije funksjes binne in tal banken ferwidere, mar it grutste diel fan it ynterieur bleau yntakt.

Toerisme

De grutste ynkomstenboarne fan Terherne is it toerisme. Yn en by it doarp binne jachthavens, hotels, en campings dy't benammen rjochte binne op de wettersport. By Terherne leit ek de Terhernster Slûs.

Sûnt 1988 wurdt troch wettersportferiening 'Onder Ons' de jierlikse Brio sylmaraton hâlden. Alle type skippen kinne hjiroan meidwaan. Der wurdt syld mei in ynternasjonaal brûkte handikapformule. Wa't de 60 kilometer silen binnen de tiid útsyld, wurdt ûntfongen yn de feesttinte.

De Komelker is de pleatslike pream dy't hierd wurde kin troch selskippen. De pream is ta neitins oan de Terhernster boeren en komelkers, dy’t hjir eartiids alle dagen gebrûk fan meitsje moasten.

Kameleondoarp

Terherne 
Terherne Kameleondoarp

Terherne hat as tema De Kameleon nei de berneboeken fan Hotze de Roos. Yn it Kameleondoarp binne in soad plakken en aktiviteiten rûnom it doarp fan de haadpersoanen Hylke en Sytse Klinkhammer út de boekerige.

Op it ta it Kameleondoarp hearrende eilân Grutsân stiet in Amerikaanske wynmotor. In lytsere wynmotor stiet wat tichterby it doarp op in oar eilân.

Berne

Sjerp de Vries (1925-1921) hat it preamsilen yn Fryslân mei opsetten. Hy wie ek de ûntwerper fan de UFO, in sylboat dy't wol wat wei hat fan in polyester BM'er.

Strjitten

Terherne 
Buorren
  • Bongel - soarte boei oan in hynstepoat om it bewegen te behinderjen at se wat wyld wienen
  • Buorren - de haadstrjitte fan Terherne
  • Bytling - it helster foar fee mei ynbegryp fan it izeren mûlestik
  • De Achte - stik lân fan acht pûnsmiet
  • Foarnewykje - nei it sleatsje dat der earder rûn
  • Grevinnewei - in sânrêch dy't troch de Snitser Mar rint en by Terherne brede útrinners hat
  • Grintdyk - De Terhernsterdyk dy't fan Terherne nei Akkrum rint. Ek de dyk fan Terherne nei Terkaple hiet eartiids sa.
  • Harspit - dikke izeren pinne dy't yn de grûn slein wurdt mei breed boppestik om de seine op te harjen.
  • Jelle-paad - Nei Jelle van der Molen (Jelle Kont) dy't faak oer dit paad oan de noardkant fan Terherne rûn nei syn stik lân
  • Jongebuorren - nei de streeknamme Jongebuorren, yn de ferkavelingen fan de 12e/13e iuw earder in part fan Doniawerstal, op 1 jannewaris 1959 (nijjiersnacht) oerdroegen oan de gemeente Utingeradiel
  • Koailân - it lân, dat by de Koaipleats hearde, dêr't earder in einekoai by wie; de dobbe foar dy pleats is noch de rest fan dy einekoai
  • Kupersleantsje - it stik lân wie eigendom fan de fermanje.
  • Leie - line om it hynder te lieden
  • Louwer Om 'e Tún - nei de tún fan Louwer-om
  • Seel - halstou of hânsel fan in amer
  • Siggepôle - plak mei in soad sigge, hurdgers
  • Slûs - nei de Terhernster slûs
  • Strikel - strykstôk om de seine te skerpjen
  • Stripe - lang en smel stik lân oan de Alde Sânsleat, eartiids brûkt foar opslach
  • Syl - oar wurd foar slûs, dy't oant 1886 yn it doarp wie as ûnderdiel fan de Alde Slachtedyk
  • Terhernsterdyk - dyk nei Akkrum, eartiids de Grintdyk
  • Tichtset - fertikaal fiskersnet fan de iene wâl nei de oare wâl
  • Tuolle - melkstuoltsje op ien poat
  • Utbuorren - earder in trijetal pleatsen oan de súdkant fan Terherne, rjochting de Terkaplester Puollen

Sjoch ek

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Terherne 
>

Terherne 
De Fryske Marren
Terherne 
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje

Tags:

Terherne SkiednisTerherne MienskipTerherne ToerismeTerherne BerneTerherne StrjittenTerherne Sjoch ekTerherne OfbyldenTerherne1 jannewaris2023De Fryske MarrenDoarpSintraal Buro foar de StatistykSnitser Mar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

8 febrewaris15 aprilBad Samaritan (film)2009SamoähunningiterKroaasjeLiifmoerUrk19932012Diezerpoarte1927Grutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007FryskPears11 septimberDe Holder (literêr tydskrift)DetroitGriis iikhoarntsjeSteatsfoarmMerknammeISBNFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)Keltyske talenWikipediaPersia MonirFrysk hynderDelotta BrownPlestikEastenrykSwartnoasklapperiikhoarntsjeNoarwegenAmerikaansk fuotbalSpaanskArmie FieldPhilippus H. BreukerDemokratyske Republyk KongoSjongfûgelsMediaWikiInga RidereHagekrûperJ. MacVienna BlackTel AvivOflûken (seksualiteit)FideospultsjeMullumPlantenMadagaskarRunenHôfdowenWrâldkampioenskip fuotbalThundermotherAbortedIt Dronkene SkipMichiganHertpuzel9 maart24 aprilÛndersoartePortegalSimone WestSisca FolkertsmaFeneesje (stêd)Noard-AmearikaJapanskYndoneezje🡆 More