The Dark World

Thor: The Dark World is in Amerikaanske superheldefilm út 2013 ûnder rezjy fan Alan Taylor, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth en Natalie Portman.

De titel betsjut: "Thor: De Dûnkere Wrâld". It ferhaal folget de god Thor, dy't, nei syn aventoeren yn Thor (2011) noch altyd smacht nei syn Ierdske leafde, dr. Jane Foster. Hy moetet har wer as se by fersin yn oanrekking kommen is mei de Aether, in wapen dat troch de dûnkere elf Malekith oanmakke is om it hielal te ferdylgjen. Thor: The Dark World krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 2 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Iron Man 3. De folgjende film fan 'e rige is Captain America: The Winter Soldier, dat yn 2014 útkaam, mar it direkte ferfolch op Thor: The Dark World is Thor: Ragnarok, út 2017.

Thor: The Dark World
The Dark World film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Dark World
makkers
regisseur Alan Taylor
produsint Kevin Feige
senario Christopher Yost
Christopher Markus
Stephen McFeely
basearre op Thor fan Stan Lee,
   Larry Lieber en Jack Kirby
kamerarezjy Kramer Morgenthau
muzyk Brian Tyler
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Chris Hemsworth
Natalie Portman
byrollen Tom Hiddleston
Anthony Hopkins
Stellan Skarsgård
Christopher Eccleston
Kat Dennings
Rene Russo
Idris Elba
skaaimerken
lân/lannen The Dark World Feriene Steaten
premiêre 22 oktober 2013
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $150–170 miljoen
opbringst $644,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Iron Man 3
● folgjend diel Captain America: The
   Winter Soldier

Plot

Prolooch

Tûzenen jierren lyn besocht de dûnkere elf Malekith in wapen fan floeiber guod op 'e Njoggen Riken los te litten dat er de 'Aether' neamde, en dat ien fan 'e saneamde 'Uneinichheidsstiennen' wie. It soe it hielal ferneatigje en alles dat wie, werombringe ta in steat fan tsjuster, dêr't de dûnkere elven yn bestien hiene foar't it hielal ta wêzen kaam. Bor, de heit fan Odin, de kening fan Asgard, oarlogge tsjin 'e dûnkere elven en foel harren wrâld Svartalfheim binne om Malekith tsjin te hâlden. Dêr stried it leger fan Asgard tsjin it leger fan Malekith, dat ek genetysk ferbettere fjochters omfette, de Ferflokten, dy't de rest fan harren lange libben opjûn hiene om in koart skoftke as ûnoerwinlike kriger fanwegen komme te kinnen.

It slagge Bor en ûntskuor de Aether oan 'e hannen fan Malekith, wêrnei't de dûnkere elven troch it leger fan Asgard ferslein wurde koene. Nei syn oerwinning ferburch Bor de Aether, dy't te machtich wie om te ferneatigjen, yn in reuseftige stiennen pylder. Malekith liet alle dûnkere elven harsels opofferje yn 'e striid, sadat hysels en in lytse kloft oaren fuortglûpe koene yn in romteskip. Dêr lieten se harsels weisakje yn stasis, wylst Bor derfan oertsjûge wie dat alle dûnkere elven útrûge wiene.

Haadferhaal

Yn 'e hjoeddeistige tiid wurdt Loki nei syn útlokjen fan in bûtenierdske ynvaazje yn New York (sjoch: The Avengers) as finzene foar syn pleechheit Odin brocht en neitiid opsletten yn 'e tsjerkers fan Asgard. Underwilens is Thor, yn 'e mande mei syn freonen, de Trije Krigers Volstagg, Fandral en Hogun en de froulike kriichster Sif dwaande om 'e oarder yn 'e Njoggen Riken werom te bringen nei alle trelit dat feroarsake is troch de ferneatiging fan 'e Bifröst (sjoch: Thor). Dat is de (ûnderwilens reparearre) Reinbôgebrêge, dy't út Asgard troch in wjirmgat tagong ta de oare acht wrâlden jout. Fan Heimdall, de wachter fan Asgard, heart Thor dat der mei koarten in Konverginsje plakfine sil, wannear't alle njoggen wrâlden op ien line steane. Soks is net mear foarkommen sûnt de tiid fan Odin syn heit Bor. Wylst dat nijsgjirrige, mar fierders net botte wichtige astronomyske barren neieroan komt, ferskine poarten dy't de Njoggen Riken mei-inoar ferbine op willekeurige basis.

Thor syn grutte leafde, de Amerikaanske astrofysika dr. Jane Foster is ûnderwilens yn Londen. Dêr besiket se Thor te ferjitten, fan wa't se al twa jier neat heard hat, en har normale libben wer op te pakken. Mei har stazjêre Darcy Lewis en Darcy har stazjêr Ian Boothby spoart se guon fan 'e willekeurich ferskinende poarten op yn in leechsteand, fertutearze fabryksgebou. De ferskining fan 'e poarten hawwe dêr de natoerwetten fersteurd, sadat bygelyks in frachtwein yn in steat fan gewichtsleazens optild wurde kin troch in bern. Jane rekket by de oaren wei en wurdt yn in poarte sûgd dy't har nei in oare wrâld ta teleportearret. Dêr ûntdekt se in pylder wêrfan't de stiennen yn in steat fan gewichtsleazens in ein útinoar sweve. In reade floeistof befynt him tusken de stiennen yn; as se dy oanrekket, kringt dy har lichem binnen en rekket Jane bewusteleas.

Thor wurdt troch de alsjende Heimdall warskôge dat er Jane net mear gewaarwurde kin. Yn tûzen noeden reizget er nei de Ierde, dêr't er Jane weromfynt yn it âlde fabryk. Darcy hat ûnderwilens de plysje ynskeakele mei't Jane fiif oeren lang fermist west hat, mar as in plysjeman Jane arrestearje wol om't se har op oarmans gerjochtichheid bejûn hat, folget der in ûntploffing sadree't er har oanrekket. Der falle gjin deaden, mar eltsenien is bot kjel wurden. Thor beseft dat Jane wat yn har opnommen hat dat net fan 'e Ierde is, en nimt har mei nei Asgard. Dêre is Odin alhiel net wiis mei Thor syn beslút om in Ierdlinge mei te slepen. Hy jout befel om Jane werom te stjoeren nei de Ierde, mar sadree't de Asgardyske wachters har oanreitsje, folget der in nije ûntploffing. Nei ûndersyk stelt Eir, de hege genêsfrouwe fan Asgard, fêst dat Jane in grutte hoemannichte bûtenierdske enerzjy absorbearre hat, dêr't se nei ferrin fan tiid oan ferstjerre sil. Der bestiet lykwols op Asgard gjin technology om Jan fan 'e substânsje te ûntdwaan. Odin beseft dat de enerzjy de Aether is, en warskôget Thor dat it wapen net inkeld Jane deadzje, mar it folsleine hielal ferdylgje sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Malekith, dy't út syn stasis ûntwekke is troch de frijlitting fan 'e Aether, feroaret syn ûnderbefelhawwer Algrim yn in Ferflokte en stjoert him út. Algrim ynfiltrearret Asgard yn 'e momkape fan ien fan 'e plonderders op Vanaheim, dy't de Asgardyske troepen as finzenen mei weromfiere nei Asgard om se dêr yn 'e tsjerkers op te sluten. Algrim brekt al rillegau út en beävensearret by wize fan ôflieding in finzene-opstân yn 'e tsjerkers. Sels set er nei it paleis fan Odin ta, dêr't Malekith en de oare oerlibjende dûnkere elven binnenkringe troch in frontale oanfal. Mei't se fiele kinne dat Jane de Aether befettet, is harren direkte doel om har te ûntfieren. Jane stiet lykwols ûnder beskerming fan Thor syn mem Frigga, dy't har ferstoppet en Malekith misliedt. Malekith deadet har út wraak, mar de oankomst fan Thor, dy't Malekith mei syn magyske striidhammer Mjölnir ferwûnet, twingt Malekith en Algrim om út te piken sûnder wat bedijd te hawwen.

Neitiid wurdt Odin fertard troch fertriet en hate, en in ferskuorrend ferlet fan wraak. Hy lit Jane ûnder swiere bewekking pleatse, in finzene allyk, mei as doel om Malekith werom te lokjen nei Asgard. Thor is bang dat der by in nije oanfal troch Malekith neat fan Asgard oerbliuwe sil. Hy slacht foar om mei Jane nei Svartalfheim te reizgjen, dêr't se troch Malekith fan 'e Aether ûntdien wurde kin, om dêrnei Malekith te deadzjen ear't er de Aether brûke kin. Odin wiist dat plan ôf om't er it te riskant fynt, mar Thor ornearret dat alle opsjes dy't se no hawwe, riskant binne. Hy giet streekrjocht tsjin it befel fan syn heit yn en rekrutearret Volstagg, Fandral, Sif en Heimdall om him te helpen. Om't Odin de Bifröst ôfsletten hat, moat er in oare manear fine om út Asgard te kommen; sa'n manear bestiet wol, mar de iennichste dy't der weet fan hat, is Loki. Dat, Thor hellet Loki út syn sel, derop fertrouwend dat Loki, dy't likefolle fan Frigga hold as hysels, wraak nimme wol op Malekith.

Wylst Heimdall Odin ôfliedt, befrijt Sif Jane út har sel. Dêrnei keare Sif en Volstagg de tahastige wachters tsjin wylst Thor, Loki en Jane in romteskip fan 'e dûnkere elven oan 'e praat krije dat efterbleaun is nei de oanfal. Dêr naaie se yn út, efterfolge troch wachters yn harren eigen skippen. Underweis springe Thor-en-dy lykwols oer nei in skip dat bestjoerd wurdt troch Fandral, wylst hast alle wachters it no ûnbemanne skip fan 'e dûnkere elven folgje. It iennichste efterfolgjende skip dat him net bedrage lit, wurdt troch Fandral intere en útskeakele. It skip mei Thor, Loki en Jane oan board giet troch in wjirmgat dêr't inkeld Loki it bestean fan wit, en komt sa oan op Svartalfheim.

Dêr wurdt it trijetal opwachte troch Malekith, Algrim en harren mannen. Loki, dy't earder troch Algrim yn 'e tsjerkers ûnder Asgard sjoen is, makket Malekith wiis dat er in bûnsgenoat fan sines is troch Thor del te stekken. Malekith nimt syn help oan, grypt Jane fêst en ûntlûkt de Aether oan har. Dêrop wurdt er lykwols daliks oanfallen troch Thor; it delstekken fan dyselde blykt mar in yllúzje te wêzen dy't troch Loki oproppen is. Spitigernôch is Malekith mei de Aether yn him frijwol ûnkwetsber en kin sels in terwinkel mei Mjölnir him net deadzje. Malekith ferlit Svartalfheim yn it lêste romteskip fan 'e dûnkere elven, wylst Thor en Loki tsjinkeard wurde troch syn trewanten. Wylst Thor mei Algrim fjochtet, eliminearret Loki handich de oare dûnkere elven. As Algrim Thor oermânsk driget te wurden, komt Loki syn pleechbroer te help en weeft op slûchslimme wize ek mei him ôf, mar dêrby rekket er sels deadlik ferwûne. Hy stjert yn Thor syn earms.

Neitiid fine Thor en Jane de poarte nei it fabryk yn Londen werom, dêr't Jane earder by fersin troch nei Svartalfheim ta reizge wie. Se geane nei Londen ta, dêr't se har by Darcy en Ian jouwe en teffens weriene wurde mei Jane har eardere mentor dr. Erik Selvig. Dyselde wie nei syn befrijing fan 'e geastlike besetting troch Loki (sjoch: The Avengers) in skoft opsletten yn in psychiatrysk sikehûs, mar Darcy en Ian hawwe him dêr út befrijd sadree't se syn lokaasje ûntdieken. Selvig berekkenet dat it sintrum fan 'e Konverginsje yn Greenwich wêze sil. It is dúdlik dat Malekith, as er de Njoggen Riken ferwoastgje wol, taslaan moatte sil as se allegear op ien line steane. Dat, fiifresom sette se nei Greenwich ta om him tsjin te kearen. Underwilens keart op Asgard in wachter werom dy't Odin nei Svartalfheim stjoerd hie, mei it nijs dat er it lyk fan Loki sjoen hat.

Koart nei de oankomst fan Thor-en-dy yn Greenwich arrivearret Malekith dêr yn syn romteskip, mei by him de lêste dûnkere elven. Thor fjochtet mei Malekith, wêrby't se troch de neieroan kommende Konverginsje troch willekeurich foarmjende poarten op alderhanne wrâlden bedarje, mar hieltyd nei Greenwich weromkeare. By in besyk oan Jotunheim kringt der ûngemurken ek in iismeunster troch de poarte nei de Ierde, dat dêr in dûnkere elf deamakket en ferslynt om dan út te naaien. Underwilens wurde Darcy en Ian efterfolge troch de dûnkere elven. As dy op it punt steane om Darcy te deadzjen, sjocht Ian dat in parkearre auto yn in steat fan gewichtsleazens omheech begjint te sweven. Hy pakt de auto op en slacht dêr de dûnkere elven mei dea. Troch har libben te rêden wint er Darcy har leafde, dy't him hertstochtlik begjint te tútsjen. Op 't langelêst reitsje Thor en Malekith troch in poarte byinoar wei. Malekith kin dan sûnder wjerstân yn Greenwich syn plannen ferwêzentlikje. Thor wit nei de Ierde werom te kearen, mar bedarret yn it sintrum fan Londen, en om't er Mjölnir tydlik kwytrekke is, moat er de metro nimme werom nei Greenwich.

Hy arrivearret dêr krekt op 'e tiid om Jane, Darcy, Ian en Selvig te helpen en set harren eksperimintele wittenskiplike apparatuer tsjin Malekith yn. Mei't dyselde troch de Aether fierhinne ûnkwetsber is, brûke se de apparaten om him lichemsdiel foar lichemsdiel nei oare wrâlden ta te teleportearjen, oant úteinlik syn romp nei Svartalfheim stjoerd wurdt. By de lêste konfrontaasje mei Malekith foar't se him útinoar riten hawwe, is Thor bewusteleas rekke, en as it reusefige, rjochtopsteande romteskip fan Malekith begjint om te kealjen en op Thor driget te fallen wylst er te swier foar har is om fansiden te skuorren, giet Jane boppe-op him lizzen om him mei har eigen lichem te beskermjen. It romteskip falt lykwols net, want Selvig brûkt syn lêste apparaat om it yn syn gehiel nei in oare wrâld te stjoeren. Dat blykt Svartalfheim te wêzen, dêr't it skip boppe-op 'e warleaze Malekith delkomt en him folslein ferpletteret.

Neitiid keart Thor werom nei Asgard, wylst Jane op 'e Ierde efterbliuwt yn ûnwissichheid oer hoelang't it diskear duorje sil ear't er weromkomt. Op Asgard fermoedsoenet Thor him mei Odin, mar hy wiist Odin syn oanbod ôf om foar him yn 't plak kening fan Asgard te wurden. Hy komt syn ûnthjit oan 'e stjerrende Loki nei om Odin oer Loki syn selsopoffering te fertellen. Odin hat argewaasje fan it feit dat ien soan te graach kening wurde woe en de oare hielendal net, mar nettsjinsteande dat fertelt er Thor dat er grutsk op him is. Nei't Thor him ôfjûn hat, ferdwynt de yllúzje en blykt it Loki te wêzen dy't op 'e troan fan Odin sit, en hy is libben en wol.

Healwei de ôftiteling bringe Volstagg en Sif de Aether by de Sammelder om him it ding him op 'e noed te jaan. Hja lizze út dat de Tesseract (sjoch: The Avengers) al op Asgard bewarre wurdt, en dat it net ferstannich is om twa Uneinichheidsstiennen sa deun byinoar te hâlden. [Dit ferklearret hoe't de Sammelder yn 'e film Guardians of the Galaxy (2014) yn it besit fan in Uneinichheidsstien wêze kin.] Nei't se fuortgien binne, jout de Sammelder utering oan syn winsk om alle fiif Uneinichheidsstiennen te besitten. Nei ôfrin fan 'e ôftiteling folget noch in sêne wêryn't Thor, nei syn moeting mei 'Odin' weromkeart nei de Ierde en weriene wurdt mei Jane, wylst it iismeunster fan Jotunheim yn it leechsteande fabryk efter de stedsdowen oan sit.

Rolferdieling

The Dark World 
Chris Hemsworth.
The Dark World 
Natalie Portman.
The Dark World 
Tom Hiddleston.
    haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
Thor Chris Hemsworth
Jane Foster Natalie Portman


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
Loki Tom Hiddleston
Odin, kening fan Asgard Anthony Hopkins
dr. Erik Selvig Stellan Skarsgård
Malekith Christopher Eccleston
Darcy Lewis Kat Dennings
Frigga Rene Russo
Heimdall Idris Elba
Sif Jaimie Alexander
Ian Boothby Jonathan Howard
Algrim Adewale Akinnuoye-Agbaje
Volstagg Ray Stevenson
Hogun Tadanobu Asano
Fandral Zachary Levi
Richard Chris O'Dowd
Eir Alice Krige
Asgardyske ferpleechkundige Talulah Riley
de Sammelder Benicio del Toro (cameo)
Carina Ophelia Lovibond (cameo)
Bor Tony Curran
Tyr Clive Russell
oanfierder fan 'e einherjar Richard Brake
(Loki yn 'e momkape fan) Captain America Chris Evans
pasjint yn psychiatrysk sikehûs (cameo) Stan Lee

Produksje en distribúsje

Produksje

Thor: The Dark World waard yn april 2011 yn produksje nommen, doe't de foargeande film Thor noch mar kwealk yn 'e bioskoop draaide. Kenneth Branagh, dy't de Thor regissearre hie, fûn dat te gau. Hy wie jierren dwaande west mei de earste film en wie net ree om him fuort dêrnei alwer fêst te lizzen foar in ferfolchfilm.

The Dark World 
Regisseur Alan Taylor op 'e premiêre fan Thor: The Dark World yn Londen.

Dêrop iepenen de Marvel Studios, dy't de film makken, ûnderhannelings mei Patty Jenkins. Sy woe Thor: The Dark World wol regissearje, mar inkeld as se mei it ferhaal in kant fan har eigen kar útgean mocht. (Se woe in film meitsje dy't rûchwei basearre wie op Romeo en Julia, wêrby't Jane Foster fêstsiet op 'e Ierde en Odin in ferbod oplei oan Thor om har te helpen. Underwilens soe Malekith de Aether op 'e Ierde ferbergje, om't er wist dat Odin neat om dy wrâld joech.) Dêr koe gjin oerienstimming oer berikt wurde, dat yn desimber 2011 seach Jenkins fan it projekt ôf.

Ein desimber 2011 waard yn har plak Alan Taylor ree befûn om Thor: The Dark World te regissearjen. Hy wurke nei in senario fan Christopher Yost, Christopher Markus en Stephen McFeely. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 oant 170 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Kramer Morgenthau, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler.

Opnamen

De opnamen foar Thor: The Dark World setten op 10 septimber 2012 útein en duorren oant en mei 14 desimber fan dat jier. Der waard filme yn Bourne Wood, yn it Ingelske greefskip Surrey (û.m. de sênes op Vanaheim), op ferskate lokaasjes yn Londen, en by it Ald Keninklik Marinekolleezje (ORNC) yn Greenwich (it klimaktyske gefjocht oan 'e ein fan 'e film). De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Shepperton Studios en de Longcross Studios, beide yn Surrey. Fierders waard de sêne dêr't dr. Erik Selvig yn trochdraait en neaken omrint, echt filme by Stonehenge yn Wiltshire. De sênes op Svartalfheim waarden opnommen op ferskate lokaasjes yn Iislân, wêrûnder Skógafoss, Fjaðrárgljúfur en Skeiðarársandur.

The Dark World 
In filmset foar Thor: The Dark World yn Bourne Wood, yn it Ingelske greefskip Surrey.

Distribúsje

De distribúsje fan Thor: The Dark World waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't de Marvel Studios ûnderwilens troch oernommen wiene. De film gie op 22 oktober 2013 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 8 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 novimber by platemaatskippijen Hollywood Records en Marvel Music. Thor: The Dark World kaam op 4 febrewaris 2014 beskikber as digitale download en waard op 25 febrewaris 2014 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Thor: The Dark World mingde resinsjes. Sa skreau Simon Abrams op 'e webside RogerEbert.com: "Der sit krekt genôch spanning en humor yn [de film] om it fierders kâld littende ferhaal it besjen wurdich te meitsjen, mar dan ek mar krekt." Yn The Dailey Telegraph skreau Tim Robey: "[De film] liket wol folslein troch in kommisje makke te wêzen: [alles] yn hûsstyl, mei gjin persoanlik stimpel te bekennen." Neffens Ben Child fan The Guardian wie it inkeld oan "it yndrukwekkende kollektive garisma fan Tom Hiddelston en Chris Hemsworth" te tankjen dat Thor: The Dark World gjin "franchisemoardner" waard. Oan 'e oare kant fan it spektrum skreau Alonso Duralde fan TheWrap: "Thor: The Dark World leveret wat ûnthjitten is – aksje, bûtenierdske swidens, romantyk, humor – dêr't er syn foargonger mei oertreft."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Thor: The Dark World in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 282 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It is miskien net de bêste film dy't út it Marvel-universum komt, mar Thor: The Dark World hat likegoed noch mear as genôch humor te bieden, mei dêropta de aksje op libben en dea dy't fans ferwachtsje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Thor: The Dark World in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 44 resinsjes.

The Dark World 
Tom Hiddleston as Loki op 'e San Diego Comic-Con fan 2013.

Resultaat

Opbringst

Thor: The Dark World brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $206,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $438,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $644,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 oant 170 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $474,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Thor: The Dark World fertsjinne bûten Noard-Amearika it measte yn Sina ($55,3 miljoen), yn Ruslân en de oare eardere republiken fan 'e Sovjet-Uny ($35,4 miljoen) en yn Ingelsktalich Jeropa (it Feriene Keninkryk, Ierlân, Gibraltar en Malta: $31,4 miljoen). It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $139,4 miljoen.

Prizen

Thor: The Dark World wûn gjin wichtige prizen, mar waard wol nominearre foar fiif Saturn Awards, trije MTV Movie Awards, trije Teen Choice Awards, in People's Choice Award, in Empire Award en in BET Award.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)

Tags:

The Dark World PlotThe Dark World RolferdielingThe Dark World Produksje en distribúsjeThe Dark World UntfangstThe Dark World ResultaatThe Dark World Keppelings om utensThe Dark World2011201320142017BioskopenCaptain America: The Winter SoldierDr.FerfolchFeriene SteatenFilmkritisyGodHaadrolHielalIerde (planeet)Iron Man 3KommersjeLeafdeNatalie PortmanPlotResinsjeRezjySuperheldefilmSvartálfrThor (film)Thor: RagnarokTitel (namme)Wapen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Beierske wrotmûsNashville (Tennessee)Nij-GuineäKatedraal fan Noto200412 oktoberRedbad2020Interstellar (film)Fryske talenSeksboartersguodVanessa SkyWelsum (Olst-Wijhe)BaronJade MarcelaFrysktalige Wikipedy1868Persia MonirDe DoelleazenJureka del MarJulie SkyhighJade JantzenKeiran LeeJenny PoussinSkotlânDigital Sin6 maart2012Jasmine BlackToplessMediafranchiseArwen GoldSyprusLiteratuerMarika FruscioDomtsjerke fan Massa MarittimaWhitney TaylorDomtsjerke fan ParmaKatedraal fan CataniaCountryMoskouRia RodrigezSalomonseilannenHelpMiranda WerkmanDomtsjerke fan GrossetoJenna Brooks1980Lytse leppelbekKomykJob Cohen1933AlkoholismeWilhelmus1859David GilmourNeakenmodelSasha BeartWikipedy1902Grover ClevelandEuroTripMickey MouseAle S. van ZandbergenLuma CariocaMinnie BeetsJ. Mac🡆 More