Jaimie Alexander: Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise

Jaimie Alexander (Greenville (Súd-Karolina), 12 maart 1984) is in Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise.

Hja is benammen bekend wurden troch har rollen yn 'e tillefyzjesearjes Kyle XY en Agents of S.H.I.E.L.D. en yn 'e films Thor, it ferfolch dêrop Thor: The Dark World, en The Last Stand.

Jaimie Alexander
Jaimie Alexander: Libben en karriêre, Filmografy, Keppelings om utens akteur
Jaimie Alexander: Libben en karriêre, Filmografy, Keppelings om utens
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jaimie Alexander
nasjonaliteit Jaimie Alexander: Libben en karriêre, Filmografy, Keppelings om utens Amerikaansk
berne 12 maart 1984
berteplak Greenville (Súd-Karolina)
etnisiteit Jaimie Alexander: Libben en karriêre, Filmografy, Keppelings om utens Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
Jaimie Alexander yn 'e IMDb

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Alexander waard yn 1984 berne yn Greenville, yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Súd-Karolina, mar se groeide op yn it Teksaanske Grapevine, dêr't har âldelju hinne ferhuzen doe't se fjouwer jier wie. Hja wie it iennichste famke yn in húshâlding mei fiif bern.

Op 'e legere skoalle sette Alexander foar it earst útein mei aktearjen, mar op 'e middelbere skoalle waard se út 'e teäterklub set om't se net sjonge koe. Sadwaande lei hja har yn dy tiid benammen ta op sport. Mei santjin jier naam se it plak fan in freon yn by in ôfspraak mei in talintescout, en sa kaam se yn 'e kunde mei har lettere manager Randy James, dy't har in pear senario's tastjoerde. Nei't se slagge wie foar har middelbere-skoaleksamen, ferfear se nei Los Angeles om in aktearkarriêre nei te stribjen.

Karriêre

Yn 2003 kaam dy karriêre fan 'e grûn, doe't Alexander cast waard yn 'e haadrol fan Hanna Thompson yn 'e lowbudgetfilm The Other Side, dy't útkaam yn 2006 en ferskate prizen wûn. Neitiid ferfolle se lytsere rollen en gastrollen yn oare films en yn ferskate tillefyzjesearjes, lykas de komeedzjesearje It's Always Sunny in Philadelphia en de plysjesearjes Bones en CSI: Miami. Yn 2006-2007 fertolke Alexander de fêste rol fan Caitlin Porter yn 'e rige Watch over Me. Teffens hie se de haadrol yn 'e horrorfilms Rest Stop (2006) en Hallowed Ground (2007).

Jaimie Alexander: Libben en karriêre, Filmografy, Keppelings om utens 
Alexander yn 2008, op 'e San Diego Comic-Con.

Har trochbraak kaam foar Alexander mei har rol fan Jessi yn 'e tillefyzjesearje Kyle XY, dy't se fan 2007 oant 2009 fertolke. Dêryn spile se in boppeminsklik bejeftige mar emosjoneel betize famke, dat besiket har wei yn 'e wrâld te finen. In oare fêste rol hie Alexander fan 2015 oant 2020 yn 'e aksjesearje Blindspot. Om utens krige Alexander yn 2011 bekendheid mei har rol as Sif, de Germaanske goadinne fan nôt en wyn, yn 'e superheldefilm Thor fan 'e Marvel Studios. In oare bekende rol fan Alexander wie dy fan helpsheriff Sarah Torrance yn 'e aksjefilm The Last Stand, út 2013, mei Arnold Schwarzenegger yn 'e haadrol.

Yn 2013 kroep Alexander ek foar de twadde kear yn 'e hûd fan Sif, foar in rol yn Thor: The Dark World, it ferfolch op Thor. Dyselde rol spile se dêrnei noch ferskate kearen, lykas twa kear yn in crossover-gastrol yn 'e fantasytillefyzjesearje Agents of S.H.I.E.L.D. (2014 en 2015), in kear yn 'e searje Loki (2021) en as stimaktrise yn it fideospultsje Thor: God of Thunder (2011) en twa kear yn 'e searje Wat If…? (2021). Yn 'e twadde ferfolchfilm Thor: Ragnarok (2017) ûntbriek Alexander har Sif, mar yn Thor: Love and Thunder (2022) spile se wer mei.

Njonken har aktearwurk is Jaimie Alexander ek belutsen by oare projekten. Sa wurke se yn 2009 mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Save You, fan Matthew Perryman Jones. Ek hat se yn 'e sjuery sitten fan it realitytillefyzjeprogramma Project Runway.

Priveelibben

Yn 2012 rûn Alexander slimme ferwûnings oan 'e rêchbonke op doe't se op in reinige moarn op 'e set fan Thor útglied op in metalen trep en op 'e rêch op 'e triemmen delkaam. Dat smiet har in hernia op en teffens rekke har lofterskouder út it potsje. It duorre in moanne ear't se safierhinne opbettere wie dat se de opnamen fan 'e film ferfetsje koe.

Yn 2012 begûn Alexander in relaasje mei de akteur Peter Facinelli, nei't hja op 'e filmset fan Loosies mei-inoar yn 'e kunde kommen wiene. Yn maart 2015 ferseine se har oaninoar, mar yn febrewaris 2016 ferbrieken se de ferloving.

By de opnamen fan 'e aksjesearje Blindspot (2015-2020) rûn Alexander in grut tal ferwûnings op, wêrûnder nije hernia's oan 'e rêch, in brutsen noas, it rjochterskouder út it potsje, in brutsen rjochterwiisfinger, in brutsen lofterfoet, in brutsen rjochterfoet, trije kear brutsen teannen oan 'e lofterfoet, ien kear brutsen teannen oan 'e rjochterfoet, de ûnderkaak út it potsje en ferskate oare ferwûnings dy't se omreden fan har kontrakt net iepenbier meitsje mocht.

Yn maart 2018 waard Alexander yn it sikehûs opnommen foar in operaasje om har barsten blineterm te ferwiderjen.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2004 Squirrel Trap Sara
2006 Rest Stop Nicole Carrow
2006 The Other Side Hanna Thompson
2007 Hallowed Ground Liz Chambers
2010 Love & Other Drugs Carol net fermeld op 'e ôftiteling
2011 The Birds of Anger Annie koarte film
2011 Thor Sif nom. Scream Award foar bêste byrol fan in aktrise
nom. Scream Award foar bêste trochbraakrol fan in aktrise
2012 Loosies Lucy Atwood
2013 The Last Stand helpsheriff Sarah Torrance
2013 Collision Taylor Dolan
2013 Savannah Lucy Stubbs
2013 Thor: The Dark World Sif
2016 Broken Vows Tara Bloom
2018 London Fields Hope Clinch
2022 Thor: Love and Thunder Sif
tillefyzje
2005 It's Always Sunny in Philadelphia    Tammy gastrol; ôfl. Underage Drinking: A National Concern
2006 Standoff Barrista gastrol; ôfl. Pilot
2006–2007 Watch over Me Caitlin Porter fêste rol
2007–2009 Kyle XY Jessi Hollander fêste rol yn seizoen 2–3
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje
2009 Bones Molly Briggs gastrol; ôfl. The Beaver in the Otter
2009 CSI: Miami Jenna York gastrol; ôfl. Flight Risk
2011 Nurse Jackie Tunie Peyton weromkearende rol; 3 ôfl.
2011 Covert Affairs Reva Kline weromkearende rol; 2 ôfl.
2012 Perception Nikki Atkins gastrol; ôfl. Messenger
2014 Under the Gunn harsels as sjuerylid; ôfl. Superhero Fashion
2014–2015 Agents of S.H.I.E.L.D. Sif weromkearende rol; 2 ôfl.
2015–2020 Blindspot Jane Doe / Remi Briggs / Alice Kruger    fêste rol
2015 The Brink Gail Sweet weromkearende rol
2021 Loki Sif gastrol; ôfl. The Nexus Event
2021 What If...? Sif as stimaktrise; weromkearende rol; ôfl. What If... the World Lost Its Mightiest Heroes?
en What If... Thor Were an Only Child?
fideospultsjes
2011 Thor: God of Thunder Sif as stimaktrise

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Jaimie Alexander Libben en karriêreJaimie Alexander FilmografyJaimie Alexander Keppelings om utensJaimie Alexander12 maart1984AktriseFerfolchFeriene SteatenFilmRolSúd-KarolinaThe Last Stand (film út 2013)Thor (film)Thor: The Dark WorldTillefyzjeTillefyzjesearje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Oradour-sur-GlaneNeakenfotografyIerskBibelAubrey KateWâlterswâld1993MariûpolWurdSosha DuyskerRuslânEuroWâlddoLandkreis FrieslandSjiïsmeFryske mytologyJeruzalimRosa CaraccioloRussyskAzerbeidzjaanskSpartakusFiktoaria fan it Feriene KeninkrykNicolette SheaHumusOflûken (seksualiteit)YnternetBenynBlaudokeSekshâldingNieuwe Rotterdamsche CourantTerpJohn AdamsPessariumLos AngelesPoalskNoemilkVeronica BrazilMiljuschka WitzenhausenArameeskTuistoAlexa FlexyKim KardashianClara RullmannKeppelingHylperskKrúswurdpuzel2024PornofilmISBNItaaljeGrienlânDe Jouwer15 aprilPsychiatrysk sikehûsAmerikaanske LegerEreksjeHTMLBlesgoesNoelle EastonAmerikaansk fuotbalFryske talenGeorgysk11 febrewarisPurmereinJ. MacTineke Steenmeijer-WielengaElizabeth II fan it Feriene KeninkrykSasha Beart🡆 More