Surrey

Surrey is in greefsip yn de Ingelske regio Súdeast-Ingelân.

It oerflak beslacht 1662,5 km2. Kingston upon Thames is it haadplak (mar heart no ta Greater London, sadwaande binne der plannen om Woking ta it bestjoerlik sintrum te meitsjen). Surrey ûntstie as bestjoerlike ienheid yn 825, doe't it troch it Angelsaksyske kening Egbert fan Wesseks ferovere waard op it Keninkryk Mersia. Yn 927 waard it in greefskip fan it Keninkryk Ingelân.

Surrey
Surrey yn Ingelân

Surrey hat fruchtber heechlân mei yn it noarden krythichten (de North Downs mei as heechste punt Box Hill, 182 m) en yn it suden sânstienhichten (heechste punt Leith Hill, 320 m). De lânbou, túnbou en feehâlderij binne rjochte op de ôfsetmerk Londen. Surrey hat fierders in protte forinzeplakken mei lju dy't yn Londen wurkje. Ek hat it betsjutting as rekreaasjegebiet foar Londen en tsjinnet er as griene sône foar de agglomeraasje.

Distrikten

Distrikten Kaart
  1. Spelthorne
  2. Runnymede
  3. Surrey Heath
  4. Woking
  5. Elmbridge
  6. Guildford
  7. Waverley
  8. Mole Valley
  9. Epsom and Ewell
  10. Reigate and Banstead
  11. Tandridge
Surrey 

Plakken

Grutte plakken yn Surrey:

  • Guildford
  • Woking
  • Ewell
  • Camberley
  • Ashford, Epsom, Farnham en Redhill

In lytser plak is Addlestone, ferneamd om syn tûzenjierrige ikebeam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

825927AngelsaksenEgbert fan WesseksGreater LondonGreefskippen fan IngelânKeningKeninkryk IngelânKeninkryk MersiaKingston upon ThamesRegio's fan IngelânSúdeast-Ingelân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

30 junyMisjonarishâldingRapunzel1401Amarins GevekeShae SummersList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning21 febrewarisBratislava3401 f.Kr.Sean Lawless1701 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 20181 oktoberStripperNeakenmodelThea Beckman1841SymmetryIo (moanne)Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2015Gemme fan Burmania27 maartGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2018FrouKonstantyn de GrutteAldheidPeaskeMediaWikiRoomsk-Katolike Tsjerke2000 f.Kr.Skiednis fan Poalen1625ErotykMarijn KuipersHimelsblauJayden Lee69 (sekshâlding)PornhubIllinoisJapanLolita (pornografysk aktrise)Wyt-Ruslân25 maaieGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011JunyJustin BieberAnna fan BretanjeKamui Kobayashi5001600 f.Kr.List fan Fryske jongesnammenFernando AlonsoTechnologyKya TropicKatowiceHûntsjeshâlding2201Pornoakteur3901 f.Kr.3300 f.Kr.3001 f.Kr.Rosa Caracciolo600 f.Kr.1722ISBNMaria Curie-SkłodowskaMarije-Bertetsjerke (Nizjni Novgorod)🡆 More