Yn maaie 2013 publisearre it Federaal Register fan 'e Feriene Steaten in offisjele list mei de nammen fan 'e 566 stammen dy't doe federale erkenning genoaten. Sûnt dy tiid binne der noch ferskaten by kommen.
Dizze erkenning is fan belang om't it Amerikaanske Kongres ûnder de Amerikaanske Grûnwet it rjocht hat om mei offisjeel erkende stammen om te gean, wat dy stammen beskate foardielen ferskaft (û.m. op it mêd fan belestings) en harren foar soevereine naasjes oanmerkt. Sokke soevereine naasjes binne semy-autonome regearings, dy't net bûn binne oan 'e wetten fan 'e Amerikaanske steaten binnen de grinzen wêrfan't sy har befine, mar wol oan 'e federale wetjouwing. It wetjaande tafersjoch oer harren wurdt úteinlik útoefene troch it Amerikaanske Kongres, wylst de útfierende macht yn dizzen foarme wurdt troch it Buro fan Yndiaanske Saken. It aard en de legitimiteit fan 'e relaasjes tusken dy ynstânsjes en de federaal erkende stammen wurdt troch de Yndianen noch altiten bekreaud.
In federaal erkende "stamme" is net wat men bûten de Feriene Steaten, dêr't it begryp stamme ornaris lykslein wurdt mei in etnyske groep, ferwachtsje soe. Yn 'e Feriene Steaten kin in stamme lykwols ferskate etnyske groepen omfetsje, lykas de Colville Konfederearre Stammen, dy't út tolve etnyske groepen besteane. Likegoed is it mooglik dat ien etnyske groep fertsjintwurdige wurdt troch mear as ien federaal erkende stamme, lykas by de Sjajinnen (2), de Ponka (2), de Sjeroky (3), de Lakota (6) of de Kûmejaai (13).
Om federale erkenning te winnen, moat in stamme foldwaan oan sân betingsten fan it BIA, dy't yn 1978 har definitive foarm krigen hawwe. Fjouwer dêrfan binne yn 'e regel problematysk foar stammen dy't federale erkenning besykje te krijen: dat it in tradisjonele groep mei histoaryske woartels is; dat it fan âlds troch de bûtenwrâld identifisearre is as in Yndiaanske entiteit; dat it polityk gesach útoefenet oer syn leden; en dat it fuortkomt út in histoaryske stamme. Organisaasjes dy't federale erkenning oanfreegje, moatte detaillearre petysjes yntsjinje by it BIA, en der geane faak jierren oerhinne foar't der in definitive útspraak dien wurdt (tweintich of sels tritich jier is gjin útsûndering, al duorret it yn trochsneed in jier as fyftjin). Om in foarbyld te jaan, de Sjinnekok Yndianenaasje tsjinne yn 1978 foar it earst in petysje yn, en wist einlings yn te'n lêsten federale erkenning te bemachtigjen yn 2010, 32 jier letter. De measte oanfragen wurde trouwens úteinlik ôfwiisd. In protte (mar lang net alle) ôfsûnderlike Amerikaanske steaten biede Yndiaanske stammen in legere foarm fan erkenning, dy't oer it algemien makliker te besetten is, mar dêr't folle minder foardielen en rjochten oan ferbûn binne (sjoch: List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo).
Alabama
- de Poarch Troep fan Kriik Yndianen
Alaska
Arizona
- de Ak-Chin Yndianemienskip
- de Yndianestamme fan Fort Mojave (ek yn Kalifornje en Nevada)
- de Yndianemienskip fan Gila River
- de Havasûpai Stamme
- de Hopy Naasje
- de Javapai Naasje fan Fort McDowell
- de Javapai-Apache Naasje
- de Javapai-Prescott Stamme
- de Kaibab Troep fan Pajût Yndianen
- de Kokopa Stamme fan Arizona
- de Yndianestammen fan de Koloradorivier (ek yn Kalifornje)
- de Kwetsan Yndianen fan Fort Yuma (ek yn Kalifornje)
- de Navaho Naasje (ek yn Nij-Meksiko en Utah)
- de Pasqua Jaky Stamme fan Arizona
- de Pima-Marikopa Yndianemienskip fan Salt River
- de San Carlos Apache Stamme
- de San Juan Súdlike Pajût Stamme
- de Papago Naasje
- de Tonto Apache Stamme
- de Walapai Stamme
- de White Mountain Apache Stamme
Arkansas
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Delaware
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Fermont
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Firginia
- de Pamunky Yndianestamme (sûnt 2015)
Floarida
- de Mikosûky Stamme fan Yndianen fan Floarida
- de Seminoalske Stamme fan Floarida
Georgia
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Hawaï
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Idaho
- de Keur d'Alêne Stamme
- de Kûtenai Stamme fan Idaho
- de Nez Persé Stamme fan Idaho
- de Sjosjoanske en Bannock Stammen fan it Fort Hall Reservaat fan Idaho
- de Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat (ek yn Nevada)
Illinois
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Indiana
- de Pokagon Troep fan Potawatomy Yndianen (ek yn Michigan)
Iowa
- de Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa (ek yn Nebraska)
- de Sôk en Foks Stamme fan de Mississippy yn Iowa
Kalifornje
Kansas
- de Iowa Stamme fan Kansas en Nebraska (ek yn Nebraska)
- de Kikkepû Stamme yn Kansas
- de Prêrje Troep fan de Potawatomy Naasje
- de Sôk en Foks Stamme fan de Missoery yn Kansas en Nebaska (ek yn Nebraska)
Kentucky
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Kolorado
- de Súdlike Jût Yndianestamme
- de Ute Mountain Jût Stamme (ek yn Nij-Meksiko en Utah)
it Distrikt Kolumbia
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Konettikut
- de Mashantucket Pikwot Stamme fan Konettikut
- de Mohigan Stamme fan Yndianen fan Konettikut
Louisiana
- de Jena Troep fan Tsjoktou Yndianen
- de Kûsjatta Stamme fan Louisiana
- de Tsjittimatsja Stamme fan Louisiana
- de Tunika-Biloksy Stamme fan Louisiana
Maine
- de Aroostook Troep fan Mikmak Yndianen
- de Houlton Troep fan Malisiit Yndianen fan Maine
- de Passamakwoddy Stamme fan Maine
- de Penobskot Yndianenaasje
Marylân
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Massachusetts
- de Mashpee Wampanoäch Stamme
- de Wampanoäch Stamme fan Gay Head (Aquinnah)
Michigan
Minnesota
- de Bois Forte Troep fan Tsjippewa Yndianen (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
- de Fond du Lac Troep fan Boppemarder Tsjippewa (ek yn Wiskonsin; ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
- de Grand Portage Troep fan Tsjippewa (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
- de Ho-Chunk Naasje (ek yn Wiskonsin; ek wol bekend as de Winnebago Naasje)
- de Leech Lake Troep fan Odjibwe (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
- de Mille Lacs Troep fan Odjibwe (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
- de Neder-Sû Yndianemienskip
- de Opper-Sû Mienskip
- de Prairie Island Yndianemienskip
- de Red Lake Naasje
- de Shakopee Mdewakanton Sû Mienskip
- de White Earth Naasje (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
Mississippy
- de Mississippy Troep fan Tsjoktou Yndianen
Missoery
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Montana
Nebraska
- de Iowa Stamme fan Kansas en Nebraska (ek yn Kansas)
- de Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa (ek yn Iowa)
- de Ponka Stamme fan Nebraska
- de Sôk en Foks Stamme fan de Missoery yn Kansas en Nebaska (ek yn Kansas)
- de Santy Sû Naasje (foarhinne de Santee Sû Stamme fan Nebraska; ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
- de Winnebago Stamme fan Nebraska
Nevada
- de Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat (ek yn Idaho)
- de Duckwater Sjosjoanestamme
- de Ely Sjosjoanestamme
- de Fallon Pajût-Sjosjoanske Stamme
- de Fort McDermitt Pajût-Sjosjoanske Stamme fan Oregon en Nevada (ek yn Oregon)
- de Yndianestamme fan Fort Mojave (ek yn Arizona en Kalifornje)
- de Yerington Pajût Stamme
- de Yomba Sjosjoanestamme
- de Konfederearre Stammen fan it Gosjût Reservaat (ek yn Utah)
- de Las Vegas Pajût Stamme
- de Lovelock Pajût Stamme fan de Lovelock Yndianekoloanje fan Nevada
- de Moapa Troep fan Pajût Yndianen
- de Pyramid Lake Pajût Stamme
- de Reno-Sparks Yndianekoloanje
- de Summit Lake Pajût Stamme
- de Te-Moak Stamme fan Westlike Sjosjoanske Yndianen fan Nevada
- de Walker River Pajût Stamme
- de Wasjo Stamme fan Nevada en Kalifornje (ek yn Kalifornje)
- de Winnemucca Yndianekoloanje fan Nevada
New York
- de Kajûga Naasje fan New York
- de Onida Yndianenaasje fan New York
- de Onondaga Naasje fan New York
- de Seneka Naasje fan Yndianen fan New York
- de Sjinnekok Yndianenaasje
- de St. Regis Mohôk Stamme
- de Tonawanda Troep fan Seneka Yndianen fan New York
- de Tuskaroara Naasje fan New York
Nij-Hampshire
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Nij-Jersey
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Nij-Meksiko
- de Fort Sill Apache Stamme (ek yn Oklahoma)
- de Pûeblo fan Acoma
- de Pûeblo fan Cochiti
- de Pûeblo fan Isleta
- de Pûeblo fan Jemez
- de Jikarylla Apache Naasje
- de Pûeblo fan Laguna
- de Meskalearo Apache Stamme
- de Pûeblo fan Nambe'
- de Navaho Naasje (ek yn Arizona en Utah)
- de Pûeblo fan Picurís
- de Pûeblo fan Pojoaque
- de Pûeblo fan San Felipe
- de Pûeblo fan San Ildefonso
- de Pûeblo fan San Juan (ek wol bekend as Ohkay Owingeh)
- de Pûeblo fan Sandia
- de Pûeblo fan Santa Ana
- de Pûeblo fan Santa Clara
- de Santo Domingo Pûeblo
- de Sûny Stamme
- de Pûeblo fan Taos
- de Pûeblo fan Tesuque
- de Ute Mountain Jût Stamme (ek yn Kolorado en Utah)
- de Pûeblo fan Zia
Noard-Karolina
- de Eastlike Troep fan Sjeroky Yndianen
Noard-Dakota
Ohio
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Oklahoma
- it Alabama-Quassarte Stammestedsje fan de Kriik Naasje fan Oklahoma (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
- de Apache Stamme fan Oklahoma
- de Delawêr Stamme fan Yndianen
- de Delawêr Stamme fan Westlik Oklahoma
- de Eastlike Sjâny Stamme fan Oklahoma
- de Fort Sill Apache Stamme (ek yn Nij-Meksiko)
- de Iowa Stamme fan Oklahoma
- de Kajowa Stamme fan Oklahoma
- de Kansa Naasje fan Oklahoma (ek wol de Kou Naasje fan Oklahoma neamd)
- de Keddo Yndianenaasje yn Oklahoma
- de Feriene Keetoowah Troep fan Sjeroky Yndianen yn Oklahoma
- it Kialegee Stammestedsje fan de Kriik Naasje fan Oklahoma (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
- de Kikkepû Naasje fan Oklahoma
- de Komansje Naasje fan Oklahoma
- de Kwapou Stamme fan Oklahoma
- de Loyale Sjâny Stamme
- de Majêmy Naasje fan Oklahoma
- de Modok Stamme fan Oklahoma
- de Muskogy Naasje (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
- de Ofwêzige Sjâny Stamme fan Oklahoma
- de Osadzje Naasje fan Oklahoma
- de Oto-Missoeria Stamme
- de Ottawa Stamme fan Oklahoma
- de Pâny Naasje fan Oklahoma
- de Péoaria Yndianestamme fan Oklahoma
- de Ponka Stamme fan Oklahoma
- de Sôk en Foks Naasje fan Oklahoma
- de Seminoalske Naasje fan Oklahoma
- de Seneka-Kajûga Stamme fan Oklahoma
- de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
- de Sjeroky Naasje fan Oklahoma
- de Steatsboargerlike Potawatomy Naasje
- it Thlopthlocco Stammestedsje fan de Kriik Naasje fan Oklahoma (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
- de Tonkawa Stamme fan Oklahoma
- de Tsjikkesou Naasje
- de Tsjoktou Naasje
- de Witsjitta en Oanbesibbe Stammen
- de Wiandot Naasje fan Oklahoma
Oregon
- de Burns Pajût Yndianekoloanje
- de Cow Creek Troep fan de Umpkwa Stamme fan Yndianen
- de Fort McDermitt Pajût-Sjosjoanske Stamme fan Oregon en Nevada (ek yn Nevada)
- de Konfederearre Stammen fan de Grand Ronde Mienskip fan Oregon
- de Klamat Stammen
- de Kokiil Yndianestamme
- de Konfederearre Stammen fan de Kûs, Neder-Umpkwa en Sjuslou Yndianen
- de Konfederearre Stammen fan Silets Yndianen
- de Konfederearre Stammen fan it Umatilla Yndianereservaat
- de Konfederearre Stammen fan it Warm Springs Reservaat fan Oregon
Pennsylvania
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Rhode Island
- de Narraganset Yndianestamme
Súd-Karolina
Súd-Dakota
Tennessee
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Teksas
- de Alabama-Kûsjatta Stamme fan Teksas
- de Kikkepû Tradisjonele Stamme fan Teksas
- de Ysleta del Sur Pûeblo
Utah
- de Konfederearre Stammen fan it Gosjût Reservaat (ek yn Nevada)
- de Jût Yndianestamme fan it Uintah en Ouray Reservaat
- de Navaho Naasje (ek yn Arizona en Nij-Meksiko)
- de Noardwestlike Troep fan de Sjosjoanske Naasje
- de Pajût Yndianestamme fan Utah
- de Skull Valley Troep fan Gosjût
Washington
- de Konfederearre Stammen fan it Chehalis Reservaat
- de Colville Konfederearre Stammen
- de Ho Yndianestamme
- de Jakama Yndiaanske Naasje
- de Jamestown S'Klallam Stamme
- de Kalispel Yndianemienskip
- de Kwiliût Stamme
- de Kwinôlt Yndianenaasje
- de Koulits Yndianestamme
- de Lower Elwha Klallam Stamme
- de Lummy Naasje
- de Makah Yndianenaasje
- de Mukkelsjût Yndianestamme
- de Niskwally Yndianemienskip
- de Nûksek Yndianestamme
- de Opper-Skagit Yndianestamme fan Washington
- de Port Gamble S'Klallam Naasje
- de Pûjallup Stamme fan Yndianen
- de Sêmis Yndianenaasje fan Washington
- de Shoalwater Bay Yndianestamme
- de Skokommis Yndianestamme
- de Snokwalmy Stamme
- de Sôk-Sûjettel Yndianestamme
- de Spokên Stamme fan Yndianen
- de Squaxineilânske Yndianestamme
- de Stillagûammis Stamme fan Yndianen
- de Sukwammis Stamme
- de Swinnomis Yndiaanske Tribale Mienskip
- de Tulalip Stammen
West-Firginia
gjin Yndianestammen mei federale erkenning
Wyoming
Wiskonsin
Porto Riko
Porto Riko is in oerseesk territoarium fan de Feriene Steaten, dêr't de lânseigen Taïno-Yndianen in beskate foarm fan erkenning genietsje, û.m. fan it Amerikaanske Folkstellingsburo, mar net fan it BIA.
- de Jatibonicu Taïno Tribale Naasje fan Borikén
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
This article uses material from the Wikipedia Frysk article List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.