Konkurrinsje

Konkurrinsje (fan it Frânske concurrence) is yn 'e ekonomy de striid tusken ferskate partijen om krappe helpmiddels en/of om in oandiel yn in beheinde merk.

De 'partijen' (of konkurrinten) binne dêrby leveransiers fan gelikense of substituëarbere artikels mei deselde konsuminten. Yn sa'n sitewaasje giet de winst fan 'e iene partij almeast yn it neidiel fan de oare partijen.

Konkurrinsje
Subway, FEBO, Burger King en McDonald's: fjouwer konkurrearjende fastfoodrestaurants njonkeninoar.
    Konkurrinsje Dizze side giet oer it ekonomyske begryp. Foar de striid om it gebrûk fan itselde biotoop troch organismen mei oerienkomstige behoeften, sjoch: konkurrinsje (ekology).

Foarmen

Men ûnderskiedt fjouwer foarmen fan ekonomyske konkurrinsje:

  • merkkonkurrinsje: konkurrinsje tusken ferskillende merken mei itselde produkt of assortimint;
  • produktkonkurrinsje: konkurrinsje tusken ferskate produkttypen binnen in beskate produktgroep;
  • generike konkurrinsje: konkurrinsje tusken bedriuwen dy't oan itselde ferlet foldogge.
  • behoeftekonkurrinsje: konkurrinsje tusken ferskate soarten behoeften foar de befrediging wêrfan't in konsumint ree is om jild út te jaan (bygelyks: tusken jild útjaan oan iten yn in restaurant of nei de bioskoop gean; of: no jild útjaan oan in ferbouwing of jild reservearje foar in fakânsje)

Modellen

De wittenskip fan 'e mikro-ekonomy hat ferskate wiskundige modellen ûntwikkele wêryn't konkurrinsje as it driuwende meganisme beskôge wurdt efter de fêststelling fan 'e priis. It bestean fan in grut tal oanbieders fan ferlykbere produkten of tsjinsten sil oer it algemien in drukkende ynfloed hawwe op 'e prizen. De ienfâldichste modellen oangeande priisfoarming geane derfan út dat de merkpriis foar in beskaat produkt him earne op in kontinuum tusken twa ekstremen befynt. Dêrby wurde dy beide ekstremen foarme troch oan 'e iene kant in merk mei perfekte konkurrinsje en oan 'e oare kant in monopolistyske merk, dêr't dus hielendal gjin konkurrinsje is.

Merk mei perfekte konkurrinsje

By in sitewaasje mei perfekte konkurrinsje, ek wol folsleine konkurrinsje neamd, kin de klant frij kieze út in grut tal lykweardige leveransiers. Der is gjin sprake fan krapte op it mêd fan 'e levere produkten en der binne ek gjin kwaliteitsferskillen tusken de ûnderskate leveransiers. De merkpriis evoluëarret dan nei de marzjinale kosten fan ien ekstra ienheid. Undernimmers meitsje yn in stabile, perfekt konkurrearjende merk gjin winst om't de omset dan gelyk wurdt oan 'e makke kosten.

In protte ienfâldige húshâldlike artikels en ienfâldige kantoarnedichheden (lykas balpinnen) wurde yn in hast perfekt konkurrearjende merk ferkocht: om't der in soad leveransiers binne en amper kwaliteitsferskillen, kieze konsuminten suver altyd foar de goedkeapste leveransier. As gefolch dêrfan is it foar ûndernimmers mar kwealk mear mooglik om winst te meitsjen op 'e ferkeap fan sa'n produkt.

Monopolistyske merk

Yn in merk dêr't in monopoalje bestiet, is de klant twongen om it produkt fan ien beskate produsint te keapjen. Dêrtroch kin dyselde produsint foar syn produkt de priis bepale, want de klant kin nearne oars hinne om oan syn ferlet te foldwaan. Yn sa'n sitewaasje bestiet de iennichste frijheid fan 'e klant derút om te beslissen sûnder it produkt te dwaan en neat te keapjen. Yn in monopolistyske merk wurdt de priis bepaald troch de maksimalisaasje fan 'e winst fan 'e monopolist (of troch in oar doel dat de monopolist neistribbet, lykas omsetmaksimalisaasje of ôfsetmaksimalisaasje) yn ferhâlding ta de elastisiteit fan 'e fraach. Dus de produsint kin in hege priis freegje, mar as er de priis te heech makket, kinne de konsuminten it produkt net mear betelje ek al wolle se it noch sa graach hawwe, en dan nimt de effektive fraach nei it produkt ôf.

In foarbyld fan in produkt dat yn in monopolistyske merk ferkocht wurdt, is de kofje yn 'e ôfreishal fan in lofthaven. Dêr is faak mar ien oanbieder fan kofje, en dêrom sil dy syn kofje ferkeapje foar prizen dy't syn winst maksimalisearret en dêrom healwiis heech binne yn ferhâlding mei de prizen fan in gewoan kafee, mar krekt leech genôch dat in modale klant noch ree is om se te beteljen. As de kofje noch djoerder wie, soe de modale klant beslute dat er wol sûnder kofje koe, mei as gefolch dat de omset fan 'e oanbieder sterker omleech gean soe troch ferlies fan klandyzje as dat de winststiging troch de hegere priis goedmeitsje kinne soe.

Reële merken

Reële merken binne mar komselden perfekt konkurrinsjeel of folslein monopolistysk. Ynstee is de konkurrinsje yn 'e regel ymperfekt (of ûnfolslein) en leit de merkpriis earne tusken de monopoaljepriis en de marzjinale produksjekosten yn. Produsinten kinne har lykwols oan (in diel fan) de konkurrinsjedruk ûntlûke troch produktdifferinsjaasje. Dêrby jout in oanbieder syn eigen produkten spesifike skaaimerken op it mêd fan bygelyks kwaliteit, ûntwerp, imago, leveringsbetingsten, ensfh. It produkt ûnderskiedt him dêrmei fan 'e produkten fan 'e konkurrinten en in diel fan 'e klanten sil dêrtroch oan it eigen produkt bûn wurde en ree wêze in hegere priis te beteljen as foar de konkurrearjende produkten dy't sokke skaaimerken net hawwe.

Merkfersteurende ynfloeden

In oligopoalje is in merksitewaasje wêrby't in beskate soarte produkten of tsjinsten oanbean wurdt troch in lyts tal leveransiers, de oligopolisten. Sokke oanbieders kinne de konkurrinsjedruk op 'e priis ferminderje troch ûnderling priisôfspraken te meitsjen en troch maatregels dy't it foar eventuële nije oanbieders dreech meitsje om in merkoandiel te feroverjen. Dat proses hjit kartelfoarming, en is oer it algemien by de wet ferbean omreden fan 'e merkfersteurende ynfloeden dy't it hat, dy't yn it neidiel fan 'e konsumint wurkje. Yn Nederlân wurdt tsjin kartelfoarming wekke troch de Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMa). In ekstreem foarbyld fan in ûnderlinge ôfspraak is in fúzje tusken eardere konkurrinten, eat dat frjemd genôch wol wer legaal is.

Wat oars dat in normale konkurrinsjesitewaasje fersteure kin, is oerheidsyngripen, lykas de ynfiering fan subsydzjes en aksynzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Konkurrinsje FoarmenKonkurrinsje ModellenKonkurrinsje Merk mei perfekte konkurrinsjeKonkurrinsje Monopolistyske merkKonkurrinsje Reële merkenKonkurrinsje Merkfersteurende ynfloedenKonkurrinsjeEkonomyFrânskWinst

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Georges Simenon1945MasturbaasjeMeso-AmearikaMary DresselhuysGazastripe5 augustusWordleGermaanske talen9 maaieMinskeSensual Jane1 jannewaris1937SineeskLetterMarten LutherMegan SalinasDoede VeemanSitaatpuzelPersia PeleArwen GoldÛndersoarteAbortedSaya Song8 juny4 novimberSlach om BerlynKanieldoWolfBelestingSwurdPlantenDiezerpoarteGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008Atletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996PenisBommesmiterJ. MacVienna BlackAsa fan Juda198019698 augustusSavannah GoldPhilippus H. BreukerMuseum MartenaKeltyske talen1977Hylke SpeerstraHûntsjeshâldingDownblouseMemAmerikaansk fuotbalReinhard HeydrichJoyce Oliveira2009Truus PostmaAstronomyMount RushmoreNyomi MarcelaPaulina SeikolaAudree JaymesPieter BreukerSieds Johannes RienksShalina DevineGriken3 desimberErotyk🡆 More