Deadline Hollywood

Deadline, yn 'e regel bekend as Deadline Hollywood, is in Amerikaanske webside en in online-tydskrift dat him rjochtet op ferslachjouwing oangeande de Amerikaanske filmyndustry en oarsoartich entertainment, lykas tillefyzje.

De webside wurdt ferskate kearen deis by de tiid brocht. Deadline Hollywood waard yn 2006 oprjochte en is sûnt 2009 eigendom fan 'e Penske Media Corporation.

Deadline Hollywood
Deadline Hollywood
algemiene ynformaasje
hist. namme Deadline Hollywood Daily
nasjonaliteit Deadline Hollywood Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre filmtydskrift
bestean 2006 – no
oprjochter Nikki Finke
plak haadred. Los Angeles (Kalifornje)
offisjele webside
deadline.com

Skiednis

Deadline Hollywood waard yn maart 2006 yn Los Angeles, ûnder de namme Deadline Hollywood Daily, as in bloch oprjochte troch Nikki Finke. Dyselde wie al yn 2002 in rige kollumns begûn te skriuwen foar it tydskrift L.A. Weekly, mei as titel Deadline Hollywood. It nije bloch wie sadwaande mear in fuortsetting fan har kollumn op it ynternet as dat it hiel wat nijs wie. Tsjin 2009 ûntjoech it bloch him ta ien fan 'e meast folge websiden yn Hollywood.

Dat jiers ferkocht Finke Deadline Hollywood oan 'e Penske Media Corporation, in grutte Amerikaanske mediakorporaasje (dy't doe noch Mail.com Media hiet) foar in bedrach mei sân sifers. Dêropta betong se in 25-jierrich kontrakt as wurknimmer, dat neffens de Los Angeles Times "miljoenen dollars" wurdich wie, en teffens in part fan 'e opbringst fan 'e webside. Yn ferbân mei de oername waard de namme fan 'e webside yn septimber 2009 feroare yn Deadline Hollywood.

Yn 2010 wreide Deadline Hollywood syn aktiviteiten út bûten Los Angeles, mei it oannimmen fan ferslachjouwer Mike Fleming jr. as redakteur mei stânplak New York en Tim Adler as redakteur mei stânplak Londen. Tagelyk waard Nellie Andreeva oannommen as redakteur oangeande ferslachjouwing oer tillefyzje. Finke bleau oant 2013 haadredakteur fan Deadline Hollywood. Yn novimber fan dat jier stapte se op nei oanlieding fan in langrinnend skeel tusken har en de Penske Media Corporation, dat ûnderwilens ek it konkurrearjende tydskrift Variety oankocht hie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Deadline Hollywood SkiednisDeadline Hollywood Keppelings om utensDeadline Hollywood20062009EntertainmentFeriene SteatenFilmyndustryOnlineSjoernalistykTillefyzjeTydskriftWebside

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

JeropaArjen TerpstraJada StevensEmiel StoffersJean-Yves LecastelMaría del Carmen CarricartDútsk1557Luna CorazónBasketbalDomtsjerke fan OrvietoSasha BeartFrankrykWhitney TaylorAlexa FlexySlavyske talenAmerican Music AwardBeagle (skip)AVN AwardTriem (ynformatika)ISO 3166EnsyklopedyYndoneezjeBluesSophie Hilbrand5 jannewarisNeakenmodelJulianna VegaAnno GalamaArwen GoldNoemilkDomtsjerke fan GrossetoSeksuele penetraasjeJade KushFryske talenKultuerCody BryantNashville (Tennessee)SpanjeSneonSilyGrou (plak)Interstellar (film)Orale seksSandy MilzHûntsjeshâldingBetlehimFrysktalige WikipedyPaulina SeikolaAugustus OktavianusEdelgasJasmine AlohaJasmine BlackKeallepoatGrammy AwardMuzyksjenreMilitêr transportfleantúchEl NiñoFriezenJaylene RioHellendoorn (gemeente)Bruce Venture1863AkkrumOezbekistanToplessTsjechoslowakijeJan Hepkes WoudaHaaien22 april🡆 More