De Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film, eins de Academy Award foar Bêste Ynternasjonale Film (Ingelsk: Academy Award for Best International Feature Film), foarhinne bekend as de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal en ek wol de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film neamd, is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt foar films fan it foargeande jier.
Inkeld net-Ingelsktalige langspylfilms fan bûten de Feriene Steaten komme foar dizze priis yn oanmerking. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, en it wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste en meast prestizjeuze filmprizen fan 'e wrâld. De Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film wurdt útrikt troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is.
Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste bûtenlânske net-Ingelsktalige langspylfilm | |
útrikt troch | Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) | |
frekwinsje | 1x yn it jier | |
datum | febrewaris / maart | |
plak | Hollywood (Los Angeles) | |
ynsteld | 1956 | |
1e útrikking | 1957 | |
offisjele webside | ||
oscars.org |
De Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film hiet fan 1956 oant 2019 de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal, of eins de Academy Award foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Ingelsk: Academy Award for Best Foreign Language Film). Yn 'e folksmûle waard (en wurdt) lykwols altyd sprutsen oer de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film (Ingelsk: Oscar for Best Foreign Film).
Doe't de earste Oscars yn 1929 útrikt waarden, wie der gjin inkele priis foar films fan bûten de Feriene Steaten. Nei de Twadde Wrâldoarloch krewearre de fan oarsprong Deenske akteur Jean Hersholt, dy't doedestiden yn it bestjoer fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) siet, foar de ynstelling fan in priis foar bûtenlânske films, om't dat neffens him helpe soe om nauwere bannen te smeien en bettere gearwurking te krijen tusken Amerikaanske en bûtenlânske filmmakkers. Tusken 1947 en 1956 waard acht kear op ûngeregelde basis oan in bûtenlânske film in Oscar takend, mar dat wiene spesjale prizen foar útsûnderlike produksjes, en der wie gjin wedstrydelemint yn behelle om't der gjin nominaasjes foar wiene.
Yn 1956 waard der in reguliere kategory ynsteld foar bûtenlânske, net-Ingelsktalige langspylfilms, wêrfoar't de earste priis by de útrikkingsseremoanje fan 1957 takend waard oan 'e Italjaanske dramafilm La Strada, fan regisseur Federico Fellini. Dy priis kaam Academy Award for Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal te hjitten, in namme dy't er 63 jier lang behold. Op in gearkomste fan it bestjoer fan 'e AMPAS yn april 2019 waard lykwols besletten om him om te neamen ta Academy Award foar Bêste Ynternasjonale Film. It waard nammentlik ornearre dat de term 'bûtenlânsk' (foreign) yn 'e mondiale filmyndustry "net mear fan dizze tiid" wie. De nije namme soe de kategory "better fertsjintwurdigje" en teffens in "posityf en ynklusyf byld fan it meitsjen fan films" jaan.
Oars as by oare kategoryen fan 'e Oscars it gefal is, hoege gadingmakkers foar de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film net yn bioskopen yn 'e Feriene Steaten draaid te hawwen om meitingje te meien. Betingsten dêr't wól oan foldien wurde moat, binne:
Der is in protte krityk op it idee dat der in kategory bestean moat foar Bêste Ynternasjonale Film njonken in kategory foar Bêste Film. De Britske krante The Guardian skreau yn 2016 dat soks in "foarûnderstelling mei in fundamintele flater" fertsjintwurdiget, en dat de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film (doe noch de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal) "de meast kritysk ferhune kategory is fan alle Oscar-kategoryen." De krante skreau ek: "Yn in perfekte wrâld – of, alteast, in sa perfekt mooglike wrâld dêr't noch altyd pronkerige filmpriis-seremoanjes besteane – soe gjin ferlet wêze fan in aparte Oscar foar bêste film yn in bûtenlânske taal. It feit dat de Academy [of Motion Pictures Arts and Sciences] nei 87 jier de earste film dy't net foar it meastepart yn it Ingelsk is noch earje moat as bêste film, seit alles oer de eigen beheinings [fan 'e organisaasje], en neat oer de wrâldwide filmyndustry." (Yn 2019 barde dat, doe't de Súdkoreaanske film Gisaengchung, ynternasjonaal bekend as Parasite, de Oscar foar Bêste Film wûn.)
De Oscars wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1956", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1957.
jier | ynstjoerend lân | taal | titel winner | ynternasjonale titel winner | regisseur |
---|---|---|---|---|---|
Winners fan Spesjale Prizen (1947 – 1955) | |||||
1947 | Itaalje | Italjaansk Ingelsk | Sciuscià | Shoe-Shine | Vittorio De Sica |
1948 | Frankryk | Frânsk | Monsieur Vincent | Monsieur Vincent | Maurice Cloche |
1949 | Itaalje | Italjaansk | Ladri di Biciclette | The Bicycle Thieves | Vittorio De Sica |
1950 | Frankryk Itaalje | Frânsk Italjaansk | Au-delà des Grilles (Fr.) Le Mura di Malapaga (It.) | The Walls of Malapaga | René Clément |
1951 | Japan | Japansk | Rashōmon | Rashomon | Akira Kurosawa |
1952 | Frankryk | Frânsk | Jeux Interdits | Forbidden Games | René Clément |
1953 | gjin priis takend | ||||
1954 | Japan | Japansk | Jigokumon | Gate of Hell | Teinosuke Kinugasa |
1955 | Japan | Japansk | Miyamoto Musashi | Samurai: The Legend of Musashi | Hiroshi Inagaki |
Winners fan 'e Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (1956 – 2018) | |||||
1956 | Itaalje | Italjaansk | La Strada | La Strada | Federico Fellini |
1957 | Itaalje | Italjaansk | Le Notti di Cabiria | Nights of Cabiria | Federico Fellini |
1958 | Frankryk | Frânsk | Mon Oncle | My Uncle | Jacques Tati |
1959 | Frankryk | Portegeesk | Orfeu Negro | Black Orpheus | Marcel Camus |
1960 | Sweden | Sweedsk | Jungfrukällan | The Virgin Spring | Ingmar Bergman |
1961 | Sweden | Sweedsk | Såsom i en Spegel | Through a Glass Darkly | Ingmar Bergman |
1962 | Frankryk | Frânsk | Les Dimanches de Ville d'Avray | Sundays and Cybele | Serge Bourguignon |
1963 | Itaalje | Italjaansk | 8½ | 8½ | Federico Fellini |
1964 | Itaalje | Italjaansk | Ieri, Oggi, Domani | Yesterday, Today and Tomorrow | Vittorio De Sica |
1965 | Tsjechoslowakije | Slowaaksk | Obchod na Korze | The Shop on Main Street | Ján Kadár en Elmar Klos |
1966 | Frankryk | Frânsk | Un Homme et une Femme | A Man and a Woman | Claude Lelouch |
1967 | Tsjechoslowakije | Tsjechysk | Ostře Sledované Vlaky | Closely Watched Trains | Jiři Menzel |
1968 | Sovjet-Uny | Russysk | Vojna i Mir | War and Peace | Sergej Bondartsjûk |
1969 | Algerije | Frânsk | Z | Z | Costa-Gavras |
1970 | Itaalje | Italjaansk | Indagine su un Cittadino al di Sopra di Ogni Sospetto | Investigation of a Citizen Above Suspicion | Elio Petri |
1971 | Itaalje | Italjaansk | Il Giardino dei Finzi-Contini | The Garden of the Finzi Continis | Vittorio De Sic |
1972 | Frankryk | Frânsk | Le Charme Discret de la Bourgeoisie | The Discrete Charm of the Bourgeoisie | Luis Buñuel |
1973 | Frankryk | Frânsk | La Nuit Américaine | Day for Night | François Truffaut |
1974 | Itaalje | Italjaansk | Amarcord | Amarcord | Federico Fellini |
1975 | Sovjet-Uny | Russysk | Dersu Uzala | Dersu Uzala | Akira Kurosawa |
1976 | Ivoarkust | Frânsk | La Victoire en Chantant | Black and White in Color | Jean-Jacques Annaud |
1977 | Frankryk | Frânsk | La Vie Devant Soi | Madame Rosa | Moshé Mizrahi |
1978 | Frankryk | Frânsk | Préparez Vos Mouchoirs | Get Out Your Handkerchiefs | Bertrand Blier |
1979 | West-Dútslân | Dútsk | Die Blechtrommel | The Tin Drum | Volker Schlöndorff |
1980 | Sovjet-Uny | Russysk | Moskva Slezam Ne Verit | Moscow Does Not Believe in Tears | Vladimir Mensjov |
1981 | Hongarije | Hongaarsk | Mephisto | Mephisto | István Szabó |
1982 | Spanje | Spaansk | Volver a Empezar | To Begin Again | José Luis Garci |
1983 | Sweden | Sweedsk | Fanny och Alexander | Fanny and Alexander | Ingmar Bergman |
1984 | Switserlân | Frânsk | La Diagonale du Fou | Dangerous Moves | Richard Dembo |
1985 | Argentynje | Spaansk | La Historia Oficial | The Official Story | Luis Puenzo |
1986 | Nederlân | Nederlânsk | De Aanslag | The Assault | Fons Rademakers |
1987 | Denemark | Deensk | Babettes Gæstebud | Babette's Feast | Gabriel Axel |
1988 | Denemark | Skaansk Deensk Sweedsk | Pelle Erobreren | Pelle the Conqueror | Bille August |
1989 | Itaalje | Italjaansk | Nuovo Cinema Paradiso | Cinema Paradiso | Giuseppe Tornatore |
1990 | Switserlân | Dútsk | Reise der Hoffnung | Journey of Hope | Xavier Koller |
1991 | Itaalje | Italjaansk | Mediterraneo | Mediterraneo | Gabriele Salvatores |
1992 | Frankryk | Frânsk Fjetnameesk | Indochine | Indochine | Régis Wargnier |
1993 | Spanje | Spaansk | Belle Époque | Belle Epoque | Fernando Trueba |
1994 | Ruslân | Russysk | Utomljonnje Solntsem | Burnt by the Sun | Nikita Michalkov |
1995 | Nederlân | Nederlânsk | Antonia | Antonia's Line | Marleen Gorris |
1996 | Tsjechje | Tsjechysk | Kolja | Kolya | Jan Svěrák |
1997 | Nederlân | Nederlânsk | Karakter | Character | Mike van Diem |
1998 | Itaalje | Italjaansk | La Vita è Bella | Life Is Beautiful | Roberto Benigni |
1999 | Spanje | Spaansk | Todo Sobre Mi Madre | All About My Mother | Pedro Almodóvar |
2000 | Taiwan | Mandarynsk | Wò Hǔ Cáng Lóng | Crouching Tiger, Hidden Dragon | Ang Lee |
2001 | Bosnje en Hertsegovina | Bosnysk | Ničija Zemlja | No Man's Land | Danis Tanović |
2002 | Dútslân | Dútsk Swahily | Nirgendwo in Afrika | Nowhere in Africa | Caroline Link |
2003 | Kanada | Frânsk | Les Invasions Barbares | The Barbarian Invasions | Denys Arcand |
2004 | Spanje | Spaansk | Mar Adentro | The Sea Inside | Alejandro Amenábar |
2005 | Súd-Afrika | Sûlû Kosa Afrikaansk | Tsotsi | Tsotsi | Gavin Hood |
2006 | Dútslân | Dútsk | Das Leben der Anderen | The Lives of Others | Florian Henckel von Donnersmarck |
2007 | Eastenryk | Dútsk | Die Fälscher | The Counterfeiters | Stefan Ruzowitzky |
2008 | Japan | Japansk | Okuribito | Departures | Yōjirō Takita |
2009 | Argentynje | Spaansk | El Secreto de Sus Ojos | The Secret in Their Eyes | Juan José Campanella |
2010 | Denemark | Deensk | Hævnen | In a Better World | Susanne Bier |
2011 | Iraan | Perzysk | Jodái-e Náder az Simin | A Separation | Asghar Farhadi |
2012 | Eastenryk | Frânsk | Amour | Amour | Michael Haneke |
2013 | Itaalje | Italjaansk | La Grande Bellezza | The Great Beauty | Paolo Sorrentino |
2014 | Poalen | Poalsk | Ida | Ida | Pawel Pawlikowski |
2015 | Hongarije | Hongaarsk | Saul Fia | Son of Saul | László Nemes |
2016 | Iraan | Perzysk | Forushandeh | The Salesman | Asghar Farhadi |
2017 | Sily | Spaansk | Una Mujer Fantástica | A Fantastic Woman | Sebastián Lelio |
2018 | Meksiko | Spaansk Mysjteeksk | Roma | Roma | Alfonso Cuarón |
Winners fan 'e Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film (fan 2019 ôf) | |||||
2019 | Súd-Koreä | Koreaansk | Gisaengchung | Parasite | Bong Joon-ho |
2020 | Denemark | Deensk | Druk | Another Round | Thomas Vinterberg |
2021 | Japan | Japansk | Doraibu Mai Kā | Drive My Car | Ryusuke Hamaguchi |
2022 | Dútslân | Dútsk | Im Westen nichts Neues | All Quiet on the Western Front | Edward Berger |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.