In haadredaksje bestiet út alle redakteurs mei-inoar dy't de ynhâldlike lieding hawwe oer in krante, tydskrift, webside, boek of radio- of tillefyzjeprogramma.
Dit bestjoersorgaan koördinearret de redaksje en stippelet it belied fan 'e útjefte of it programma út. Der bestiet yn Nederlân in Nederlânsk Genoatskip fan Haadredakteurs.
Ynhoefier't de haadredaksje streekrjocht ferantwurdlik is foar it oanstjoeren fan 'e yndividuële sjoernalisten ferskilt per ûndernimming. Sa stiet in haadredakteur by in tydskrift ornaris direkt yn kontakt mei dejingen dy't de artikels skriuwe. By in gruttere organisaasje, lykas guon kranten, hat de haadredaksje benammen kontakt mei de ôfdielingshaden fan 'e ûnderskate redaksjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Haadredaksje, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.