Jelle Hendriks Brouwer (Beetstersweach, 23 augustus 1900 - Ljouwert, 22 jannewaris 1981) wie in Fryske dichter, frisiast en heechlearaar.
Jelle Hendriks Brouwer | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jelle Hendriks Brouwer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 augustus 1900 | |
berteplak | Beetstersweach | |
stoarn | 22 jannewaris 1981 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | gedichten |
Brouwer promovearre yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit fan Grins yn 1941. Nei 1941 waard er heechlearaar Frysk en Goatysk oan dyselde universiteit. Sûnt 1956 wie er bysûnder heechlearaar fanwege de fryske Underwiisrie oan de Universiteit fan Amsterdam en wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy(oant 1962). Hy wie ien fan de earsten, faaks de earste, dy't beropshalven de stúdzje Frysk beoefenje koe. Publisearre earst literêr wurk (-1934), besoarge dêrnei de útjefte fan on soad Ald- en Midfryske teksten, ûnder oare fan Gysbert Japicx. Makke ek oersettings, mei syn frou, út it Sweedsk. Syn Fryske bibleteek waard ferkocht oan prof. dr. G. Droege yn de Feriene Steaten (1971). Al yn it midden fan de 20e iuw wie er dwaande mei de tariedings foar in Midfrysk wurdboek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jelle Hendriks Brouwer, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.