Anna Gimbrère (Utert, 6 jannewaris 1986) is in Nederlânsk wittenskipssjoernalist en presintatrise.
Anna Gimbrère | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Anna Gimbrère yn 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 jannewaris 1986 | |
berteplak | Utert | |
etnisiteit | Nederlânsk Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Wittenskipssjoernalist | |
medium | telefyzje | |
bekend fan | saakkundige yn telefyzjeprogrammas (sjoch tekst) | |
jierren aktyf | 2014-no | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Gimbrère is fan Frânsk komôf en stammet út in geslacht fan paraplumakkers. Se trochrûn de middelbere skoalle yn Swol en studearre teoretyske natuerkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Hja wurke ek as model. Nei har stúdzje waard se wittenskipssjoernalist en fungearre as redakteur of saakkundige by telefyzjeprogramma's lykas de Nationale Wetenschapsquiz (2015), Galileo (2016), Tijd voor MAX (2017) en Experimensen (2019). Yn 2018 wie se kandidaat yn De Slimste Mens.
Se presintearre yn 2017 Oranje boven, Down Under en yn 2019 De wilde ruimte. Troch de Volkskrant waard se útroppen ta mediatalint fan 2019. Yn 2020 begûn se foar KRO-NCRV mei de presintaasje fan it sjoernalistike programma De Monitor dat yn jannewaris 2021 gearfoege waard mei Pointer.
Hja hat in relaasje mei sjoernalist en presintator Herman van der Zandt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Anna Gimbrère, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.