Rachel Aziani

Rachel Aziani (Omaha, 21 novimber 1968), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Italjaansk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Busty Rachel (Boarstige Rachel).

Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 34DD. Hja leit har folslein ta op it meitsjen fan foto's en filmkes foar har eigen webside, en stiet benammen bekend om har grutte boarsten, dy't foarhinne natuerlik wiene, mar foar in pear jier operatyf ferstevige binne.

Rachel Aziani
Rachel Aziani persoan yn de seksyndustry
Rachel Aziani
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Busty Rachel
echte namme Rachel Aziani
nasjonaliteit Rachel Aziani Amerikaansk
berne 21 novimber 1968
berteplak Omaha (Nebraska)
etnisiteit Rachel Aziani Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.rachelaziani.com

Libben en karriêre

Aziani waard yn 1968 berne yn Omaha, yn 'e steat Nebraska. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren troude se mei har hjoeddeiske man Buzz, in neakenfotograaf. Nei't se him in pear jier oan it wurk sjoen hie, besleat Aziani om sels neakenmodel te wurden. Dêrmei hie se sa'n súkses dat se yn 1999 har eigen webside oprjochte, dy't yn 't earstoan BustyRachel.com hiet (no RachelAziani.com). De earste jierren die se allinnich mar neakenfotografy en solopornografy, mar letter kaam dêr ek hurde pornografy by, hoewol't se dat inkeld mei har man Buzz docht. Yn 2009 waard Aziani nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory "ynternetstjer".

Aziani wennet yn Phoenix, yn Arizona, dêr't se nei eigen sizzen hinne ferhuze is om't se fan it (smoarhjitte) klimaat dêre hâldt. Yn har frije tiid hâldt se har dwaande mei har fjouwer hûnen en leafhawwerijen as yoga, sinnebaaien, kuierjen, fytsen, golfen, swimmen, kampearjen, kajakjen en it beriden fan quads.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Rachel Aziani Libben en karriêreRachel Aziani Prizen en nominaasjesRachel Aziani Keppelings om utensRachel Aziani196821 novimberBoarstenEtnyske groepFeriene SteatenItaljanenNeakenmodelOmaha (Nebraska)Pornografysk aktriseWebside

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nicole BexleyFingerjenRachel AzianiDomeinnammeHeipealhâldingPornoaktriseSarah YoungErnst HaeckelEvil Angel (filmstudio)fjetnamSkift1999Cherokee d'AssStammeHTMLvkeyjInes RidereFormule 1 yn 2020KoerganLondenTwitterMontanaParis HiltonThird Degree FilmsDe Boarn22 maaieKristoffel KolumbusTechnologyHebriuwske kalinderSeeHûneftigenNoetseleIt BûthúsbankjeYiming CuriosityBoliviaFrysktalige WikipedyGreefskip Bentheim (Landkreis)BiskopKatee OwenDútslânList fan Nederlânske gemeentenArkansasPornografymarketingTrommeStasjon MariënbergEastenrykBaalbekJ. MacSkiednis fan FryslânHeather LeeRêchstringdieren1895AldfryskWylpreagerfûgelsFamylje (taksonomy)Loni LegendHaukfûgelsZergeisterungGrut- en Lyts-BamastateKeizerspjochtWrâldkampioenskip fuotbal 20061986GalysjeDanyel CheeksOekraïneStasjon Breda-PrinsenbeekNoardfryskApheliumDe BoskLexi Diamond🡆 More