De People's Choice Awards (Folkskarprizen) binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn Los Angeles útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan film, tillefyzje en muzyk fan it foargeande jier.
De winners wurde bepaald troch it Amerikaanske publyk, oarspronklik op grûn fan in opinypeiling, mar sûnt 2005 fia in online-stimming op 'e webside fan 'e People's Choice Awards. De útrikkingsseremoanje wurdt organisearre troch Procter & Gamble, in Amerikaanske produsint fan konsuminte-artikels. De earste útrikking fûn plak yn 1975, en de seremoanje is sûnt altyd live útstjoerd troch de Amerikaanske stjoerder CBS. By de earste útrikking waard The Sting útroppen ta favorite film (fan it jier 1974), Barbra Streisand ta favorite aktrise en John Wayne ta favorite akteur.
People's Choice Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | film, tillefyzje en muzyk | |
útrikt troch | Procter & Gamble | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | mids jannewaris | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) | |
ynsteld | 1974 | |
1e útrikking | 1975 | |
offisjele webside | ||
www.peopleschoice.com |
De kategoryen fan 'e People's Choice Awards hawwe troch de jierren hinne wat fariëarre, mar op 't heden binne der 48 ûnderskate kategoryen, ferdield oer fjouwer sjenres:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article People's Choice Award, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.