Untfiering

In ûntfiering (de Ingelske termen kidnapping en kidnap komme hieltyd mear foar) is it yllegaal oerbringen fan in persoan fan it iene nei it oare plak, tsjin de wil fan dy persoan yn.

It kin ek dien wurde mei goedfinen fan 'e oangeande persoan, mar as dy minderjierrich is (of as it, foarhinne, om in troude frou gie), dan wurdt it dochs as ûntfiering beskôge. Under de Nederlânske wet wurdt is ûntfiering in misdriuw dêr't oant acht jier finzenisstraf op stiet (Wetboek fan Strafrjocht 282 lid 1). Guon lannen, lykas Kolombia en Jemen, binne berucht om't ûntfierings der in protte foarkomme.

Untfiering
It Panorama mei de Untfiering fan Helena mank de Wûnders fan 'e Aldheid, troch de skilder Maarten van Heemskerck (1535).

Foarmen

Der besteane ferskillende foarmen fan ûntfiering. By de "tradisjonele" foarm, dy't oer it algemien mank giet mei ôfparsing of oare foarmen fan sjantaazje, wurdt immen yn finzenskip nei in ûnbekend plak ta brocht en dêr fêstholden oant syn of har neiste(n) in lospriis betelle hawwe of in beskate tsjinst foar de ûntfierder(s) ferrjochte hawwe. In oare foarm fan ûntfiering is better bekend as gizeling (misdriuw), (net te betiizjen mei it twangmiddel út it sivyl rjocht dat krekt sa hjit). Dêrby wurdt immen ûnder bedriging fêstholden op in bekend plak. Fan ûntfiering is yn dit gefal inkeld sprake as dat plak in bewegend fiertúch is, lykas in auto. Dat wriuwt dan wer ticht oan tsjin kaping, in foarm fan ûntfiering wêrby't in fier-, far- of fleantúch oernommen wurdt troch de ûntfierders (kapers) en gauris nei in plak ta brocht wurdt dat oarspronklik net de bestimming wie. In skaking, ta einbeslút, is in ûntfiering fan in frou of famke mei har ynstimming (mar net mei dy fan har famylje), mei as doel om mei har te trouwen of gear te wenjen. "Skaking" is in ferâldere útdrukking; as soks tsjintwurdich bart mei in minderjierrige, sprekt men fan "ûntlûking oan it âlderlik gesach". Fansels komt it ek foar dat minsken (yn 'e regel froulju of bern) ûntfierd wurde mei as doel om harren seksueel te misbrûken. Yn sokke gefallen wurdt lykwols de eigentlike ûntfiering as bysaak beskôge.

Berne-ûntfiering

Men sprekt ek fan ûntfiering (spesifyk: âldeljusûntfiering of parintale ûntfiering) as in bern troch ien fan 'e beide âldelju en sûnder tastimming fan 'e oare earne hinne meinommen wurdt. Faak giet it yn soksoarte gefallen om in op 'e klippen rûne relaasje tusken partners út ferskillende lannen, en nimt de iene partner it/de bern dan mei nei syn/har lân fan komôf. Yn 2005 waarden op dizze manear yn 75 ûnderskate gefallen bern ûntfierd út Nederlân wei en 38 kear nei Nederlân ta, en dêrby wiene yn totaal 172 bern belutsen. Yn dizze 113 ynsidinten wie 74 kear de mem de dieder, 35 kear de heit en 4 in oar famyljelid. Nettsjinsteande it algemiene byld dat fan sokke saken bestiet, wêrby't yn 'e regel de heit as dieder beskôge wurdt, wie dus yn 65,5% fan 'e gefallen de mem de dieder.

Bekende ûntfierings

Untfiering 
Terry Waite, dy't fan 1987 oant 1991 as ûntfieringsslachtoffer fêstholden waard yn Libanon.

Guon bekende ûntfierings binne:

  • mytysk – Helena (de skaking fan Helena, de frou fan kening Menelaos fan Sparta, troch Paris, in soan fan 'e kening fan Troaje, wie de oanlieding ta de Trojaanske Oarloch, sa't dy beskreaun is troch Homêros)
  • 1974 – Patty Hearst
  • 1982 – Toos van der Valk
  • 1983 – Freddy Heineken en syn sjauffeur Ab Doderer
  • 1982-1992 – 96 diplomaten en sjoernalisten fan 21 ûnderskate nasjonaliteiten, mei as bekendste wierskynlik Terry Waite, de spesjale gesant fan 'e aartsbiskop fan Canterbury, dy't krekt stjoerd wie om oer de frijlitting fan 'e oare ûntfierden te ûnderhanneljen (de Libaneeske Gizelderskrisis)
  • 1987 – Gerrit-Jan Heijn
  • 1987 – Jules Croiset (in Belgysk akteur dy't syn eigen ûntfiering yn sêne sette om 'e opfiering fan Het Vuil, de Stad en de Dood, fan Rainer Werner Fassbinder tsjin te kearen)
  • 1995-1996 – Julie Lejeune, Melissa Russo, An Marchal, Eefje Lambrecks, Sabine Dardenne en Laetitia Delhez (de Saak-Dutroux, yn Belgje)
  • 1998 – Hansje Boonstra-Raatjes (frou fan Cor Boonstra)
  • 2002-2004 Arjan Erkel (Nederlânsk meiwurker fan 'e helporganisaasje Dokters sûnder Grinzen, yn it Súdrussyske Dagestan)
  • 2002-2008 Íngrid Betancourt (Frânsk-Kolombiaansk politika, jierrenlang fêstholden yn it Kolombiaanske reinwâld troch de rebellegroepearring FARC)
  • 2003 – Lusanne van der Gun
  • 2004-2006 – Ammar en Sara (berne-ûntfiering nei Syrje ta troch de heit)
  • 2005 – Claudia Melchers
  • 2006-2011 Gilad Shalit (in Israelysk militêr dy't yn 'e Gazastripe fêstholden waard troch de Palestynske fersetsbeweging Hamas)
  • 2013 – Judith Spiegel en Boudewijn Berendsen (Nederlânsk sjoernaliste en har partner, yn Jemen)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Untfiering FoarmenUntfiering Berne-ûntfieringUntfiering Bekende ûntfieringsUntfieringIngelskJemenKolombiaMisdriuwNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DermatologySeksualiteitUntsliepeniskatedraal (Vladimir)Lisa AnnReligieuzeSûmearjeRjochtsaakFryske talenJasmine BlackWest YorkshireRosa CaraccioloYiming CuriosityIvy SherwoodFear yn 'e BroekList fan planetoïden 88001-89000FrouJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)ÛntslachVolodymyr ZelenskyAleksander II fan RuslânGeorgjeSTsjechjePriya PriceSûger (plant)GandzasarKristendomIngelskSpoar fan Grins nei DelfsylStasjon Bedum24 maartStasjon DelfsylBart KingmaVienna BlackHoratio NelsonAnton WachterpriisNij-SeelânTatjana ŠimićDôve Brânnettel14 novimberNederlânske Herfoarme Tsjerke1200Petrus- en Paulustsjerke (Pskov)Fedde SchurerNije mediaBoergondyske RykHenny Tuinhout-de LeeuwList fan planetoïden 5001-6000SprinkhoannesjongersFrysktalige WikipedyEve MadisonReklamespotsjeCreative CommonsHeather LeeKrusiging fan JezusList fan planetoïden 6001-7000UgandaDútslânList fan Fryske famkesnammenAlfred HitchcockFriezebrêgeLeonid BrezjnevHenk van der VeerJeanne d'ArcRuslân13 jannewaris18 novimberCharles III fan it Feriene KeninkrykDútsk🡆 More