Pasjint

In pasjint (fan it Frânske patient, immen dy't lijt, dat weromgiet op 'e Latynske tiidwurdsfoarm patiens) is immen oan wa't medyske, paramedyske of ferpleechkundige help ferliend wurdt.

De behoefte oan sokke help wurdt feroarsake troch it oprinnen fan in sykte, in oandwaning of letsel. De pasjint is yn sa'n gefal in soarchbehoevende, dy't de soargen of it tafersjoch fan ien of mear soarchferlieners genietet.

Pasjint
In pasjint op 'e operaasjetafel.

It medysk jargon ûnderskiedt ferskate foarmen fan pasjinten:

  • in slachtoffer is immen dy't ferlet hat fan medyske help as gefolch fan in trauma.
  • in kliïnt is immen dy't, meastal foar langere tiid, psychyske of psychiatryske soarch nedich is, of dy't help fan in maatskiplik wurker kriget.
  • in refalidant is in pasjint dy't oan it opbetterjen is fan sykte of letsel, en dêrta refalidearje moat.
  • in bewenner of ferpleegde is in pasjint dy't (foar langere tiid) ynwenjend is yn in soarchynstelling of ferpleechhûs.

Fierders waard foarhinne wol de term 'residint' brûkt foar pasjinten dy't langere tiid yn soarchynstellings ferbliuwe moasten. Dy oantsjutting is lykwols út 'e moade rekke en foar it meastepart ferkrongen troch 'kliïnt' en 'bewenner'. Yn it amtlik jargon wurdt fierders ek faak de term 'soarchfreger' brûkt, foar alle soarten pasjinten, wêrby't dy oantsjutting kontrastearret mei de termen 'soarchferliener' foar alle medysk, paramedysk en ferpleegjend personiel, 'soarchferstrekker' foar sikehuzen en alle oare soarchynstellings, en 'soarchbemiddelder' foar soarchfersekeringsmaatskippijen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

FrânskGenêskundeLatynLetselOandwaningSykteTiidwurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BluesHaaienKoördinearre WrâldtiidFjoerMahabharataVoodoo (pornografysk akteur)1564Julie SkyhighWebsteeAubrey KateKatedraal fan NapelsMinsklike seksuele aktiviteitNational Basketball AssociationHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiKatee OwenAugust TaylorWhitney TaylorHellendoorn (gemeente)Luna CorazónLondenJoyce OliveiraDavid Gilmour1863KommunismeMiamiBethany BenzHunter Bryce24 aprilHelpKolombiaNasjonaalsosjalismeNicole BexleyRealitypornografyOseanografy873 f.Kr.FaasjeWylpreagerfûgelsLiza ShayAnouk Wipprecht22 febrewarisDuomo San Rufino1928Anton DalhuysenPresidint fan de Feriene SteatenSensual JaneVanessa SkyPearsPeter Bosz12 oktoberYnterprovinsjaal OerlisRôze leppelbekHûntsjeshâldingJaylene RioWikidataPavel DoerovTeksasKening-keizerHjerringslynderAfrikaanske leppelbekWytsingenGNU/FDLDanyel CheeksSasha BeartISO 3166Beierske wrotmûs1932Sandy MilzJ. MacCharles III fan it Feriene KeninkrykKatedraal fan NotoKatedraal fan Udine🡆 More