Sekse Man

In man is in minske fan it manlik geslacht.

Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de oantsjutting 'man' lykwols útslutend brûkt foar in folwoeksen minske fan it manlik geslacht; ûnfolwoeksen manlju wurdt jonges of bern neamd. Oan 'e oare kant wurdt yn gearstallings as 'manljus-wc' gjin ûnderskie nei âldens makke. In minske fan it tsjinstelde geslacht is in frou.

Sekse Man
In man.
Sekse Man
It Marssymboal, wêrmei't it manlike geslacht oantsjut wurdt.

Geslachtsskaaimerken

Krekt as by oare manlike sûchdieren ervet it genoom fan in man yn prinsipe in X-gromosoom fan 'e mem en in Y-gromosoom fan 'e heit. De manlike foetus produsearret gruttere hoemannichten androgeen en lytsere hoemannichten estrogeen as de froulike foetus. Dat ûnderskie yn 'e ûnderlinge ferhâlding fan dy geslachtssteroïden is fierhinne ferantwurdlik foar de fysiologyske ferskillen tusken manlju en froulju. Yn 'e earste jierren omfiemje dy ferskillen de primêre geslachtsskaaimerken, wat foar manlju (jonges) delkomt op it hawwen in penis en in skroatum mei dêryn de testikels (of siedballen), dy't froulju (famkes) net hawwe.

Under de puberteit wurdt de produksje fan androgeen stimulearre troch beskate hormoanen, mei as gefolch de ûntjouwing fan 'e sekundêre geslachtsskaaimerken. Sadwaande nimme de ferskillen tusken de beide seksen dan noch ekstra ta. Dêrop binne lykwols útsûnderings oangeande ynterseksuële en transseksuële manlju. Ornaris omfiemje de sekundêre geslachtsskaaimerken by manlju:

  • de ûntwikkeling fan in prominintere adamsapel en in djippere stim;
  • in gruttere spierûntwikkeling;
  • it breder wurden fan 'e skouders en it boarst;
  • it grutter wurden fan 'e hannen en fuotten (as dy fan froulju);
  • it steviger wurden fan 'e hûd;
  • it gearheapjen fan fet op 'e búk en om 'e mul hinne;
  • de groei fan mear lichemshier op mear plakken;
    • skamhier oer in rútfoarmich diel fan it ûnderlichem;
    • búk- en boarsthier;
    • skonkhier;
    • earmhier;
    • earmholtehier;
    • gesichtshier;
  • it ûntstean fan in gruttere lichemslingte as by froulju.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

Bern (persoan)FrouGeslacht (sekse)JongeMinske

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AldfryskMûs (kompjûter)5 jannewarisLiteratuerKatedraal fan Piazza ArmerinaISBNFryske talenMaya BijouDomtsjerke fan SienaOezbekistanMediafranchiseGraham SwiftMaltaHaadsideISO 3166-1AldskouFryskJ. MacVanda VitusJan Hepkes WoudaGeslachtsmienskip18961990-er jierrenAkkrumEdsger Wybe DijkstraSint-Frederikustsjerke (Steggerda)El NiñoIranDemokrasySeksuele penetraasjeJoyce OliveiraMaksiminus TraksFryske Frijheid1564EkonomyNASAKya TropicPersia MonirServjeSlûsWestland Wyvern19e iuwRôze leppelbekNaughty AmericaNeakenensAle S. van ZandbergenSandy MilzKatedraal fan TorcelloMiranda WerkmanDuëtFeriene SteatenCarmen HayesJade Marcela17 oktoberBruce VentureTeksasWelsum (Olst-Wijhe)BaskyskPeter BoszSasha BeartSneonClara TrinitySensual Jane22 febrewaris1925🡆 More