Jonge

In jonge is in jonge minske fan it manlik geslacht.

Dizze term wurdt algemien brûkt foar manlike bern oant likernôch 15 jier, mar ek foar jongfolwoeksenen oant rûchwei 20 jier. Dêrnei wurdt deselde persoan omskreaun as in man. Yn it spraakgebrûk fan 'e âlderein op jierren kin lykwols eltse man oant wol 50 jier in 'jonge' wêze. Yn ferhâlding ta syn âlden is in jonge in soan. As it om in jonge jonge giet, sprekt men mei in ferlytsingsfoarm ek wol fan in jonkje of (argaysk) boaike.

Jonge
In jonge fan Súdaziatysk komôf út it Tanzaniaanske Dar es Salaam.

Dy lêste foarm komt fan boai, in argaysk synonym foar 'jonge', dat by foarkar mei brekking útsprutsen wurdt as [bṷai̭] ("bû-aai"), al wurdt [boəi̭] ("boai") ek tastien. Dit wurd is besibbe oan it Eastfryske boi, it Ingelske boy en it Sweedske pojke. Hoewol't de etymology obskuer is, komt it wierskynlik fuort út in earder Anglo-Frysk *bō-ja, dat "bruorke" of "jongere broer" betsjut hawwe soe, in ferlytsingsfoarm fan it noch wer eardere Germaanske *bō- ("broer"), dat wer fuortkommen wêze soe út it Proto-Yndo-Jeropeeske *bhā- of *bhāt ("broer" of "heit"). Ut dyselde woartel komt ek it Flaamske boe ("broer") fuort, it boa ("broer") út beskate Noarske dialekten, en troch de reduplisearre fariant *bō-bō ek it Aldnoarske bófi en Nederlânske boef ("smjunt", "krimineel") en it Dútske Bube ("knaap", "smjunt"). It wurd 'boai' komt yn it Frysk ek foar yn it sprekwurd "boai is baas", dat safolle sizze wol as 'it bern regearret' of 'de ûnderhearrige hat it foar it sizzen'.

De froulike wjergader fan in jonge is in famke. It dúdlikste ferskil tusken in jonge en in famke wurdt foarme troch harren útwindige geslachtsorganen: in jonge hat in penis en testikels, wylst in famke oer in fagina beskikt. Sekundêre geslachtsskaaimerken, lykas (foar jonges) gruttere lichemslingte, sichtberder spieren, gruttere hiergroei oer frijwol it hiele lichem, it groeien fan burd en snor en in leechtoaniger stim, dogge har pas yn 'e puberteit foar, rûchwei tusken de 12 en 16 jier. It is lykwols mooglik dat, los fan harren lichaamlike geslacht, ynterseksuële bern mei ambiguë geslachtsdielen en biologysk froulike transseksuële bern ek klassifisearre wurde as jonge of harsels as sadanich identifisearje. Jonges en famkes wurde yn in protte minsklike kultueren ferskillend grutbrocht by wize fan tarissing foar harren takomstige rol as folwoeksen lid fan 'e maatskippij. Dêrby krije jonges yn 'e regel mear kânsen en genietsje se mear frijheden as famkes.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

Bern (persoan)Geslacht (sekse)JongfolwoekseneMan (sekse)MinskeSoanÂlden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1945MuntsjesylSao Tomee en Prinsipe9 maartFilipinenPieter BreukerPûn sterlingOseaanFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)3 febrewaris1981NASAPersia PelePlestikWikidataPornhubKatee OwenSkiermûntseachJ. MacMicrosoftVienna BlackYves BaillatTony van der MeulenUnderwiisLetterFryslânLeppeltsje-leppeltsjeKanieldo1769Fiere Easten1951Griis iikhoarntsjeMuseum MartenaYby Potlatch1937ProaiJewels JadeYnternasjonale Kynologyske FederaasjeOlaf ScholzSteatsfoarmList fan geiterassenRunenDiezerpoarteRepublykUbbenaFranklin D. RooseveltKroandowenHTMLNeakenmodelBelestingKroaasjeSean LawlessBrazilian waxZevenhuizen (Westerkertier)Chesty PullerAlbertina SoepboerOarlochsmisdieFrankrykArmie FieldHinHagekrûperHarley RaineJustin SlayerNoardfryskBudgetDemokratyske Republyk Kongo1 maartNRJ Music AwardPake en beppeEastenryk9 maaie🡆 More