Kat: Húsdier

De kat (Latynske namme: Felis catus), om him te ûnderskieden fan 'e wylde kat ek wol húskat of hûskat neamd, is ien fan 'e âldste húsdieren fan de minske.

De domestisearre kat heart ta de famylje fan kateftigen (Felidae). De âldste soartnamme wie Felis domesticus, mar dy is no ferfongen troch Felis sylvestris catus. It mantsje wurdt yn it Frysk in boarre neamd; it wyfke in poes. Ein 2009 wiene der yn Nederlân sa'n 3,6 miljoen katten

Katteklau
Kat: Jonge katsjes, Sjoch ek, Keppeling om utens
Katte-each
Katsjes

Jonge katsjes

In jongkatsje wurdt tsjintwurdich faak kitten neamd, in lienwurd út it Ingelsk. Likernôch 66% fan de katsjes wurdt berne mei de kop earst. By de berte is it jongkatsje dôf en blyn. Nei sa'n 10 dagen kin it sjen en nei 17 dagen ek hearre. Nei fjouwer of fiif wiken geane sy oer op fêst iten. Dan leart de memmekat it jong ek om op de kattebak te gean. Dochs drinke in soad kittens oant de sechsde moanne by de mem, at sy dêr de kâns ta krije.

Understeande tabel jout de ûntwikkeling fan in kitten.

Tiid Omskriuwing
1 wike eagen iepen, begjin fan fokusjen
2 wiken kin krûpe, mar noch net stean
17 dagen kin hearre
3 wiken begjint te rinnen
4 wiken begjint mei fêst iten
6 wiken eagen begjinne definitive kleur te krijen
8 wiken hat folslein molkgebit
8 wiken jachttechnyk wurdt oefene
8 wiken kastraasje mei no
9 wiken earste faksinaasje panleukopeny en rhinotraceitis/calici
13 wiken twadde faksinaasje
18 wiken wikseling molkgebit nei fêst gebit
24 weken standerdleeftiid kastraasje

Sjoch ek

Keppeling om utens

  • Wikiwurdboek-side - kat

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
.

Tags:

Kat Jonge katsjesKat Sjoch ekKat Keppeling om utensKatFryskHúsdierKateftigenLatynNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RavensbrückDe Bining (Easternijtsjerk)Lofthaven Frankfurt am MainMozilla Thunderbird27 febrewarisHebriuwske kalinder1906KasinoCowgirlhâldingMarijn KuipersReuzepandaNij-KaledoanjeFandalenAustraalje (lân)Súdhollânske EilannenSinkORSteatsline HPortegal1977MonargyPopcaanKaspyske See1BelgjeIerlânKubaFrankryk1874STaalPrimatenCMonakoAnale seksFingerjenFilmTsjechje20031941Switserlân2023GlasgowHFeriene Steaten1988Kristus145119e iuwDútslânAndor (telefyzjesearje)TelefyzjeprodusintAchillesAmerikaansk fuotbalSilyKairoMinsklike seksuele aktiviteit17LjochtKlassikusRynPluto (planeet)HynderGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Órlaith íngen CennétigDie Hard with a VengeanceJenna Jameson🡆 More