Órlaith Íngen Cennétig

Órlaith íngen Cennétig (9?? – 941) wie in hege keninginne-gemalinne fan Ierlân yn 'e tsiende iuw.

Neffens de Ierske annalen waard hja yn 941 eksekutearre foar oerhoer.

Órlaith íngen Cennétig
Órlaith Íngen Cennétig aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Órlaith Íngen Cennétig Iersk
bertedatum ûnbekend
berteplak ûnbekend
stjerdatum 941
stjerplak ûnbekend
etnisiteit Órlaith Íngen Cennétig Iersk
hege keninginne-gemalinne fan Ierlân
amtsperioade 9?? – 941

Libben

Órlaith liket de iennichste (dokumintearre) dochter west te hawwen fan kening Cennétig mac Lorcáin fan Thomond, dy't yn 951 ferstoar. Har bruorren wiene Mathgamain mac Cennétig, dy't fan likernôch 970 ôf oant 976 kening fan Munster wie, en Brian Boru, de hege kening fan Ierlân fan 1002 oant 1014. Hja wie de twadde frou fan 'e Ierske ard rí (hege kening) Donnchad Donn.

Órlaith kin noch net botte âld west hawwe doe't se beskuldige waard fan oerhoer mei har styfsoan Óengus mac Donnchad Donn. Hja waard skuldich befûn en yn 941 ta de dea brocht, hoewol't de metoade dy't dêrfoar brûkt waard net oerlevere is. Neffens de fermelding yn 'e Chronicon Scotorum by dat jier waard "Órlaith, dochter fan Cennétigh, soan fan Lorcán, deade troch Donnchad, soan fan Flann, kening fan Ierlân, nei't se beskuldige wie (fan ferbean geslachtsferkear) mei Óengus, syn soan."

Óengus mac Donnchad Donn oerlibbe dizze saak en folge syn heit letter op as hege kening fan Ierlân. It is ûnbekend oft Órlaith ek bern hie of net.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

941AnnalenEksekúsjeGemalinneHege keninginneIerlânOerhoerTsiende iuw

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Famylje (besibskip)Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2020Stefan LöfvenBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004IngelGoldbandLudwig van BeethovenMeksiko-StêdJimmy Wales1995Klasina SeinstraAudulfGelsenkirchenSmithsonian YnstitútAbrahamityske religyenRuslânPoznańRomeinenKredytkrisis19561328Nederlânsk-YnjeEarste WrâldkriichYves Baillat1707PearsBelgjeBostonSulawesySaya SongSyriaSanta Ana (Kalifornje)TasjkentJosef StalinHTMLKeallepoatBreednoasapenJaylene RioFridtjof NansenToyotaJochen RindtRichard LanginKomôfAfro-Aziatyske talenTsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)Katedraal fan RouenSkimmelsUntsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaTasitus (skriuwer)Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2000/StrânfollybalJohn LennonPaulo WanchopeYnternasjonaal Systeem fan IenhedenKiëvDimearTailân910Johan FerrierSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 20001990FellatioEmiel StoffersHarsensHeitKristendomIzerKairoJohann Jakob von TschudiWikipedyRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1976DeastrafGjûmriPersia Monir🡆 More