It tiidwurd (Latynsk: verbum) is in wurdsoarte dy't suver yn elke taal brûkt wurdt.
Yn it Frysk binne der eins gjin sinnen sûnder tiidwurd. Tiidwurden drukke in tastân, hanneling of proses út dy't tiidsôfhinklik is en kinne ferbûn wurde mei beskate oare wurden en dan yn syn foarm ek dêrmei in ôfhinklikheidsrelaasje oangean.
Yn natuerlike talen wurde der ornaris ferskate foarmen fan itselde tiidwurd brûkt. De foarm fan it tiidwurd dy't ôfhinklik is fan 'e tiid en fan de deroan ferbûne persoan, hyt de persoansfoarm. De persoan of saak dêr't de persoansfoarm fan ôfhinklik is, ferfollet yn de sin de funksje fan ûnderwerp. Dy wjersidige ôfhinklikens tusken ûnderwerp en persoansfoarm drukke wy út troch te sizzen dat der oerienstimming is tusken dy beide.
By mear tiidwurden yn in sin wurdt in ûnderskie makke tusken kearntiidwurden en helptiidwurden.
Foarbyld:
It giet yn boppesteand foarbyld hieltyd om it oansjen; it oansjen is it kearntiidwurd dat hieltyd weromkomt. Help helptiidwurden wurdt brûk om beskate nuânses of fariaasjes mei oan te jaan. Yn in sin mei mear tiidwurden stiet it kearntiidwurd nei it lêste wurd dat gjin tiidwurd is. Dat wol sizze dat it, yn gefal fan in tiidwurdgroep mei mear as ien tiidwurd, foaroan stiet yn dy tiidwurdgroep.
Yn hast alle talen kinne tiidwurden yn in notiid of in doetiid stean:
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Tiidwurd, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.