Megan Vaughn, echte namme: Sarah Lauren Gibson (San Diego, 7 febrewaris 1992), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Meagan Vaughn.
Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34C.
Megan Vaughn | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Meagan Vaughn | |
echte namme | Sarah Lauren Gibson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 febrewaris 1992 | |
berteplak | San Diego (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – 2012 & 2013 – 2016 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Megan Vaughn waard yn 1992 berne, en is hikke en tein yn it Súdkalifornyske San Diego. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, fûn se wurk op 'e saneamde "boeremerk" (farmer's market) fan San Diego, dêr't se avokado's ferkocht. Yn juny 2010, doe't se 18 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens eigen sizzen barde dat fia de tsjinsten fan in manager dy't har finansjeel oplichte, en mei wa't se úteinlik dan ek har gearwurking beëinige. De man fette dat blykber net goed op en skynt sûnt allegeduerigen leagens oer Vaughn te fersprieden op it ynternet, lykas dat se eins prostituee wêze soe en dat se de hiele Kalifornyske pornoyndustry ynfektearre hawwe soe mei de seksueel oerdraachbere oandwaning herpes.
Vaughn stoppe nei dy breuk mei har manager in hoartsje mei wurkjen, mar makke in comeback nei't se in kontrakt ôfsletten hie mei it renommearre managementburo ATM L.A. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Vaughn fan 2010 ôf yn likernôch 40 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Hustler Video, Black Ice, West Coast Productions, Evil Angel, Vivid Entertainment, Devil's Film, Pure Play Media en Jules Jordan Video. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2012 | Urban X Award | nominearre | bêste triosekssêne mei Leilani Leeane en Mike Adriano | Black Anal Addiction |
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Megan Vaughn, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.