Syrillysk Alfabet

It Syrillyske alfabet (Russysk: кириллица, kirillitsa) is in alfabet wêrmei't seis Slavyske talen skreaun wurde: Russysk, Oekraynsk, Wytrussysk, Servysk, Masedoanysk en Bulgaarsk.

Troch de ynfloed fan de Russen wurdt it Syrillyske alfabet ek brûkt foar net-Slavyske talen lykas it Kazachsk en Tataarsk (Turkske talen), it Oedmoertysk en Komy-Syrjeensk (Finsk-Oegryske talen), Tsjetsjeensk en Avaarsk (Noardeastkaukazyske talen), Abgazysk en Sirkassysk (Noardwestkaukazyske talen) en it Mongoalsk.

Syrillysk Alfabet
Brûkme fan it Syrillyske alfabet

Skiednis

Syrillus en Metoadius makken yn de 9e iuw it Glagolitysk alfabet omdat it Grykske alfabet net foldie foar de Slavyske talen. Wa't it Syrillyske alfabet makke hat is net wis. It Syrillyske alfabet ferwiist wol nei Kyrillos, mar neffens akademisy ûntstie it alfabet healwei de 10e iuw yn it easten fan Bulgarije. Dêrom kin it neffens dy akademisy net sa wêze dat Kyrillos de betinker fan it Syrillyske alfabet is. It Grykske alfabet waard wol as basis brûkt foar it Syrillyske alfabet. Lûden dy't it Gryksk net hie, krigen spesjaal omtinken yn it Glagolityske en Syrillyske alfabet.

Letters

It Syrillyske alfabet sa't dat tsjinstwurdich brûkt wurdt foar it Russysk:

As dyn blêder de Syrillyske tekens net lêze kin, sjoch dan op dizze side.
а б в г д е ё ж з и й к л м н о п р с т у ф х ц ч џ ш щ ъ ы ь э ю я
а б в г д е ё ж з и й к л м н о п р с т у ф х ц ч џ ш щ ъ ы ь э ю я
à b v g d è e zj z i j k l m n o p r s t oe f ch ts tsj dj sj sjtà - y - e joe ja

De ъ en ь wurde as lêstekens brûkt, respektivelik in hurd teken en in sêft teken.

Keppeling om utens

Syrillysk Alfabet  Commons: Syrillysk alfabet – foto, fideo en harktriemmen

Tags:

BulgaarskKazachskMasedoanyskMongoalskOekraynskRussyskServyskSlavyske talenTataarskTurkske talenWytrussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ilse DeLangeBoppestammeLibanonStichting Alde Fryske TsjerkenTúnHynderShanghai1889SpierGreonterp1922Watt (ienheid)Barry HayLjouwert (stêd)HúsdierFamily WeekendHûntsjeshâldingZaya CassidyHeitSosjology16 maartFilipinenSibearyske lemming24 novimberPim FortuynGewoan jier fan tongersdei ôfDuëtKatee OwenRuslânSelskip foar Fryske Taal- en SkriftekennisseJeraazje1970MylAletta OceanEl NiñoNicole BexleyElektrotechnykSûchdierenEWashington (steat)69 (sekshâlding)MasturbaasjeAnita GyöngyRick HofstraHaadsideFredeMiddellânske SeeHaadwurdMount RushmoreKunnilingusMalala YousafzaiArabyskAdolf HitlerFerdrach fan VersaillesRuhrgebietH.G. WellsSekshâldingSeptember ReignVikram SamvatJaylene RioYndysk subkontinintVladimir Pûtin2006Wike8 jannewaris1822🡆 More