Baktearje: Mikro-organisme sûnder kearn, ôfhinklik fan de soarte geunstich of skealik foar minsken

Baktearjen (wittenskiplike namme: Bacteria, iental Bacterium) binne (iensellige) mikro-organismen, dy't sa lyts binne dat se allinnich ûnder in mikroskoop te sjen binne.

In wichtige eigenskip fan baktearjen is, dat se har hurd fermearderje kinne. In baktearje is in prokaryoat en hat dus gjin selkearn. It erflike materiaal sweeft om yn it sytoplasma. It DNA bestiet meastal út mar ien ringfoarmich gromosoam, faak beselskippe troch ien of mear plasmiden, dy't ek genetyske ynformaasje befetsje. Baktearjen kinne ûnderling plasmiden útwikselje (konjugaasje), wêrtroch't se rekombinearje. Sa ûntsteane allegeduerigen nije bacterievariëteiten.

Baktearje: Mikro-organisme sûnder kearn, ôfhinklik fan de soarte geunstich of skealik foar minsken
Bacillus subtilis
Baktearje: Mikro-organisme sûnder kearn, ôfhinklik fan de soarte geunstich of skealik foar minsken
Baktearjefoarmen
Baktearje: Mikro-organisme sûnder kearn, ôfhinklik fan de soarte geunstich of skealik foar minsken
Skematyske struktuer fan in baktearje

De Bakteria waarden eartiids Eubakteria neamd. Yn it algemiene spraakgebrûk wurdt meastal gjin ûnderskied makke tusken Bacteria ("gewoane" baktearjen) en Archaea (oerbaktearjen), dy't tegearre de groep prokaryoaten foarmje. Yn de taksonomy foarmje de Bakteria lykwols in ôfsûnderlik Ryk of Domein.

Blaualgen of blauwieren, dy't gjin echte algen of wieren binne mar syanobaktearjen, hearre ek ta de prokaryoaten.

Algemien

Baktearjen binne hast rûnom te finen. Fierwei de measte baktearjen binne net skealik foar de gesondheid. In soad baktearjen dogge tigenuttich wurk, bygelyks yn de terms. Ek wurde se ynsetten yn de yndustry om bygelyks bepaalde soarten ôffal ôf te brekken of om medisinen te meitsjen.

De measte baktearjen binne sa'n 1–5 µm (0,001-0,005 mm) lang. De grutte kin per soarte lykwols frijwat farieare. De parasitêre baktearje Rickettsia kin 0,1 μm (0,0001 mm) mjitte, wylst de "swervel-itende" reuzebaktearje Thiomargarita namibiensis ôfmjittingen oant 750 mikrometer (0,75 mm) berikke kin. Baktearjen binne de lytste organismen dy't noch mei in ljochtmikroskoop waarnimber binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

DesoksyribonukleïnesoerMikroskoop

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DútslânGNU/FDLGemeenten fan NederlânMay ThaiFrankrykMarijn KuipersJayden LeeMaltaMoslimNynke HeegFeriene SteatenSandy MilzBlessuereTsjechoslowakijeMilitêr transportfleantúchShae Summers1990-er jierrenCarmen Hayes9e iuw f.Kr.Martijn Theodoor HoutsmaKatedraal fan Udine1925Provinsjes fan NederlânSûkerbôleSeksuele penetraasje190219321901Mia LelaniNational Basketball AssociationAuteursrjochtKeiran LeeRaffarinade1928HelpEkonomyPornhubJ. MacJenna BrooksLuna CorazónKunnilingus1990Heather LeeFilipinenJohnny CashFryske gemeentenCarles PuigdemontMenno Bandstra1863AVN AwardAustraalje (lân)Anton DalhuysenKening-keizerDe DoelleazenCherokee d'AssDuëtJasmine AlohaSarah YoungLewis Carroll873 f.Kr.Slavyske talenDemokrasyGamal Abdel NasserList fan Nederlânske gemeentenPierre WoodmanJaylene RioDomtsjerke fan GrossetoJob Cohen🡆 More