Wringedieren

De wringedieren, rêchbonkedieren of fertebraten (Latynske namme: Vertebrata) foarmje in ûnderstamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata) en de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata).

Ta dizze ûnderstamme hearre û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en fisken, mei yn totaal sa'n 64.000 wittenskiplik beskreaune soarten. Dêrmei foarmje de wringedieren fierwei de grutste groep binnen de rêchstringdieren, dy't út likernôch 67.000 soarten besteane.

Wringedieren
De biodiversiteit fan wringedieren.
De biodiversiteit fan wringedieren.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
Cuvier, 1812

Skaaimerken

Wringedieren ûnderskiede har fan 'e oare rêchstringdieren trochdat by har it rêchpiid beskerme wurdt troch in wringe. Alle wringedieren hawwe in ynwindich skelet mei draaibonken (wervels) dêr't in sintraal senuwstelsel trochhinne rint. De measte soarten hawwe ek in plasse (skedel), kaken, en twa pear lidden. De plasse beskermet de harsens, en de eagen en earen, wat nei alle gedachten laat hat ta gruttere yntelliginsje. De draaibonken (of wringen) foarmje mei-inoar de wringe of rêchbonke, dêr't it rêchpiid binnenyn sit. De wringe as gehiel jout stevichheid oan it skelet en makket gruttere groei mooglik.

Ta de wringedieren wurde ek de slymnjoggeneagen (Myxini) rekkene, dat kaakleaze fisken binne, dy't gjin echte wringe hawwe. Har neiste sibben, de njoggeneagen (Pteromozontida of Hyperoartia), hawwe lykwols àl in wringe, dat se hearre perfoarst ta de wringedieren. Men soe sadwaande stelle kinne dat de namme "wringedieren" net sa goed keazen is, om't dy net de hiele lading dekt. Mei't de slymnjoggeneagen har fan 'e neiste net-wringedieren ûnderskiede trochdat se in plasse hawwe, wurde de wringedieren yn wittenskiplike fermiddens ek wolris de Craniata of plassedieren neamd.

Klassifikaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

AmfibyenBoppestammeEchte dierenFiskenFûgelsLatynNijmûnigenReptilenRêchstringdierenSoarteStamme (taksonomy)SûchdierenWittenskipÛnderrykÛnderstamme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

873 f.Kr.Haadside6 maartBiskopKatedraal fan CaltagironeCherokee d'AssAdina JewelKrisjnaWikidataMilitêr transportfleantúchGregoriaanske kalinderDomtsjerke fan ParmaAngelica Bella1863NasalearringJohnny SinsNasjonaalsosjalismeBlauTiffany Towers (pornografysk aktrise)Marilyn CrystalAfganistanWelsum (Olst-Wijhe)Paulina SeikolaAle S. van ZandbergenHjerringslynder19331932BaskyskSkrikkeljier fan tongersdei ôfPearsSuze Boschma-BerkhoutWhitney TaylorLeppelbekkenJenna BrooksHollânJeropaBasketbalFellatioMirka Antolović-TipurićKleanErflikheidslearJada StevensJulie SkyhighHimelfeartsdeiLânLatynFryske FrijheidFebrewaris1766Emiel StoffersDreves UitterdijkWilhelmusGrover ClevelandEkonomyISO 3166Grammy AwardGokkenFilipinenMiranda WerkmanBluesMûs (kompjûter)DuëtKommunismeMoriah Mills🡆 More