Taksonomy Ryk: Taksonomyske rang

In ryk is yn de taksonomy it heechste nivo fan taksa.

Under it ryk komt it nivo fan de stamme.

Oarsprong

Lineaus brûkte yn syn Systema Naturae it "ryk", yn it Latyn regnum, as it heechste nivo fan syn taksonomy. Hy beskreau trije riken, dy't yn syn tiid sjoen waarden as folslein ûnôfhinklik:

Besibbens

Mei de opkomst fan it idee dat taksa net allinnich oanjoegen dat soarten oerienkomsten hienen, mar ek dat se besibbe binne, en in mienskiplike foarfaar hawwe, is de betsjutting fan it ryk ek wat feroare. Foar mineralen jildt dat nije ynsicht net, dat dy binne weifallen. En om't ek de riken no in wisse sibskip hawwe binne se net mear de alles-omfetsjende taksa, mar mear it heechste nivo fan sibskip.

Hjoeddeisk

Mei it tafoegen fan foarmen fan libben dy't yn de tiid fan Linnaeus noch net beskreaun wienen is no in nivo mei fiif of mear riken ûntstien:

  • De baktearjes (Bacteria) - organismen fan sa'n 0,2-5 mikrometer grut, mei in opbou dy't liket op in sel, of somtiden mear sellen, mar dy't gjin selkearn hawwe dy't it DNA byinoar hâldt.
  • De protisten (Protista) - organismen út ien folsleine sel. Somtiden wurde ek de firussen hjir ta rekkene.
  • De planten (Plantae) - mearsellige organismen dy't troch fotosynteze enerzjy opnimme kinne, mar harren net ferpleatse kinne.
  • De skimmels (Fungi) - mearsellige organismen dy't net troch fotosynteze enerzjy opnimme kinne, en harren ek net ferpleatse kinne. Skimmels moatte enerzjy opnimme út oare organismen, of de oerbliuwsels dêrfan.
  • De dieren (Animalia) - mearsellige organismen dy't net troch fotosynteze enerzjy opnimme kinne, mar harren al ferpleatse kinne. Dieren moatte enerzjy opnimme út oare organismen, of de oerbliuwsels dêrfan.

Dizze opdieling is lykwols net langer in fêst útgongspunt: Ofhinklik fan de ynsichten kinne de organismen yn noch mear riken opdield wurde. Om de besibbens tusken guon fan de riken oan te jaan wurde ek bopperiken definiearre. Der is lykwols gjin nij nivo definiearre foar it takson fan alle Organismen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Taksonomy Ryk OarsprongTaksonomy Ryk BesibbensTaksonomy Ryk HjoeddeiskTaksonomy RykStamme (taksonomy)TaksonTaksonomy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Miranda WerkmanOflûken (seksualiteit)Moanne (tiid)Lillian GishFeriene SteatenGrykskAbbey Brooks2002West Coast ProductionsSloveenskDavid Crowchild28 maart24 augustusMarilyn CrystalGrikelânSúd-DakotaSander de RouweBikinylineWrakseljenMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Sekshâlding15 maaieEjakulaasjeCowgirlhâldingShae SummersWurdumJada StevensVanessa SkyHôfwrotmûzenSweedskHeechlearaarYnternasjonaal Filmfestival fan Palm SpringsProvinsjale SteatenFaginaLos Angeles TimesFjildmûzen15081974Liza MinnelliJade JantzenLuna CorazónAztekenPornofilmOranjerivierJeraziatyske gerslânwrotmûzenLockheed C-5 GalaxyAlvestêdetochtGrutte PierGaelyske talenPakeNicole BexleyWrotmûzenMia LiEastlike greidwrotmûsKeninkryk fan de NederlannenKaribyske lamantynSaotomeeske pappegaaidoOerdûPavel DoerovPornhubJulie SkyhighTechnologyDuëtClara TrinityJ. MacGrutte pappegaaidoQuatrebras (buorskip)88 f.Kr.Grutte-boarstesjenre2003BrânreadeKatalaansk🡆 More