Nijmûnigen

De nijmûnigen (Latynske namme: Deuterostomata of Deuterostomia) foarmje in boppestamme fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) en de rangleaze groep fan 'e termdieren (Nephrozoa).

Nijmûnigen ûnderskiede har fan har sustergroep, de oermûnigen (Protostomata), trochdat by de embryonale ûntwikkeling de earste lichemsiepening de anus wurdt, wylst dat by de oermûnigen de mûle wurdt. De lichemsiepening dy't him as twadde ûntwikkelet, ûntjout him by nijmûnigen ta de mûle; dêrfandinne de wittenskiplike namme fan dizze groep, Deuterostomata of Deuterostomia, wat yn it Gryksk "twadde mûle" bestjut.

Nijmûnigen
In seekomkommer.
In seekomkommer.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eurmetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
Grobben, 1908

De nijmûnigen falle as taksonomyske groep útinoar yn fiif stammen. Yn it foarste plak binne der de rêchstringdieren (Chordata) mei as subgroepen de manteldieren (Tunicata), de plasseleazen (Cephalochordata) en de wringedieren (Vertebrata), dêr't ek de minske ta heart. Oan 'e oare kant binne der twa stammen, de ikelwjirms (Hemichordata) en de stikelhûdigen (Echinodermata), dy't ornaris beflapt wurde ûnder de namme krûpwjirms (Ambulacraria). Ta de stikelhûdigen hearre û.m. de seestjerren, see-ychels en seekomkommers. Op grûn fan DNA-ûndersyk út 2003 wurde by de krûpwjirms ek de twa soarten tellende stamme fan 'e riedselwjirms (Xenoturbellida) yndield, dêr't net folle oer bekend is. In protte biologen fine it bewiis foar dizze klassifikaasje lykwols swak, en fermoedzje in nauwere relaasje mei de echte termleazen (Acoela). Ta einbeslút binne der noch de útstoarne Vetulicolia, in lytse groep nijmûnigen út it Kambrium.

Klassifikaasje

  • boppestamme nijmûnigen (Deuterostomata)
    • stamme rêchstringdieren (Chordata)
      • ûnderstamme manteldieren of sturtgorda's (Tunicata, foarhinne Urochordata)
        • klasse mantelfiskjes (Appendicularia)
        • klasse salpen (Thaliacea)
        • klasse sekpipen (Ascidiacea)
        • klasse sorberaten (Sorberacea)
      • ûnderstamme plasseleazen of kopgorda's (Cephalochordata)
        • klasse lansetfiskjes (Leptocardii)
      • ûnderstamme wringedieren (Vertebrata)
    • rangleas tuskentakson krûpwjirms (Ambulacraria)
      • stamme ikelwjirms (Hemichordata)
      • stamme riedselwjirms (Xenoturbellida)
      • stamme stikelhûdigen (Echinodermata)
    • stamme Vetulicolia

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

AnusBoppestammeDierenEchte dierenGrykskLatynMûleOermûnigenRyk (taksonomy)TermdierenTuskenrykTwasidigenWittenskiplike nammeÛnderryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KazachstanRussyske dwerchhamsterAnna GimbrèreBlondie (pornografysk aktrise)OezbekistanJimmy WalesSean LawlessDenemarkWestland WyvernGeldermalsenRôfdierenKazan (stêd)Pyreneeske wrotmûsAazjeStasjon Breda-PrinsenbeekKeizerspjochtKommunistysk ManifestMaleizjeRôze leppelbekEva JinekBelladonna (pornografysk aktrise)Mûs (kompjûter)BugelCJ MilesTwadde WrâldkriichNôtmûsList fan Fryske jongesnammen26 febrewarisAldfryskKartaachske RykFrouVeronica BrazilMoriah Mills1999MoskwaMiss Montreal (band)ElektromagnetismeFeriene KeninkrykHelpJohnny DeppSome Like It Hot (film út 1959)Jade KushFeltenwrotmûsStasjon VriezenveenMonosacharideSkrikkeljierKatee OwenMinsklike seksuele aktiviteitFûgelsTemperatuerKryptogramSimone HorváthFilmmusicalAnne fan Grut-BrittanjeOlstSithIngelânCassandra WildeVanda VitusNeakenmodelFormule 1 yn 2020Berchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2016HaukfûgelsCherokee (pornografysk aktrise)Grutte OseaanMasturbaasjeMoskou (oblast)201270Eastfrysk🡆 More