Anus

De anus (Latyn foar kring) of ears is de útein fan 'e earsterm of einterm (rectum), en it plak dêr't fêste ôffalstoffen út it lichem fan minske en bist útsmiten wurde.

Anus
De minsklike anus mei it rektum.

Opbou

De anus bestiet by de minske út twa slútspieren of sfinkters, dy't ynbêde lizze tusken de beide fleizige stuten. Dêrby giet it om 'e útwindige dwersstreke slútspier, de musculus sphincter ani externus, dy't bewust betsjinne wurde kin ta ôfsluting fan it rektum (de útein fan 'e earsterm), en de ynwindige slútspier, de musculus sphincter ani internus, dy't út glêd spierweefsel bestiet en wêrfan't de wurking net bewust beynfloede wurde kin. De anus is fierders goed trochblet, mei ferskate grutte ieren.

Unfertarbere itensresten, troch de lever útskate galkleurstoffen, ôfstate slymfluessellen en baktearjes dy't yn 'e terms groeid binne, wurdt fia de anus yn 'e foarm fan ûntlêsting út it lichem ferwidere.

De hûd fan anus en it gebiet deromhinne is, ticht beset mei gefoelssenuwen. Dêrom wurdt de anus ta de erogene sônes rekkene, want oanrekking kin faak ta seksuële opwining liede. In oansjenlik diel fan 'e minskheid, en beslist net inkeld homoseksuëlen, kin sadwaande genot belibje oan it bedriuwen fan anale seks, wêrby't de penis fan 'e iene sekspartner ynbrocht wurdt yn 'e anus en/of it rektum fan 'e oare sekspartner.

Om 'e anus hinne groeit by folwoeksen minsken skamhier, krekt sa't dat it gefal is by de geslachtsdielen. Guon, en hieltyd mear, minsken skeare it skamhier om 'e anus hinne lykwols ôf, om praktyske (hygiêne), estetyske of eroatyske redens. Oan 'e sydkanten wurdt de anus omjûn troch de stuten, oan 'e efterkant fan it lichem troch de naad en oan 'e foarkant troch it saneamde perineüm, it faak gefoelige stikje hûd dat de anus fan 'e geslachtsdielen skiedt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BistLatynMinske

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KalkulatorKomeetStille BrânnettelOlympyske Simmerspullen 1956Golf fan RigaKjifdierenDeiskemaAlfred HitchcockFeriene SteatenAppingedamNeakenmodelSingapoerFryske talenKneppelfreedList fan sterke tiidwurden yn it FryskThe Call of the Wild (film út 2020)Algemien direkteurJuliaanske kalinderGrykskMidslânskVladimir PûtinDominion NijfûnlânDôve BroeierPrins EdwardeilânAnton WachterpriisList fan planetoïden 77001-78000AmmanScilly-eilannenMeksikoVienna BlackList fan planetoïden 5001-6000Ivan IV fan RuslânBedum (plak)Foarbeatsjerke (Tomsk)FrouTrochgongStasjon StedumSinnestelselClaudia SchifferJoost Klein181413 febrewarisKabinet-Rutte IVDûsjanbeGauke BoelensDanijel DizdarevicAnargisme1000Japan11e iuw923TsjoenderijDouwe van der MeulenDútskSalisbury (Ingelân)Occa Johanna RipperdaVeronica Rodriguez3 maartFenloTrije-ienheidskatedraal (Pskov)Skearmês fan OckhamFinske Golf1200Fedde SchurerPersia MonirParysFrankryk🡆 More