Kreakbienfisken

De kreakbienfisken (Latynske namme: Chondrichthyes) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata).

De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske χονδρ, chondr-, dat "kreakbien" betsjut, en ἰχθύς, ichthys, dat "fisk" betsjut.

Kreakbienfisken
In minskehaai of wite haai.
In minskehaai of wite haai.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken (Chondrichthyes)
Huxley, 1880

Skaaimerken

Kreakbienfisken binne fisken mei kaken, dy't oer yn pearen foarkommende finnen beskikke. Har hûd is oerdutsen mei tige fine skobkes, en wurdt yn beskate minsklike kultueren wol brûkt om hout en oare materialen mei te skjirjen. Fierders sykhelje kreakbienfisken troch kiuwen. Se ûnderskiede har fan 'e bienfiskeftigen (Osteichthyes), de oare grutte fiskegroep, trochdat har skelet folslein út kreakbien bestiet ynstee fan út bien.

Kreakbienfisken 
In seachfisk.

Ferdieling

De klasse fan 'e kreakbienfisken falt útinoar yn twa ûnderklassen: dy fan 'e seekateftigen (Holocephali), mei as iennichste noch libbene groep de seekatten (Chimaeriformes), en dy fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), dêr't, sa't de namme al oanjout, de haaien (Selachii of Selachimorpha) en de roggen (Batoidea) ta hearre.

Under de haaien binne guon fan 'e grutste seerôfdieren dy't noch besteane, lykas de minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier) en de bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas). Dizze soarten meitsje elts jier wol inkele deadlike slachtoffers ûnder minsklike swimmers en wettersporters. Megalodon, in útstoarne haaiesoarte út it Senozoïkum dy't yn alle oseanen foarkaam, koe 20⅓ m lang wurde en wie nei alle gedachten it grutste seerôfdier út 'e skiednis fan 'e wringedieren. De grutste rôfhaai fan hjoed de dei is de minskehaai, dy't in lingte fan likernôch 6 m berikke kin. Oare haaien binne krekt foar minsken folslein ûngefaarlike wetterfilterders, dy't soöplankton út it seewetter seve en hielendal gjin gebit hawwe. Foarbylden dêrfan binne de reuzehaai (Cetorhinus maximus) en de walfiskhaai (Rhincodon typus), de grutste fisk fan 'e wrâld, dy't wol 16 m lang wurde kin. Roggen kinne omskreaun wurde as ôfplatte haaien, dy't op 'e seeboaiem libje. Ek dy binne net ûngefaarlik foar minsken, mei't se faak in gemien skerpe stikel oan 'e sturt hawwe.

Klassifikaasje

Kreakbienfisken 
In walfiskhaai, de grutste libbene fiskesoarte.
Kreakbienfisken 
In hammerhaai.
Kreakbienfisken 
In artistike ympresje fan 'e útstoarne megalodon, de grutste rôfhaaiesoarte ea, mei in lingte fan goed 20 m.
  • klasse kreakbienfisken (Chondrichthyes)
    • ûnderklasse haaien en roggen (Elasmobranchii)
      • skift Squatinactiformes
      • skift Protacrodontiformes
      • tuskenklasse Cladoselachimorpha
        • skift Cladoselachiformes
      • tuskenklasse Xenacanthimorpha
        • skift Xenacanthiformes
      • tuskenklasse echte haaien en roggen (Euselachii)
        • skift Ctenacanthiformes
        • difyzje Hybodonta
          • skift Hybodontiformes
        • difyzje moderne haaien en roggen (Neoselachii)
          • ûnderdifyzje haaien (Selachii of Selachimorpha)
            • boppeskift helmhaaien (Galeomorphi)
              • skift baaksterhaaien (Orectolobiformes)
              • skift bargehaaien (Heterodontiformes)
              • skift grûnhaaien (Carcharhiniformes)
              • skift makrielhaaien (Lamniformes)
            • boppeskift echte haaien (Squalomorphi)
              • skift grauwe haaien (Hexanchiformes)
              • skift pakhaaien (Squatiniformes)
              • skift Protospinaciformes
              • skift seachhaaien (Pristiophoriformes)
              • skift toarnhaai-eftigen (Squaliformes)
          • ûnderdifyzje roggen (Batoidea)
            • skift echte rocheftigen (Rajiformes)
            • skift pylkrocheftigen (Myliobatiformes)
            • skift seachfiskeftigen (Pristiformes)
            • skift skokrocheftigen (Torpediniformes)
    • ûnderklasse seekateftigen (Holocephali)
      • boppeskift Paraselachimorpha
        • skift Debeeriiformes
        • skift Eugeneodontiformes
        • skift Helodontiformes
        • skift Iniopterygiformes
        • skift Orodontiformes
        • skift Petalodontiformes
      • boppeskift seekatten (Holocephalimorpha)
        • skift Chondrenchelyiformes
        • skift Coliodontiformes
        • skift Copodontiformes
        • skift draakfisken (Chimaeriformes)
        • skift Menaspiformes
        • skift Psammodontiformes
        • skift Squalorajiformes

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

Kreakbienfisken SkaaimerkenKreakbienfisken FerdielingKreakbienfisken KlassifikaasjeKreakbienfiskenEchte dierenGrykskKaakdierenKlasse (taksonomy)LatynRêchstringdierenStamme (taksonomy)TaksonomyTuskenstammeWittenskiplike nammeWringedierenÛnderrykÛnderstamme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

6331838LPiet Jetze FaberMinsklik lichemWillem George Frederik JansenGrutte PierHielalCarl Jung191022 aprilTogoSeksuele opwiningList fan planetoïden 19001-20000Siren ThornNoard-AmearikaAgnes TilliRichardsonwrotmûsDyami MillarsonJade KushWrâldútstallingFaginaPakistanMediaWikiDûbele penetraasjeDútslânOarehelteLockheed C-141 StarlifterPolynezyske rôtPerzyskHeechlearaarFroulike ejakulaasjeGreidwrotmûsBarabbasDjakartaMazar-e-SharifEtioopjeBella BellzFeanster FeartUndergrûnske wrotmûzen fan de Alde WrâldTheunis Piersma (biolooch)KompjûterkloftFryske gemeentenMissoery (steat)NobelpriisDeepwater Horizon (boarplatfoarm)HeuvelKommissaris fan de KeningItaaljeOranjerivierNederlânAnne HenningSandy MilzFjildmûzenFrysktalige WikipedyIngwierrumPake1984MisjonarishâldingBaskyske wrotmûsTarzan (film út 1999)Academy of Country Music AwardWestgermaanske talenSavana GingerHarmen SytstraAfantasyFêreusk🡆 More