Kommunikaasje: It oerbringe fan ynformaasje troch middel fan it útwikseljen fan tinzen, berjochten en ynformaasje

Kommunikaasje (fia it Frânske communication fan it Latynske communicare: diele) is eltse hanneling fan in libben wêzen dy't bedoeld is om troch it ôfjaan fan sinjalen in betsjutting oer te bringen oan in oar libben wêzen.

De term 'kommunikaasje' is behalven de aktiviteit fan it oerbringen fan in betsjutting ek it resultaat fan it oerbringen fan dy betsjutting. Dy optelsom fan wjersidige betsjuttingjouwings wurdt ek wol it kommunikaasje-effekt neamd. De stúdzje fan kommunikaasje is de kommunikaasjekunde of kommunikaasjewittenskip. Doelen foar kommunikaasje kinne bgl. wêze: sosjale ynteraksje, tsjinstferliening, foarljochting, propaganda, public relations of reklame.

Kommunikaasje: It oerbringe fan ynformaasje troch middel fan it útwikseljen fan tinzen, berjochten en ynformaasje
In fisualisaasje fan kommunikaasje.

Underdielen fan it kommunikaasjeproses

De wichtichste stappen dy't ynherint binne oan alle kommunikaasje, binne:

  1. It ûntstean fan in motivaasje of reden ta kommunikaasje.
  2. It gearstallen fan it berjocht (de betsjutting dy't men oerbringe wol).
  3. It kodearjen fan it berjocht, bgl. ta spraak, gebearten, yllustraasjes, tekst, digitale ynformaasje, ensfh.
  4. It ferstjoeren (de transmisje) fan it kodearre berjocht yn 'e foarm fan in rige sinjalen dêr't in spesifyk kanaal foar brûkt wurdt, lykas de stim (spraak), de hannen en gesichtsútdrukkings (gebearten), in brief of e-mail (tekst), ensfh.
  5. De yntroduksje fan gerûs: ûnbedoelde ynfloed op it ferstjoerde berjocht troch natoerkrêften (bgl. wyn) of minsklike aktiviteit (lûde masines).
  6. De ûntfangst fan it ferstjoerde berjocht troch dejinge foar wa't it bedoeld is (of, ek mooglik: foar wa't it net bedoeld is).
  7. It dekodearjen en op 'e nij gearstallen fan it berjocht troch de ûntfanger út 'e rige ferstjoerde sinjalen.
  8. It ynterpretearjen fan it ûntfongen berjocht troch de ûntfanger.

By dit proses kin hiel wat misrinne, te begjinnen mei de ynfloed fan gerûs, dat it berjocht faak ûnfersteanber of ûnbegryplik makket.

Soarten kommunikaasje

Der besteane ferskate soarten kommunikaasje. Alderearst moat dêrfoar ûnderskie makke wurde tusken ynteraksje tusken minsken, bistekommunikaasje en plantekommunikaasje. Ien fan 'e wichtichtste ûnderskieden as it om minsklike kommunikaasje giet, is tusken mûnlinge kommunikaasje (lykas in petear, in taspraak of sjongen) en skriftlike kommunikaasje (fia tekst). Telekommunikaasje is it kommunisearjen oer gruttere ôfstannen; dat kin bgl. dien wurde troch it ferstjoeren fan in brief, it meitsjen fan reeksinjalen of it brûken fan tillefoan, faks, teleks, e-mail, ynternet ensfh. It kanaal dat brûkt wurdt foar kommunikaasje kin audityf wêze, mar ek fisueel, taktyl (lykas by Braille), rooksintúglik, elektromagnetysk of biogemysk.

Nei skaal kin kommunikaasje yndield wurde yn:

  • massakommunikaasje: rjochte op in ûnbeskate mannichte minsken
  • publykskommunikaasje: rjochte op in beskate, mar ûnstrukturearre groep minsken
  • organisaasjekommunikaasje: rjochte op in grutte strukturearre groep minsken
  • groepskommunikaasje: rjochte op in lytse(re) strukturearre groep minsken
  • ynterpersoanlike kommunikaasje: rjochte op ien of mear dúdlik ûnderskate oare persoanen
  • yntrapersoanlike kommunikaasje: kommunikaasje binnen it yndividu, fia it senuwstelsel
  • masinekommunikaasje: kommunikaasje tusken masines ûnderling.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

FrânskLatynLibbenOrganismeReklameSosjale ynteraksjeTsjinstferliening

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1766NederlânSkrikkeljier fan tongersdei ôfGielsnaffelleppelbekLesotoAldskouBethany BenzProvansaalske wrotmûsFryske FrijheidSlavyske talenEastlike fjildmûsSuze Boschma-BerkhoutDuomo San RufinoKultuerErflikheidslearSûkerbôleSietske PoepjesLetlânDomeinnammeFrankryk2012WilhelmusRegearDreves UitterdijkDelotta BrownNoetseleJenna BrooksISO 3166-117 oktoberHarmony WonderSporthalAldfryskAuteursrjochtEkonomyFilipinenRoplettersJayden LeeMay ThaiFilmProstitueeGokkenUleboerd2020Cody BryantSêfte pornografyTsjaadPornografyShalina DevineAcademy of Country Music AwardFryskMoslimSily1990-er jierrenDomtsjerke fan Parma1980Carmen HayesAugust TaylorSneonKatedraal fan NapelsVina SkyJean-Yves LecastelRosa CaraccioloSophie HilbrandFerstoarKrisjnaJohn de MolRealitypornografy1790SkamhierCountry Music Association AwardMûs (kompjûter)Augustus OktavianusTyne🡆 More