Klaas Jansma (Ychten, 4 jannewaris 1949) wie oant oktober 2014 direkteur fan PENN Kommunikaasje, dêrnei oant juny 2017 fan PENN Utjouwerij yn Ljouwert.
Hy is aktyf as presintator, skriuwer en ferteller.
Klaas Jansma hat in grut tal histoaryske en kulturele publikaasjes en biografiën op syn namme, guon yn oparbeidzjen mei oaren. Fierder trije romans, toaniel (Bommel en de Frisomanen), revues en kabaret. Bekend is Jansma foaral as skûtsjekenner, dy’t er al sûnt 1973 skûtsjewedstriden op eigen wize foar Omrop Fryslân ferslacht. Sûnt 2017 ferslacht er dit evenemint op Radio Klaas, dat ek fia Frysk.fm te hearren is. Klaas Jansma studearre oan de Pedagogyske Akademy en letter Andragology yn Grins. Hy wurke ûnder oare as ynterim-haadredakteur by it Friesch Dagblad en manager kommunikaasje by ûnderskate organisaasjes. Hy dosearre in blaumoandei kommunikaasje oan ‘e NHL.
Oant en mei 2012 fersoarge Klaas Jansma it radioferslach fan it skûtsjesilen. Dêr hat er ek de bynamme krigen fan de Theo Koomen fan Fryslân. Fierders presintearret Jansma alle wiken in boekeprogramma op Omrop Fryslân-radio.
Hy hat neist belletry en kabaret boeken oer ûnder mear de Fryske binnenfeart, lânbouskiednis en kultuerhistoaryske ûnderwerpen skreaun, (wêrûnder toaniel en muzyk). Syn wurk wurdt karakterisearre troch in grut langstme nei eardere tiden, wêryn't famyljerelaasjes en - rivaliteit byldbepalend wienen.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Klaas Jansma, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.