Skrift

In skrift is in systeem fan byinoar hearrende lettertekens of oare karakters wêrmei't mûnlinge kommunikaasje sichtber werjûn wurde kin.

Hoewol't sawol skrift as spraak har foardielen hawwe by it oerbringen fan meidielings, hat it skrift op 'e spraak foar dat it in betroubere foarm fan ynformaasjeopslach, en dêrmei fan ynformaasjebehâld is. Foar de prosessen fan it kodearjen en dekodearjen fan mûnlinge kommunikaasje nei in skriftfoarm en werom is in mienskiplik begryp fan 'e lettertekens fan sa'n systeem nedich dat de skriuwer(s) en de lêzer(s) mei-inoar ferbynt. Lju dy't wol deselde taal sprekke as in skriuwer mar syn boadskip net lêze kinne, binne analfabeten. It omsetten fan skreaune taal fan it iene skrift yn it oare hjit transliteraasje of ek wol omlettering. De measte skriften meitsje behalven fan lettertekens ek gebrûk fan oanfoljende tekens foar ynterpunksje, dêr't toan, klam, ritme en yntonaasje mei werjûn wurde kinne.

Skrift
Dominante skriften per lân en autonome regio:
     Armeensk
     Arabysk-Perzysk
     Etiopysk
     Georgysk
     Gryksk
     Hebriuwsk
     Japansk
     Kanadeesk
     Koreaansk
     Latynsk
     Maledivysk
     Noardyndysk
     Sineesk
     Syrillysk
     Súdyndysk

Skiednis

Byldskrift

Fan 'e likernôch seistûzen ûnderskate talen dy't op 'e wrâld sprutsen wurde, hawwe teminsten twatûzen njonken in sprutsen foarm ek in skreaune foarm, wêrfoar't ferlet is fan in gaadlik skrift. De ûntwikkeling fan it skrift begûn oan it begjin fan 'e Brûnstiid, yn it lette Neolitikum fan 'e ein fan it fjirde milennium f.Kr. De earste foarm fan it skrift wie it byldskrift of logografyske skrift. Byldskriften, dy't gebrûk meitsje fan piktogrammen, ideogrammen en logogrammen, neamt men ek wol proto-skriften. Yn syn suvere foarm ûntbrekt by sa'n skrift noch it fermogen om 'e tinzen en ideeën efter spraak en taal folslein yn skriftlike foarm wer te jaan. In goed foarbyld fan in byldskrift wurdt foarme troch de Egyptyske hieroglifen, en ek de Sineeske karakters binne fan oarsprong in byldskrift, hoewol't dat foar de moderne foarm net mear folslein wier is. It foardiel fan in byldskrift is dat elts logogram in hiel wurd omfiemet, mei as gefolch dat de útspraak los stiet fan in taal dy't sprutsen wurdt troch de skriuwer.

Skrift 
Sineeske karakters.

Yn Sina wurde ferskate taalfarianten sprutsen dy't ornaris foar 'dialekten' fan it Sineesk trochgeane (lykas it Mandarynsk en it Kantoneesk), mar dy't ûnderling folslein ûnfersteanber binne en har foarinoer ferhâlde lykas it Nederlânsk en it Dútsk of it Italjaansk en it Spaansk. Dochs kinne se itselde skrift brûke, mei't de karakters útsprutsen wurde kinne sa't men mar wol. Dus foar it karakter dat foar "kaai" stiet, seit men yn it Mandarynsk fan yàoshi, wylst men yn it Kantoneesk fan sóh si seit, en foar it karakter foar "famke" seit men yn it Mandarynsk fan nǚ háizi, wylst men yn it Kantoneesk fan nűi jái seit. It skrift en it ferskil yn útspraak hawwe gjin ynfloed opinoar, om't by sa'n byldskrift it skrift folslein los stiet fan 'e fonetyk.

By it Latynske alfabet, dat yn it grutste part fan 'e Westerske wrâld yn gebrûk is, leit dat hiel oars, mar likegoed fynt dat syn oarsprong yn it byldskrift fan 'e âlde Sûmearjers, dat bekend stiet as it spikerskrift. Krekt as yn 'e hierogliven en fan oarsprong by de Sineeske karakters, stie yn 'e âldste foarmen fan it spikerskrift in plaatsje fan in pylk foar it wurd "pylk" en in plaatsje fan 'e sinne foar it wurd "sinne". Stadichoan begûn it spikerskrift him lykwols te ûntwikkeljen yn in rjochting wêrby't de bân tusken it plaatsje en it ding dêr't it plaatsje nei ferwiisde, loslitten waard. Sa kaam bygelyks it plaatsje fan in plant, mu yn it Sûmearysk, meitiid ek foar homonimen fan it wurd mu te stean dy't abstrakte begripen útdrukten, te witten: "jier" en "namme". Noch letter waard it plaatsje fan in plant ek brûkt foar it efterheaksel -mu, dat "my" betsjut. Dit wie in krúsjale trochbraak op it mêd fan skriuwen, want om't in plant neat te krijen hat mei in jier, in namme of it foarnamwurd 'my', wie der no in ferbân ûntstien tusken de klank mu en in beskaat skriftteken.

Skrift 
In stopboerd yn Tahlequah (Oklahoma), mei de tekst yn it Sjeroky, ôfprinte yn it Sjeroky-skrift (mei yn it lyts in trans- literaasje nei it Latynske skrift), en dêrûnder deselde tekst yn it Ingelsk, ôfprinte yn it Latynske skrift.

Wurdliddeskrift

It neamde ferbân tusken in skriftteken foar plant en it efterheaksel -mu wiist op noch in oare wichtige ûntjouwing: it ferbrekken fan 'e ien-op-ienrelaasje tusken skrifttekens en hiele wurden. Dat wie de earste stap ûnderweis nei in wurdliddeskrift of abûgida, sa't hjoed de dei noch yn gebrûk is foar in soad Yndiaaske en Etiopyske talen, it Koreaansk, it Maledivysk en ferskate Yndiaanske en Eskimo-Aleoetyske talen út Noard-Amearika. Yn wurdliddeskriften binne der tekens dy't steane foar de ûnderskate wurdlidden. Sa kinne der bygelyks tekens wêze foar ma, me, mi en mu, foar ka, ke, ki en ku en foar la, le, li en lu. Dêropta besteane der yn 'e regel wurdlidôfslutende tekens foar ferskate konsonanten. Sokke skriften wurkje prima foar talen dy't net of gjin soad konsonanteklusters oan it wurdbegjin hawwe (sa't it Frysk wol hat, lykas yn 'strjitte' en 'gnjirdzje').

Konsonanteskrift

In plausibele folgjende stap yn 'e ûntwikkeling fan in skrift is it konsonanteskrift of abjad, sa't dat noch altyd yn gebrûk is foar de Westsemityske talen en ferskate oare talen dy't sprutsen wurde troch islamityske folken (lykas it Perzysk en it Oerdû). De bekendste foarbylden fan konsonanteskriften binne it Arabysk-Perzyske skrift, it Hebriuwske skrift en it Syryske skrift. Yn dizze skriften ferraanden de tekens foar ma, me, mi en mu ta ien letter m, en itselde proses redusearre de oare wurdlidden ta ien konsonant.

De beheining fan konsonanteskriften is dat se de fokalen net werjouwe. Dat is sels lestich foar lju dy't de oangeande taal goed yn 'e macht hawwe, en dêrom wurde der faak lettertekens tafoege om alteast in wink te jaan hokker fokaal oft der yn in wurdt stean moat. Sa wurdt it bekende Hebriuwske wurd foar "frede", 'sjaloom' (sekuerdere transliteraasje: šalōm), yn it Hebriuwske skrift stavere as 'sj-l-v-m', wêrby't de 'v', de letter vav, foar de lange o-klank stiet. Sa'n konsonant dy't foar in fokaal stiet, wurdt yn it Hebriuwsk in lêsmem neamt. As sokke helptekens ûntbrekke, kinne der nuvere dingen barre. Sa is sels de Hebriuwske dichter Jacob Fichmann ris sûnder euvelmoed in kafee (קפה) binnenstapt wylst er by de kassa (קפה; mei lêsmem: קופה) fan it oanswettende reisburo syn reistickets ôfhelje woe. It Arabysk-Perzyske, Hebriuwske en Syryske skrift neamt men fanwegen dizze ynfoeging fan helptekens foar de útspraak fan fokalen ek wol ûnsuvere konsonanteskriften. In foarbyld fan in suver konsonanteskrift, dus sûnder lykfol hokker tekens foar de útspraak fan fokalen, wie it iere Fenisyske skrift.

Alfabet

It wie it Fenisyske skrift, dêr't him yn 'e iere Aldheid it Grykske skrift út ûntjoech. De Griken diene der tekens by foar konsonanten út har eigen taal dy't yn it Fenisysk net foarkamen, en foegen mei-iens ek letters foar fokalen ta. Sa'n skrift mei tekens foar sawol konsonanten as fokalen hjit in alfabet, fan alpha, bèta, de earste beide letters fan it Grykske alfabet. Ut it skrift fan 'e Alde Griken ûntwikkele him neitiid dat fan de Romeinen, dat yn grutte linen it Latynske alfabet is dat wy hjoed de dei noch brûke. Ek it Syrillyske alfabet, dat troch in diel fan 'e Slavyske talen brûkt wurdt, komt fuort út it Grykske alfabet. De oerienkomsten tusken dizze trije skriften binne noch dúdlik te sjen as men de letters njonkeninoar leit.

Hoewol't alfabetyske skriften basearre binne op it fonetyske prinsipe fan ien letterteken foar ien klank, berikke se dat doel oer it algemien net, ek al net om't bygelyks it Latynske alfabet de letters q en x omfiemet, dy't twa klanken werjouwe (de q [k] en [w], en de x [k] en [s]). In oare reden is dat it Latynske alfabet, dat brûkt wurdt troch de measte Westerske talen, fierstente min lettertekens omfiemet. It Latyn wie no ienris gjin klankrike taal, en mei fiif lettertekens foar fokalen, a, e, i, o en u (of eins oarspronklik v), koene de Romeinen maklik ta. Yn 'e Germaanske talen en oare talen, dy't folle mear fokalen hawwe, moat men dêrom 'bybeune' mei diakrityske tekens: å, ê, í, ø, ü, ensfh. Itselde jildt yn guon talen foar konsonanten (đ, ł, š, þ, ŵ, ź, ensfh.). Soms lit men dat mar gewurde en skriuwt twa of sels trije letters foar ien klank ("oe", "eu", "eau", "oeu", ensfh.). Om't al dy lettertekens boppedat yn ferskillende talen faak wer in oare útspraak hawwe, is foar taalkundige doelen in poer fonetysk skrift ûntwikkele, it International Phonetic Alphabet (IPA).

List fan 'e meast foarkommende skriften

De measte skriften skriuwe fan lofts nei rjochts, lykas it Latynske alfabet, mar it Arabysk-Perzyske, it Hebriuwske en oanbesibbe skriften skriuwe fan rjochts nei lofts. It Mongoalske skrift en de Japanske skriften skriuwe meast fan boppen nei ûnderen.

Skrift 
In oersjoch fan 'e skriuwrjochtings yn 'e wrâld..
  • byldskriften
  • wurdliddeskriften (abûgida's)
    • Aldmaledivysk skrift † (of Dhives akuru; foarhinne yn gebrûk foar it Maledivysk)
    • Aldperzysk spikerskrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Aldperzysk)
    • Aukaansk skrift (yn gebrûk foar it Aukaansk, in Marron-taal yn Suriname en Frânsk-Guyana)
    • Brachmaanske skrift † (of Brahmi; foarhinneyn gebrûk foar it Sanskryt)
      • Noardyndyske skriften
        • Bingaleesk skrift (yn gebrûk foar it Bingaleesk, Assameesk, Manipoereesk, Garo en Mûndary)
        • Devanāgarī (yn gebrûk foar it Hindy, Radjastaansk, Bihareesk, Maratysk, Nepaleesk en in grut tal oare talen yn noardlik Yndia en Nepal)
        • Gûdjaratysk skrift (yn gebrûk foar it Gûdjaratysk)
        • Gurmukhi (yn gebrûk foar it Pûndjaabsk yn Yndia)
        • Leptsja-skrift (yn gebrûk foar it Leptsja, in taal yn 'e Himalaya)
        • Limbû-skrift (yn gebrûk foar it Limbû, in taal yn 'e Himalaya)
        • Manipoereesk skrift (yn gebrûk foar it Manipoereesk, in taal yn eastlik Yndia)
        • Modi(oant 1950 yn gebrûk foar it Maratysk)
        • Orissaansk skrift (yn gebrûk foar it Orissaansk)
        • Randjana-skrift (ek Kutila of Lantsa; yn gebrûk foar it Newary, in taal yn 'e Himalaya)
        • Sylhetysk skrift (yn gebrûk foar it Sylhetysk, in taal yn noardlik Banglades)
        • Soyombo-skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Mongoalsk en it Tibetaansk)
        • Tibetaansk skrift (yn gebrûk foar it Tibetaansk)
      • Súdyndyske skriften
        • Ahom-skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Ahom, in útstoarne taal út Súdeast-Aazje)
        • Balineesk skrift (yn gebrûk foar it Balineesk)
        • Batakskrift (yn gebrûk foar it Bataksk)
        • Birmeesk skrift (yn gebrûk foar it Birmaansk, Mon en Karen)
        • Bûhidysk skrift (yn gebrûk foar it Filipynsk)
        • Hanûnoö-skrift (yn gebrûk foar it Hanûnoö, taal op 'e Filipinen)
        • Javaansk skrift (of Tjarakan; yn gebrûk foar it Javaansk en Sûndaneesk)
        • Kanareesk skrift (yn gebrûk foar it Kanareesk)
        • Kmer-skrift (yn gebrûk foar it Kmer)
        • Laotiaansk skrift (yn gebrûk foar it Laotiaansk)
        • Lontara- en Makassaarsk skrift (yn gebrûk foar it Bûgineesk en Makassaarsk)
        • Nij Tai Lü-skrift (yn gebrûk foar it Tai Lü, in taal yn Súdeast-Aazje)
        • Redjang-skrift (of Kaganga; yn gebrûk foar it Redjang, in taal op Sumatra)
        • Singaleesk skrift (yn gebrûk foar it Singaleesk)
        • Tagalog-skrift † (ek Baybayin of Alibata; foarhinne yn gebrûk foar it Filipynsk)
        • Tagbanwa-skrift (yn gebrûk foar it Tagbanwa, in taal op 'e Filipinen)
        • Taisk skrift (yn gebrûk foar it Taisk)
        • Tamyl-skrift (yn gebrûk foar it Tamylsk)
        • Telûgû-skrift (yn gebrûk foar it Telûgû)
        • Tsjam-skrift (yn gebrûk foar it Tsjam, in taal yn Súdeast-Aazje)
    • Etiopysk skrift (yn gebrûk foar it Geëz †, Amhaarsk, Tigrinja, Tigre, Argobba, Goerage, Harary, Oromo, Agjû e.o.)
    • Geba (yn gebrûk foar it Naksy, in taal yn súdeastlik Sina)
    • Hangul (yn gebrûk foar it Koreaansk)
    • Hmong-skrift (of Palawh Hmong; sporadysk yn gebrûk foar de Hmong-talen)
    • Ibearysk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Ibearysk en Lusitanysk)
    • Yi-skrift (of Lolo-skrift; yn gebrûk foar it Yi, in taal yn súdeastlik Sina)
    • Hiragana (yn gebrûk foar it Japansk)
    • Katakana of Kana (yn gebrûk foar it Japansk)
    • Kanadeesk wurdliddeskrift (yn gebrûk foar beskate lânseigen talen yn Kanada: it Dragersk, Inûktitût, Kry, Naskapy, Odjibwe, Slavy en Swartfuotsk)
    • Maledivysk skrift (of Thaana; yn gebrûk foar it Maledivysk)
    • Kpelle-skrift (yn gebrûk foar it Kpelle, in taal yn West-Afrika)
    • Lineêr B † (foarhinne yn gebrûk foar it Minoysk fan Kreta)
    • Phags-pa(foarhinne yn gebrûk foar it Mongoalsk)
    • Syprioatysk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Gryksk fan Syprus)
    • Syrysk skrift (yn gebrûk foar it Arameesk en Syrysk †)
    • Sjeroky-skrift (yn gebrûk foar it Sjeroky, in Yndiaanske taal yn 'e Feriene Steaten)
    • Vai-skrift (yn gebrûk foar it Vai, in taal yn West-Afrika)
  • konsonanteskriften
    • Arabysk-Perzysk skrift (yn gebrûk foar it Arabysk, Perzysk, Dary, Oerdû, Pataansk, Balûtsjysk, Pûndjaabsk yn Pakistan, Kasjmiersk, Sindysk, Seraiky en in grut tal oare talen fan islamityske folken yn it Midden-Easten, West-Afrika, East-Afrika en Súd-Aazje)
    • Arameesk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Arameesk)
    • Fenisysk skrift(foarhinne yn gebrûk foar it Fenisysk)
    • Hebriuwsk skrift (yn gebrûk foar it Hebriuwsk)
    • Kharosthi(foarhinne rûnom yn gebrûk yn noardlik Yndia)
    • Midperzysk skrift † (of Pahlavi; foarhinne yn gebrûk foar it Midperzysk)
    • Nabateesk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Nabateesk)
    • Partysk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Partysk)
    • Sabeesk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Sabeesk)
    • Samaritaansk skrift (yn gebrûk foar it Samaritaansk)
    • Súdarabysk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Sabeesk en oare Súdarabyske talen)
  • alfabetten
    • Alditalyske alfabetten † (yn 'e Aldheid yn gebrûk yn Itaalje)
      • Aldlatynsk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Latyn; hjirút hat it moderne Latynske alfabet him ûntwikkele)
      • Faliskysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Faliskysk)
      • Marsilysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Marsilysk)
      • Messapysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Messapysk)
      • Noardpiseensk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Noardpiseensk)
      • Oskysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Oskysk)
      • Súdpiseensk alfabet † (of Middenadriatysk skrift; foarhinne yn gebrûk foar it Súdpiseensk)
      • Umbrysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Umbrysk)
    • Aldpermysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Komy, in taal út noardlik Ruslân)
    • Armeensk alfabet (yn gebrûk foar it Armeensk)
    • Avestysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Avestysk)
    • Bassa-alfabet (yn gebrûk foar it Bassa, in taal yn West-Afrika)
    • Braille-skrift (yn gebrûk foar de blinen; it iennichste skrift dat men net lêst mei de eagen mar troch te fielen mei de fingertippen)
    • Dehong-alfabet (yn gebrûk foar it Sjan, in taal út Súdeast-Aazje)
    • Deseret-alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Ingelsk mank de mormoanen yn Utah)
    • Etruskysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Etruskysk)
    • Fraser-alfabet (yn gebrûk foar it Lisû, in taal út Súdeast-Aazje)
    • Georgysk alfabet (yn gebrûk foar it Georgysk, Mingrelysk en Swanetysk)
    • Glagolitysk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Tsjerkeslavysk en Kroätysk)
    • Goatysk alfabet † (net te betiizjen mei it goatysk lettertype fan it Latynske alfabet; foarhinne yn gebrûk foar it Goatysk)
    • Gryksk alfabet (yn gebrûk foar it Gryksk en it Koptysk †)
    • Ho-alfabet (of Varang Kshiti; yn gebrûk foar it Ho, in taal yn eastlik Yndia)
    • Hongaarske runen † (foarhinne yn gebrûk foar it Hongaarsk)
    • Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (of IPA; wrâldwiid yn gebrûk foar taalkundige doelen)
    • Keltibearysk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Keltibearysk)
    • Latynsk alfabet (yn gebrûk foar de measte Westerske talen en in grut tal talen yn oare parten fan 'e wrâld)
    • Mantsjoe-alfabet (yn gebrûk foar it Mantsjoe)
    • Mongoalsk alfabet (yn gebrûk foar it Mongoalsk)
    • Morse-koade † (foarhinne yn gebrûk foar it tillegrafyske kommunikaasje)
    • N'Ko-alfabet (yn gebrûk foar it N'Ko, in taal yn West-Afrika)
    • Ogham(foarhinne yn gebrûk foar it Iersk, Skotsk-Gaelysk en Piktysk)
    • Pollard Miao-alfabet (yn gebrûk foar it Hwa-Hmong, in taal yn súdeastlik Sina)
    • runen(foarhinne yn gebrûk foar de Germaanske talen)
    • Syrillysk alfabet (yn gebrûk foar it Russysk, Oekraynsk, Wytrussysk, Bulgaarsk, Servysk, Masedoanysk, Kazachsk, Kirgizysk, Mongoalsk, Tadzjyksk en in grut tal minderheidstalen yn 'e eardere Sovjet-Uny)
    • Somalysk alfabet † (of Osmanya; foarhinne sporadysk yn gebrûk foar it Somalysk)
    • Santaly-alfabet (of Ol Cemet’; yn gebrûk foar it Santaly, in taal yn eastlik Yndia)
    • stenografy (yn gebrûk foar û.m. notulearring)
      • Gregg-stenografy
      • Pitman-stenografy
    • Sorang Sompeng (yn gebrûk foar it Soara, in taal út súdlik Yndia)
    • Tai Dam-alfabet (yn gebrûk foar it Tai Dam, in taal yn Súdeast-Aazje)
    • Tebaansk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar it Gryksk)
    • Tifinagh (yn gebrûk foar de Berbertalen)
    • Tochaarsk alfabet † (foarhinne yn gebrûk foar de Tochaarske talen)
    • Turkske runen † (or Orkhon; foarhinne yn gebrûk foar de Turkske talen)
    • Ugaritysk spikerskrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Ugaritysk)
    • Winnebago-alfabet (yn gebrûk foar it Winnebago, in Yndiaanske taal yn 'e Feriene Steaten)
  • net ûntsifere
    • Lineêr A † (foarhinne yn gebrûk op Kreta)
    • Meroïtysk skrift † (foarhinne yn gebrûk foar it Meroïtysk út 'e Hoarn fan Afrika)
    • Proto-Elamitysk skrift (foarhinne yn gebrûk foar it Elamitysk)
    • Rongorongo † (foarhinne yn gebrûk foar op Peaske-eilân)

Dêrnjonken besteane der ek fiktive skriften, dy't optocht binne troch auteurs fan almeast fantasy of science fiction. De bekendste dêrfan binne it Cirth, it skrift fan 'e elven yn Tolkien syn Lord of the Rings-trilogy, en it Klingon-skrift, fan 'e bûtenierdske Klingons út 'e tillefyzjesearje Star Trek.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Skrift SkiednisSkrift List fan e meast foarkommende skriftenSkriftKlam (taalkunde)LetterSkriuwenTaalToan (taalkunde)TransliteraasjeYnformaasjeYnterpunksje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1980Julianna VegaPappegaaidowenCowgirlhâldingPearsCountryJoyce Oliveira1928Katedraal fan PadûaUleboerdFrysk Ynternasjonaal Kontakt1933Sint-Frederikustsjerke (Steggerda)FeankeninginneAlain DeloinJasmine AlohaMaya BijouDomtsjerke fan MantuaCarmen HayesMegan VaughnTeksas4 maartHongarijeSkiednis fan FryslânTsjechoslowakijeGokkenNasjonaalsosjalismeIrakRock 'n rollNederlânske gemeenteLeppeltsje-leppeltsjeYnternetNoemilkServjeJohn de MolJan Hepkes WoudaJ. MacVina SkyAdina JewelNeakenensPavel DoerovEmiel StoffersWilhelmus1859MiamiTyne19e iuwProvinsjes fan Nederlân23 aprilNederlânLimoerhalskankerWylpreagerfûgelsKatedraal fan TorcelloInes RidereISO 3166Job CohenAle S. van ZandbergenFerstoarKunnilingus69 (sekshâlding)1766FideoSeksuele penetraasjeBoylSuze Boschma-BerkhoutLânSilyMirka Antolović-TipurićSeksboartersguodSeksferslaving🡆 More