Planten

De planten (Latynske namme: Plantae) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e bisten (Animalia), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) foarmet.

(De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).) De biologyske stúdzje nei planten hjit plantkunde of botany.

planten
Biodiversiteit fan it planteryk.
Biodiversiteit fan it planteryk.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
supergroep: oerplanten (Archaeplastida)
ryk: planten (Plantae)
Haeckel, 1866

Omskriuwing

Planten binne rjusellige organismen dy't har ûnderskiede fan oare libbene organismen trochdat se selwanden hawwe dy't opboud binne út selluloaze, en trochdat se foar it meastepart (de fleisitende planten bûten beskôging litten) homotroof binne en dus har enerzjy streekrjocht út sinneljocht helje troch fotosynteze. Dat proses fynt plak yn 'e gloroplasten of blêdgrienkerlen dy't har har griene kleur besoargje. Beskate soarten brûke foar har eigen enerzjyfoarsjenning net fotosynteze mar gemosynteze. Oare ferskillen mei (guon) oare organismen binne dat planten har hiele libben trochgroeie en dat se har sawol geslachtlik as ûngeslachtlik fuortplantsje kinne. Planten hawwe trije basisûnderdielen: woartels, in stâle en blêden.

Taksonomyske yndieling

Ta de planten wurde ferskate grutte groepen rekkene, wêrûnder de moassen of blêdmoassen, de levermoassen, de haumoassen, de wolvepoaten en ruskfearren, de fearplanten, de konifearen, de blomplanten en de griene algen (grienwieren en krânswieren). De koarstmoassen hearre lykwols net ta de planten, mei't dat gearwurkingsfoarmen binne fan skimmels mei blauwieren of grienwieren, en dy sadwaande ta it ryk fan 'e skimmels rekkene wurde.

Readwieren, brúnwieren en blauwieren binne likemin planten. Blauwieren wurde yndield by de baktearjes, wylst brúnwieren by de gromalveolaten (Chromalveolata) hearre, dy't yn 'e hjoeddeiske taksonomy as in lyts eukaryoatysk rykje op harsels beskôge wurde. Readwieren en guon oare lytse groepkes soene neffens moderne ynsichten mooglik op deselde hichte as de planten stean kinne yn in supergroep dy't fan oerplanten (Archaeplastida of Primoplantae) hjit. Dêrfandinne dat de planten tsjintwurdich yn wittenskiplike fermiddens ek wol griene planten (Viridiplantae) neamd wurde, om se dúdliker te ûnderskieden fan 'e oare groepen oerplanten.

De rol fan planten

Hoewol't sekuere sifers dreech fêst te stellen binne, waard der yn 2010 rûsd dat der tusken de 300.000 en 315.000 ferskillende plantesoarten op 'e wrâld binne. De grutte mearderheid dêrfan, rûchwei 260.000 oant 290.000, bestiet út siedplanten. Planten foarmje in krúsjaal en ûnmisber diel fan 'e wrâldekology, mei't se it grutste part fan 'e beskikbere soerstof produsearje en iten foar alle heterotrofe organismen foarmje (dy't har enerzjy út 'e konsumpsje fan oare organismen helje). Sels de útslutende karnivoaren ûnder de bisten binne dochs noch yndirekt fan planten ôfhinklik om't harren proaidieren (of de proaidieren fan 'e proaidieren, ensfh.) derfan libje. Planten dy't nôt, fruchten, grienten en oare ytbere dielen produsearje, wurde al milennia lang troch de minske domestisearre. Oare planten wurde brûkt om te pronk te setten (sierplanten), en oant frij resint tsjinnen se as de boarne fan hast alle medisinen.

Klassifikaasje fan planten

Planten 
In jong plantsje.
Klassifikaasje fan it Planteryk
  • ryk planten (Plantae)
    • ûnderryk grienwieren (Chlorophyta)
      • skift Pyramimonadales
      • skift Prasinococcales
      • skift Palmophyllales
      • skift Pseudoscourfieldiales
      • skift Scourfieldiales
      • klasse Chlorodendrophyceae
      • klasse Chlorophyceae
      • klasse Mamiellophyceae
      • klasse Nephroselmidophyceae
      • klasse Pedinophyceae
      • klasse Prasinophyceae
      • klasse Pycnococcaceae
      • klasse Pyramimonadophyceae
      • klasse Trebouxiophyceae
      • klasse Ulvophyceae
    • rangleas takson draaiplanten (Streptophyta)
      • ûnderryk krânswieren (Charophyta)
        • skift Coleochaetales
        • klasse Mesostigmatophyceae
        • klasse Klebsormidiophyceae
        • klasse Zygnematophyceae
        • klasse Charophyceae
        • klasse Chlorokybophyceae
      • ûnderryk lânplanten (Embryophyta)
        • stamme haumoassen (Anthocerotophyta)
          • klasse echte haumoassen (Anthocerotopsida)
          • klasse Leiosporocerotopsida
        • stamme levermoassen (Marchantiophyta)
          • klasse echte levermoassen (Marchantiopsida)
          • klasse Haplomitriopsida
          • klasse Jungermanniopsida
        • stamme moassen of blêdmoassen (Bryophyta)
          • klasse Andreaeaobryopsida
          • klasse Andreaeopsida
          • klasse Bryopsida
          • klasse Buxbaumiopsida
          • klasse Polytrichopsida
          • klasse Sphagnopsida
          • klasse Takakiopsida
          • klasse Tetraphidopsida
        • boppestamme faskulêre planten (Tracheophyta)
          • stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
            • boppeklasse fearplanten (Monilophyta)
            • boppeklasse Trimerophytophyta
            • rangleas takson ranke planten (Lignophyta)
              • boppeklasse Progymnospermophyta
              • boppeklasse siedplanten (Spermatophyta)
                • klasse bedutsensieddigen, deksieddigen of blomplanten (Angiospermae, foarh. Antophyta)
                  • skift amborella-eftigen (Amborellales)
                  • skift austrobaileya-eftigen (Austrobaileyales)
                  • skift swanneblomeftigen (Nymphaeales)
                  • ynformele groep echte bedutsensieddigen (Mesangiospermae)
                    • skift gloranteftigen (Chloranthales)
                    • ûnderklasse manjoliïden (Magnoliidae)
                    • klasse hoarnblêdplanten (Ceratophyllales)
                    • ynformele groep iensiedblêdigen (Ingelsk: monocots)
                    • ynformele groep twasiedblêdigen (Ingelsk: eudicots)
                • ynformele groep neakensieddigen of bleatsieddigen (Gymnospermae)
                  • klasse ginkgo-eftigen (Ginkgophyta)
                  • klasse gnetofiten (Gnetophyta)
                  • klasse konifearen (Pinophyta)
                  • klasse palmfearren (Cycadophyta)
          • stamme Rhyniophyta
          • stamme wolvepoaten en ruskfearren (Lycopodiophyta)
            • klasse wolvepoaten (Lycopodiopsida)
            • klasse ruskfearren (Isoetopsida)
          • stamme Zosterophyllophyta
  • Sjoch ek

    Boarnen, noaten en referinsjes

    Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


    Tags:

    Planten OmskriuwingPlanten Taksonomyske yndielingPlanten De rol fan plantenPlanten Klassifikaasje fan plantenPlanten Sjoch ekPlantenBaktearjesBiologyBistenDomein (taksonomy)LatynOrganismePlantkundeRyk (taksonomy)SkimmelsTaksonomy

    🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

    Albertina SoepboerTongerblomArmie FieldPersia PeleBedriging (misdriuw)Skaai (taksonomy)OentsjerkArwen GoldJasmine BlackLatynDiezerpoartePersoanlike kompjûterSensual JaneÛndersoarteFilipinenFeriene SteatenNatoerAssenDoede VeemanMustafa Kemal AtatürkGeert van TuinenSúd-AfrikaTer AardWrâldkampioenskip fuotbalKompjûterprogrammaZevenhuizen (Westerkertier)Noardfrysk1 jannewaris1780Nicole OringJureka del MarNegevJacht (aktiviteit)Jongfryske MienskipAustraalje (lân)NeakenensGeslachtsmienskipYnternet24 julyNikki AndersonWikipedyAld StoutenburchGrutte Oseaan8 junyYvette BovaFêsteljûn4 aprilGriisbealchiikhoarntsjeSkilderijWesterlauwerske FriezenFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Erotyk1977Feneesje (stêd)Jan Hepkes WoudaHertpuzelTechnologyTamboraNeakenmodelAlbertus Samuel Carpentier AltingAnne Tjerk PopkemaHeather LeeKryptogramJulianna VegaUnbreakable (film)OarlochsmisdieTony van der MeulenLexxxi LockhartSeptember ReignBudgetSkamte (anatomy)Mirka Antolović-TipurićMinnie Beets🡆 More